Command Decision (roman fan Elizabeth Moon)

Ut Wikipedy
Command Decision
algemiene gegevens
auteur Elizabeth Moon
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2007, New York/Londen
oarspr. útjwr. Del Rey / Orbit Books
rige
rige Vatta's War
● foarich diel Engaging the Enemy
● folgjend diel Victory Conditions
kodearring
ISBN 0 34 54 91 599

Command Decision is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel lit him net maklik oersette, mar betsjut safolle as: "Beslissing fan Dejinge dy't it Befel Fiert". It boek spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat, en fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, en har aventoeren as har famylje it doelwyt wurdt fan ûnmeilydsume oanfallen troch piraten. Engaging the Enemy is it fjirde diel fan 'e Vatta's War-searje, dy't út fiif dielen bestiet, en is as sadanich it ferfolch op Engaging the Enemy. It waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books en it Londenske Orbit Books.

Wat foarôf gie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ky Vatta is in telch út 'e Vatta-famylje fan 'e planeet Slotter Key, bekend fan harren bedriuw Vatta Enterprises, in grutte ynterstellêre ferfiersûndernimming. As aparteling binnen de famylje hie se in militêre oplieding folge oan 'e militêre akademy fan Slotter Key, ear't se troch omstannichheden dochs by it famyljebedriuw kaam. Grut wie har ferheardens doe't se it slachtoffer waard fan ferskate (mislearre) moardoanslaggen. Letter ûntdiek se dat Vatta Enterprises en de Vatta-famylje oeral it doelwyt wurden wiene fan lyksoartige oanfallen, wêrby't har âlden, har bruorren en in grut part fan 'e rest fan har famylje omkommen wie.

Dêrfoar bliek in grut ferbûn fan piraten ferantwurdlik te wêzen, wêrfan't de leden út lieken te wêzen op 'e oerhearsking fan 'e hiele troch minsken kolonisearre romte. Dat woene se berikke troch it behearskjen fan 'e ynterstellêre hannel en kommunikaasje. Om in ôfskrikwekjend foarbyld foar de oare keapfarders te stellen oer wat der barre koe as dy it tsjin 'e piraten yn 'e kant setten, wie Vatta Enterprises útkeazen. Dat wie dien op oanstean fan 'e piraat Osman Vatta, it swarte skiep fan 'e Vatta's, dy't jierren lyn troch Ky har heit en omke út 'e famylje set wie en dêrfoar op wraak sinde.

Om 'e ynterstellêre kommunikaasje yn 'e hannen te krijen moasten de piraten fierders ek de ûndernimming InterStellar Communications (ISC), dat dêr it monopoalje op hie, op 'e knibbels krije. Sadwaande waard de ynfrastruktuer fan ISC ek doelwyt fan harren oanfallen, wat Ky in bûnsgenoat opsmiet: Rafe Dunbarger, de as klandestyn agint foar ISC operearjende soan fan 'e algemien direkteur fan dat bedriuw. Doe't de Gary Tobai, Ky har âlde keapfardijskip, troch Osman Vatta sels oanfallen waard, wist Ky troch har eigen fernimstigens en de help fan Rafe en har bemanning Osman syn skip, de Fair Kaleen, bûten gefjocht te stellen, wêrnei't se yn in man-tsjin-mangefjocht Osman deade.

Wylst har nicht Stella de lieding oer de restanten fan Vatta Enterprises oernaam, besocht Ky neitiid in ferbûn fan kapers op te setten, dêr't se de piraten mei ferslaan woe. (Kapers binne partikuliere bewapene romteskippen dy't har ûnderskiede fan piraten trochdat de kaptein bejeftige is mei in kaperbrief, in offisjeel dokumint dat steld dat hy en syn skip yn opdracht fan in ynternasjonaal erkend regear hannelje.) Ky wie sels, troch tadwaan fan Anders MacRobert, har âlde sersjant-ynstrukteur oan 'e Militêre Akademy, ek bejeftige mei sa'n kaperbrief. It wie lykwols dreech om 'e kapers, dy't wend wiene om selsstannich te operearjen, te bewegen om gear te wurkjen. Boppedat krige Ky te meitsjen mei it wantrouwen fan ferskate regearings. Underwilens wist op Ky har thúsplaneet Slotter Key har âldmuoike Grace Lane Vatta, yn 'e mande mei sersjant MacRobert, dy't foar de militêre ynljochtingetsjinst fan Slotter Key bliek te wurkjen, ôf te weven mei de ferrieders yn it regear fan Slotter Key, wêrûnder de presidint sels.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Command Decision begjint as Rafe Dunbarger nei syn gearwurking mei Ky Vatta ynkognito ûnder de namme Genson Ratanvi weromkeard nei syn thúsplaneet Nexus II. Hy hat jierrenlang as klandestyn agint foar syn heite bedriuw InterStellar Communications (ISC) wurksum west, mar no hat er al in heal jier neat fan syn heit heard en hy freget him ôf wat der oan 'e hân wêze kin. Op Nexus II oankommen, treft er syn âldershûs ferlitten oan, en as er tige hoeden wat ynljochtings besiket yn te winnen, wurdt Genson Ratanvi daliks ûnder observaasje pleatst fan lju dy't him, nei't se miene sûnder dat er der erch yn hat, oeral folgje dêr't er giet.

