Springe nei ynhâld

Heir to Sevenwaters

Ut Wikipedy
Heir to Sevenwaters
algemiene gegevens
auteur Juliet Marillier
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008, Sydney
oarspr. útjwr. Pan Macmillan
rige
rige Sevenwaters-searje
● foarich diel Child of the Prophecy
● folgjend diel Seer of Sevenwaters
kodearring
ISBN 978-0 33 04 25 131

Heir to Sevenwaters is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier, dy't ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy heart. De titel betsjut: "Erfgenamt fan Sevenwaters". It boek fertelt it ferhaal fan 'e jongfaam Clodagh, dy't yn it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen behelle rekket yn 'e yntriizjes fan mytyske wêzens fan 'e Keltyske Oare Wrâld. Heir to Sevenwaters is it fjirde diel fan 'e Sevenwaters-searje, en folget as sadanich op 'e Sevenwaters-trilogy, wêryn't oare leden fan it skaai fan Sevenwaters de haadrol spilen. Heir to Sevenwaters waard yn 2008 publisearre troch de Australyske difyzje fan útjouwerij Pan Macmillan. It boek waard yn 2009 yn it Nederlânsk oerset troch Maren Mostert en ûnder de titel Erfgenaam van Zeven Wateren publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.

Clodagh (útspr.: "kloda") is de dochter fan Sean fan Sevenwaters, in ealman út it Ierlân fan de Iere Midsiuwen. As har twillingsuster Deirdre trouwe sil, arrivearret har neef Johnny foar de festiviteiten beselskippe troch in stikmannich fan syn kriichslju. Ien dêrfan is de kreaze Aidan, dy't Clodagh earder met hat en op wa't se fereale is, mar diskear is Aidan syn pleechbroer en freon Cathal ek oanwêzich, dy't se net ken. Dat blykt in tige ûnfatsoenlik hearskip te wêzen, dy't de lju om him hinne oates en toates mislediget en syn pleechbroer dêrmei oanhâldend yn ferlegenheid bringt.

Clodagh hat lykwols oare problemen, want behalven dat har twillingsuster Deirdre, mei wa't se in tige neie bân hat, nei de brulloft fuort sil om har op it kastiel fan har brêgeman Illann te fêstigjen, is harren mem Aisling yn har middeljierren nochris swier rekke. It is in drege dracht, dy't Aisling har sûnens ûntnimt en har úteinlik oan it bêd bynt. Eltsenien hâldt syn hert fêst foar de befalling, mei't freze wurdt foar it libben fan sawol mem as poppe. Wylst Clodagh yn 'e snuorje ûnder en fuort nei de houliksfestiviteiten yn har memme stee tafersjoch hâldt op 'e húshâlding fan Sevenwaters, komt se mear oan 'e weet oer Aidan en Cathal. Net ien fan beiden is alhiel wat er liket; wylst Aidan in jaloerske, dûnkere kant blykt te hawwen, is Cathal mear as inkeld in robbejonker. Clodagh fynt út dat Cathal de soan is fan in earme waskfrou út in doarp oan 'e westkust fan Ierlân, dy't harsels ferdronken hat doe't er sân jier wie. Wa't syn heit is wit er net, allinne dat dy syn mem sitte litten hat doe't hja swier rekke.

As Aisling einlings it libben skinkt oan har poppe, blykt dat in jonkje te wêzen, dat Finbar neamd wurdt, nei in âldomke fan Clodagh. Eltsenien is opluchte om't sawol mem as bern it goed meitsje, oant de nijberne poppe ynienen ferdwynt as Clodagh him op 'e noed hat. Dat bart yn in fraksje fan in sekonde, wylst Clodagh in momint lang ôflaat wurdt troch in ôfskiedstút dy't Cathal fan har stelt. Hy hat nammentlik om in mysterieuze reden besletten dat it better foar eltsenien is as er Sevenwaters ferlit, en nei syn ôfskie fan Clodagh foeget er daliks de die by it wurd. Underwilens is Clodagh alhiel oeral om't Finbar wei is. Hja begrypt daliks dat er troch de elven meinomd is, want yn syn plak is in wikselbern efterlitten dat bestiet út tûkjes, bledsjes en stientsjes.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It docht lykwols bliken dat Clodagh de iennichste is dy't sjen kin dat it wikselbern libbet; de rest fan har famylje sjocht der neat oars yn as in ûnkundich makke pop. Har heit Sean is fan betinken dat syn jonge soan ûntfierd is troch ien fan 'e rivalisearjende eallju út Ulster, en dat de pop dy't yn 'e widze efterlitten is, in foarm fan gekoanstekkerij is. Hy jout boppedat Clodagh de skuld fan 'e ûntfiering om't dy plakfûn hat wylst sy om 'e poppe tinke moatten hie, en fierders fertinkt er Cathal fan mandéligens om't dy har op in krúsjaal stuit ôflaat hat. Clodagh sels rekket der lykwols fan oertsjûge dat it lot fan it wikselbern krúslings ferbûn is mei dat fan Finbar; as it wikselbern stjert, sil Finbar syn ûntfiering ek net oerlibje.

