Yn Vatta's Peace ferfettet Elizabeth Moon har ferhaal oer de aventoeren fan Kylara "Ky" Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan romtekeapfarders fan 'e planeet Slotter Key. Nei in drege oarloch hie Ky yn Victory Conditions, it lêste diel fan Vatta's War, einlings ôfweefd mei it ferbûn fan piraten dat ferantwurdlik wie foar it útmoardzjen fan har famylje. Se soe no as in oarlochsheldinne nei har thúswrâld weromkeare moatte, mar dêr oankommen stoart har romtefear troch sabotaazje del op in ûnherberchsum en dreech berikber diel fan 'e planeet. Dan docht bliken dat noch net al Ky har fijannen dea binne.
Stella Maria Celeste Vatta Constantin, Ky har nicht, de algemien direktrise fan Vatta Enterprises
Grace Lane Vatta, Ky har âldmuoike, de minister fan Definsje fan Slotter Key
Helen Stamarkos Vatta, Ky har muoike en Stella har mem
Rafael "Rafe" Dunbarger, de algemien direkteur fan InterStellar Communications en Ky har frijer
Penelope Dunbarger, Rafe syn suster, dy't risselwearret om 'e post fan algemien direkteur fan ISC fan him oer te nimmen
Allie Barash, in korporaal yn it leger fan Slotter Key
Armand Esteban Burleson, de kommandant fan 'e militêre akademy fan Slotter Key
Benazir Inyatta, in korporaa] yn it leger fan Slotter Key
Durga Kamat, in korporaal yn it leger fan Slotter Key
Iskin Kvannis, kommandant fan 'e militêre akademy fan Slotter Key as opfolger fan Burleson, en de lieder fan 'e gearspanning mank de striidkrêften fan Slotter Key
Anders MacRobert, sersjant b.tsj. fan 'e romtemacht fan Slotter Key, no haad befeiliging fan 'e minister fan Definsje