Nei lange omswalkings en moetings mei ferskate kontaktpersoanen út syn ferline, ûntdekt Rafe wat der bard is: syn âlden en syn suster Penelope binne ûntfierd en wurde fêstholden yn opdracht fan Lew Parmina, de twadde man fan ISC, dy't syn Rafe syn heit opfolgje sillen hie. Rafe begrypt net wêrom't Parmina soks dwaan soe as er allinnich mar geduld hoegde te hawwen om úteinlik it bewâld oer ISC taparte te krijen, oant er ûntdekt dat Parmina temûk jild fuortslûsd hat en konneksjes mei de piraten hat, wat betsjut dat hy nei alle gedachten ek ferantwurdlik is foar de wiidfersprate sabotaazje oan 'e ansibles, de apparaten fan ISC dy't ynterstellêre kommunikaasje mooglik meitsje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Rafe nimt kontakt op mei Gary Marrin, mei wa't er yn syn jonkheid op deselde kostskoalle sitten hat. Gary runt no in bedriuw dat spesjalisearre is yn it befrijen fan gizelders. Nei't Rafe syn âlden en suster befrijd binne, docht bliken dat Parmina syn trewanten syn heit ûnder syn finzenskip slim tramtearre hawwe om ynformaasje los te krijen. Syn heite holle-ymplantaat moat derút en de âldman moat operearre wurde oan 'e harsens en sil foar langere tiid út 'e running wêze. Op oanstean fan syn heit lit Rafe himsels dan beneame ta waarnimmend algemien direkteur fan ISC.

Underwilens hat de jonge Toby Vatta, de iennichste oerlibbene fan in Vatta-skip dat troch de piraten opblaasd is, him mei Stella Vatta op 'e planeet Cascadia fêstige, yn 'e Moscoe Konfederaasje. Dêr docht bliken dat er in technysk sjeny is as er yn syn frije tiid de ansible fan ISC sa oanpast dat dy oan board fan romteskippen brûkt wurde kin. Op Slotter Key, de thúsplaneet fan 'e Vatta-famylje, is no in nij regear oan 'e macht. Presidint Erran Kostanyan hat Ky har formidabele âldmuoike Grace Lane Vatta útnûge om ûnderminister fan Definsje te wurden. Binnen trije dagen nei har oantreden moat de minister fan Definsje opstappe fanwegen syn oan it ljocht kommen belutsenens by de ûntalitbere praktiken fan it âlde regear, wêrnei't Grace syn post oernimt.

Ky sels hat no in float fan trije romteskippen: har eigen Vanguard, de Sharra's Gift fan kaptein Argelos en de Bassoon fan kaptein Pettigrew. As se om nije foarrieden yn te slaan by de planeet Gretna oankomme, wurdt har dêr alles wat se hawwe wolle foar in hege priis ferkocht. As se fuortsille, wurde se lykwols troch de Gretniërs oanfallen, mei de bedoeling om alle ferkochte waar wer werom te stellen. It docht bliken dat se soks al ferskate kearen dien hawwe, wêrnei't se de ferovere skippen oerdien hawwe oan 'e piraten, wylst de bemanningen as slaaf ferkocht binne. As se Ky Vatta te pakken nimme wolle, begeane se lykwols in grutte flater. Se weeft al rillegau ôf mei de Gretniërs dy't har skip binnenkrongen binne, en nimt dan wraak troch alle bewapening fan it romtestasjon fan Gretna stikken te sjitten.

Nei't Ky en har float in skip mei flechtlingen fan 'e troch piraten oerweldige planeet Polson nei de Adelaide Groep ta eskortearre hawwe, fynt Ky dêr foar it earst in lústerjend ear by in regear. De Adelaide Groep is net ryk, mar se jouwe Ky in transportskip en foarrieden. Teffens treft Ky dêre in groep aventoerslju ûnder lieding fan 'e garismatyske en kleurrike Theodore Albert Driscoll Ransome. Dat binne piratejagers (yn harren romantyske faze) dy't harsels Ransome's Rangers neame en operearje yn trije lichtbewapene, mar tige flugge lytse skipkes. Ransome wol him graach by Ky oanslute, en is net te beroerd om frijwat jild yn 'e oankeap fan munysje foar Ky har trije skippen te ynvestearjen (behalven romantysk blykt er ek smoarryk te wêzen). Ky beslút har float de Romte Ferdigenings Macht te neamen.