Sadwaande stelt se it wikselbern út 'e ôfsletten bernekeamer en set moarnsier ôf troch it wâld fan Sevenwaters om in poarte nei de Oare Wrâld te sykjen, mei as doel om it wikselbern werom te bringen en Finbar te mei te krijen. Underweis treft se Cathal, dy't neisitten wurdt troch de mannen fan har heit, en dy't har tsjin alle ferwachtings yn nei sa'n poarte ta liedt. Hy beselskippet har ek nei de Oare Wrâld, dêr't se mei help fan 'e boppenatuerlike Fomoaren, fan wa't it skaai fan Sevenwaters ôfstammet, in paad fine nei it hof fan Mac Dara, in foarst fan 'e Tuatha Dé Danann, dy't no oer de Oare Wrâld hearsket. Dêr komt oan it ljocht dat Mac Dara de heit fan Cathal is, en dat de hiele ûntfiering fan Finbar en alle omballingen dêromhinne inkeld wiene om Cathal nei de Oare Wrâld ta te lokjen.

Mac Dara wol Finbar wol weromjaan, mar net yn ruil foar it wikselbern, mar yn ruil foar syn eigen soan. Clodagh, dy't ûnderwilens slim fereale rekke is op Cathal, wegeret dêroan mei te wurkjen. Dêrop smyt Mac Dara it wikselbern, dat Clodagh al dy dagen sa trou fersoarge hat, yn it hurdfjoer. Cathal komt op har gjalpen ôf, krekt sa't Mac Dara ferwachte hie, en rekket bestrûpt yn syn heite betsjoening. Neitiid wit Clodagh mei help fan 'e Fomoaren it ferbaarnde en deade wikselbern te reparearjen mei nije twigen en blêdguod, wêrnei't se it nij libben ynblaasd mei har eigen siken. As se it wikselbern weromjûn hat oan syn eigen mem, fan wa't Mac Dara it stellen hie, keart se werom nei Sevenwaters om har broer Finbar thús te bringen.

Se giet lykwols net nei hûs ta, mar jout de poppe ôf by de druïden dy't yn it wâld fan Sevenwaters omhúsmanje. Har âldomke Ciarán, dy't ien fan 'e druïden is, helpt har om har ta te rieden op har weromkear nei de Oare Wrâld. Mei syn raven Fiacha as gids set Clodagh wer ôf. Se wit Cathal te finen en tegearre flechtsje se fuort foar Mac Dara. Dyselde set harren efternei en komt harren oer it mad op in plak dêr't in trochgong fan 'e Oare Wrâld nei Sevenwaters is. Mar mei help fan 'e Fomoaren en it beamfolk, dêr't it wikselbern en syn mem ta hearre, witte Clodagh en Cathal syn betsjoening te ferbrekken en oan him te ûntkommen. Neitiid trouwe Clodagh en Cathal en ferfarre se nei Inis Eala, in eilân foar de noardkust fan Ierlân en it wenplak fan Clodagh har neef Johnny, dêr't Mac Dara harren net berikke kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

de Sevenwaters-searje
Sevenwaters-trilogy (Daughter of the Forest • Son of the Shadows • Child of the Prophecy) | Heir to Sevenwaters | Seer of Sevenwaters | Twixt Firelight and Water (koart ferhaal) | Flame of Sevenwaters