Springe nei ynhâld

De Seis Swannen

Ut Wikipedy
De Seis Swannen
algemiene gegevens
oarspr. titel Die Sechs Schwäne
auteur bruorren Grimm
taal Dútsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1812, Berlyn
oarspr. útjwr. Realschulbuchhandlung
bondel Kinder- und Hausmärchen

De Seis Swannen, yn it oarspronklike Dútsk: Die Sechs Schwäne, is in mearke dat yn 1812 optekene waard troch de bruorren Grimm, as ferhaal nûmer 49 fan harren samling Kinder- und Hausmärchen. It fertelt it ferhaal fan seis bruorren dy't yn fûgels feroare wurde, en fan harren suster dy't in drege taak folbringe moat om harren te rêden. Oare, nau besibbe ferhalen fan dit type binne û.m. De Sân Ravens, de De Tolve Wylde Einen en Udea en har Sân Bruorren. De roman Daughter of the Forest, fan 'e Nijseelânske fantasy-auteur Juliet Marillier, is in werfertelling fan De Seis Swannen, dêr't de skriuwster har eigen draai oan jûn hat.

Die sechs Schwäne, in yllustraasje fan Heinrich Vogeler.

Seis bruorren út it earste houlik fan in kening wurde yn swannen feroare troch harren styfmem. Hja kinne eltse jûn inkeld in kertier har wiere foarm wer oannimme. Om 'e betsjoening te ferbrekken, moat harren suster Elsa fan brânnettels seis baitsjes foar harren weevje, en ek mei se sân jier lang gjin wurd sizze, oars sil de betsjoening nea mear ferbrutsen wurde kinne.

De kening fan in oar lân ûntdekt Elsa wylst se de baitsjes oan it weevjen is. Fanwegen har skientme wurdt er fereale op har en nimt er har mei werom nei hûs om mei har te trouwen. Sa makket er Elsa, tsjin 'e wil fan syn eigen mem, ta syn keninginne. As Elsa har earste bern te wrâld bringt, wurdt dat ûntfierd troch de keninginne-mem, dy't dêrop Elsa beskuldiget fan moard op 'e poppe. Om't se neat sizze kin, is it har ûnmooglik om har tsjin 'e beskuldiging te ferdigenjen, en sadwaande wurdt se as hekse feroardiele ta de brânsteapel.

Op 'e dei fan har eksekúsje hat se de baitsjes foar har bruorren fierhinne ôf, hoewol't yn guon ferzjes fan it ferhaal oan it sechsde baitsje noch in mouwe ûntbrekt. As se nei de brânsteapel laat wurdt, nimt se de baitsjes mei. Krekt foar't se fêstbûn wurdt, binne de sân jier om en kin se har bruorren roppe om harren de baitsjes om te smiten, sadat se harren minsklike foarm weromkrije. No't Elsa wer prate kin, wjersprekt se de beskuldigings fan har skoanmem, dy't dêrop twongen wurdt om 'e poppe fan it sideplak te heljen dêr't se him ferburgen hie. Neitiid makket it minske har sa lulk dat se it bestjert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.