As Ky har float meinimt nei in ûnbewenne planetestelsel om dêr oefenings te hâlden, blykt dêr in romteslach oan 'e gong te wêzen. Twa skippen fan 'e Mackensee Military Assistance Corporation (MMAC), in bedriuw dat de tsjinsten fan hierlingen fersoarget, wiene dêr ek oefenings oan it hâlden, doe't se troch seis pirateskippen oanfallen waarden. Ky, dy't earder al ferskate kearen gedoente hân hat mei de MMAC, en dêr goede oantinkens oan hat, ynterverniëarret mei har Romte Ferdigenings Macht yn it gefjocht oan 'e kant fan 'e MMAC. De piraten reitsje ferskate skippen kwyt en pike dan gau út. It iene oerbleaune skip fan 'e MMAC is sa skansearre dat it net mear flugger-as-ljochtreizgje kin. Ky seit ta om yn it planetestelsel te bliuwen oant der fersterking fan 'e MMAC arrivearje sil, yn 'e foarm fan oare skippen dy't oan 'e MMAC-oefening meidwaan soene.

Wylst dêrop wachte wurdt, lit Ky de sabotearre ansible yn it planetestelsel reparearje. Dat wurdt daliks opmurken by ISC, dêr't de standertreäksje op soks is om 'e eigen militêre skippen út te stjoeren, om't omprutsen mei eigendommen fan ISC net tastien wurdt. Rafe, tsjin dy tiid algemien direkteur fan ISC, ûntdekt te let wat der geande is, en kin de skippen net mear weromroppe om't dy ûnberikber binne salang't se har yn 'e hyperromte befine. Hy nimt dêrom kontakt op mei Ky om har te warskôgjen, mar dy wegeret om it planetestelsel te ferlitten mei't se it oerbleaune MMAC-skip net warleas efterlitte kin. Uteinlik arrivearrje de skippen fan ISC hast tagelyk yn it planetestelsel mei in nije float fan de piraten en de fersterkings fan 'e MMAC. Yn de dan folgjende slach wurdt ISC oanfallen troch de piraten, en blykt de min ûnderholden, min befoarriede en min treende bedriuwsfloat net mear as in papierren tiger te wêzen, dy't de piraten sûnder folle ynspanning folslein ferneatigje kinnen hiene as de MMAC en Ky har Romte Ferdigenings Macht har net oan 'e kant fan ISC yn 'e striid mongen hiene. Dêrtroch kinne de piraten úteinlik ferdreaun wurde.

Neitiid giet Ky yn op in útnûging om it haadkertier fan 'e MMAC te besykjen om't se hopet de stipe fan 'e hierlingen foar har float te krijen. Mar hoewol't de MMAC har by wize fan tank foar har help wol kosteleas fan nije munysje foarsjocht, wurdt har dúdlik makke dat de MMAC allinnich wurket foar oerheden en oare fêstige organisaasjes, en dat har Romte Ferdigenings Macht te lyts is om dêrfoar yn oanmerking te kommen. Arlen Becker, de algemien direkteur fan 'e MMAC, besiket taktfol oer te bringen dat it mei har dream fan in ynterstellêre marine nea wat wurde kin. Ynstee dat de MMAC har stipe oanbiedt, kriget Ky it oanbod om har Romte Ferdigenings Macht yn syn gehiel opgean te litten yn 'e MMAC. Dat is in oanloklik oanbod, en Ky wifket inkele dagen tusken ja en nee, mar úteinlik beslút dêr dochs fan ôf te sjen, om't se eigen baas bliuwe wol. Se komt lykwols oan alle kanten jild en materieel tekoart, dat hoe't it fierder moat mei de Romte Ferdigenings Macht, wit se net. Krekt op dat stuit nimt Stella kontakt mei har op: oft Ky sa fluch mooglik nei de Moscoe Konfederaasje ta komme wol. Want âldmuoike Grace hat alle kapers dy't ûnder de flagge fan Slotter Key operearje, oardere om nei Cascadia ta te gean en harren ûnder Ky har befel te pleatsen. Der binne al 37 kaperskippen arrivearre, en de Moscoe Konfederaasje is fan doel ek skippen oan har float by te dragen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Moon, Elizabeth, Command Decision, New York/Londen, 2007 (Del Rey Books/Orbit Books), ISBN 0 34 54 91 599.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Vatta's War
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions
Vatta's Peace
Cold Welcome • Into the Fire