Cold Welcome

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Cold Welcome
auteur Elizabeth Moon
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2017, New York/Londen
oarspr. útjwr. Del Rey / Orbit Books
rige Vatta's Peace
● foarich diel Victory Conditions
● folgjend diel Into the Fire
ISBN 978-0 35 65 06 289

Cold Welcome is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel betsjut: "In Kâld Wolkom". It boek spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat, en fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, dy't it brocht hat ta admiraal fan in ynterstellêre marine. Cold Welcome is it earste diel fan 'e Vatta's Peace-searje, dy't in fuortsetting is fan Moon har eardere Vatta's War-rige. Cold Welcome folget yn 'e gronology fan dy beide searjes sadwaande op 'e roman Victory Conditions. Cold Welcome waard yn 2017 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books en it Londenske Orbit Books.

Wat foarôf gie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ky Vatta is in telch út 'e Vatta-famylje fan 'e planeet Slotter Key, bekend fan harren bedriuw Vatta Enterprises, in grutte ynterstellêre ferfiersûndernimming. As aparteling binnen de famylje hie se in militêre oplieding folge oan 'e militêre akademy fan Slotter Key, ear't se troch omstannichheden dochs by it famyljebedriuw kaam. Koarte tiid letter waard Vatta Enterprises it slachtoffer fan ûnmeilydsume oanfallen dêr't Ky har âlden, har bruorren en in grut part fan 'e rest fan har famylje by omkamen. Dêrfoar bliek in grut ferbûn fan piraten ferantwurdlik te wêzen, wêrfan't de leden út lieken te wêzen op 'e oerhearsking fan 'e hiele troch minsken kolonisearre romte. Dat woene se berikke troch it behearskjen fan 'e ynterstellêre hannel en kommunikaasje. Om in ôfskrikwekjend foarbyld foar de oare keapfarders te stellen oer wat der barre koe as dy it tsjin 'e piraten yn 'e kant setten, wie Vatta Enterprises útkeazen. Dat wie dien op oanstean fan 'e piraat Osman Vatta, it swarte skiep fan 'e Vatta's, dy't jierren lyn troch Ky har heit en omke út 'e famylje set wie en dêrfoar op wraak sinde.

Ky wie wisberet om 'e piraten foargoed út te skeakeljen, en fûn dêrfoar al rillegau bûnsgenoaten wêrmei't se in eigen float foarme, dy't de namme fan 'e Romte Ferdigenings Macht krige. Hja waard yn har krewearjen stipe troch har nicht Stella Vatta, in fernimstige sakefrou dy't Vatta Enterprises fan 'e grûn ôf op 'e nij opboude; har âldmuoike Grace Lane Vatta, in feteraan út 'e boargeroarloch fan Slotter Key dy't it opnaam tsjin 'e ferrieders yn it eigen regear en úteinlik yn in nij regear beneamd waard ta minister fan Definsje; en Rafe Dunbarger, de soan fan 'e algemien direkteur fan InterStellar Communications, it bedriuw dat it monopoalje op ynterstellêre kommunikaasje fia de ansible-apparaten hie. Rafe waard de opfolger fan syn heit, en nei't Ky yn in grutte romteslach mei de piraten ôfweefd hie, krigen hy en sy in relaasje.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cold Welcome begjint in pear jier nei de foarfallen dy't beskreaun waarden yn Victory Conditions. Ky Vatta is no admiraal en stiet oan it haad fan 'e ynterstellêre Romte Ferdigenings Macht, dy't mar selden mear tsjin piraterij yn aksje hoecht te kommen. As se weromroppen wurdt nei Slotter Key, om't har stim nedich is op in gearkomste fan oandielhâlders fan Vatta Enterprises, stoart har romtefear troch sabotaazje del yn 'e Súdlike Iissee fan Slotter Key. De oerlibbingspakken fan alle ofsieren oan board binne ek sabotearre en foarsjoen fan ynjeksjenullen dy't gif yn 'e hals ynjektearje. Ky en har adjudante Jen Bentik, dy't har eigen oerlibbingspakken fan 'e Romte Ferdigenings Macht droegen, binne sadwaande de iennichste ofsieren dy't de needlâning fan it romtefear yn 'e see oerlibje. Troch har rislutens en fernimstigens wit Ky de oare 21 ynsittenden fan it romtefear yn libben te hâlden wylst se yn opblaasbere rêdingsflotten op 'e poalsee omdôberje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Uteinlik witte se lân te berikken op 'e súdlike kust fan Mixland, it meast súdlike en folslein ûnbewenne kontinint fan Slotter Key. Dêr ferliest Ky twa man dy't temûk in fisk fange, foar harsels hâlde en opite, dy't giftich blykt te wêzen. Mixland, sa hawwe alle skoalbern op Slotter Key leard, is in plak dêr't de terrafoarming mislearre is. It is ien grutte keal rots, dêr't neat libbet en nimmen ek mar eat te sykjen hat. Dêrby hat it kontinint in nuvere magnetyske útwurking dy't it gebrûk fan kommunikaasje-apparatuer ûnmooglik makket. As Ky-en-dy by de kust wei tsjogge, om't de see troch de ynfallende winter oan it befriezen is en se gjin hope hawwe om it winterhealjier op it keale strân te oerlibjen, docht lykwols al rillegau bliken dat der wol deeglik libben op Mixland is. Se sjogge in keppel harteftige bisten, en letter ferskate wêzens dêr't Ky gjin namme foar hat (mar dat dúdlik mammoeten, in iisbear en in hoalebear binne). In noch gruttere ferrassing is de oanwêzigens fan in pear ôfsletten gebouwen by in lâningsbaan, dy't se net fier fan 'e kust oantreffe. As se de gebouwen iepenbrekke, fine se genôch iten, drinken, klean en oare foarrieden om it oant de maityd úthâlde te kinnen, en teffens de yngong fan in foar it winterhealjier ferlitten, ûndergrûnske legerbasis.

Underwilens smyt de sykaksje nei it delstoarten romtefear neat oars op as wat brokstikken dy't yn 'e see omdriuwe. Minister fan Definsje Grace Lane Vatta is lykwols net ree om op te jaan, en tegearre mei har haad befeiliging en minner, sersjant bûten tsjinst Anders MacRobert, graaft se troch oant se derfan oertsjûge rekket dat de sabotaazje fan it romtefear it wurk is fan in gearspanning fan ofsieren fan 'e striidkrêften fan Slotter Key mei eleminten út 'e ûnderwrâld en de famylje fan 'e eardere presidint, dy't mei-ferantwurdlik wie foar de oanfallen op Vatta Enterprises.

Op Nexus II hat Ky har frijer Rafe Dunbarger ûnderwilens syn funksje as algemien direkteur fan it kommunikaasjebedriuw ISC oerdroegen oan syn suster Penelope. Dêrnei reizget er ynkognito nei Slotter Key yn it selskip fan in Edvard Simeon Teague (net syn wiere namme), in man mei alderhanne nuttige feardichheden dy't Nexus II foar syn eigen sûnens in skoftke ferlitte moat. Rafe is de iennichste persoan yn it hielal dy't der wis fan is dat Ky noch libbet, om't er in tige geheim eksperiminteel ansible-ymplantaat yn 'e harsens mei har dielt. Hoewol't er noch gjin kontakt mei har krije kinnen hat (om't dêrfoar in útwindige boarne fan elektrisiteit nedich is dy't sy net hie), hat er fêststelle kind dat har apparaat yn prinsipe noch wurket, wat net sa wêze soe as se dea wie.

Yn 'e geheime militêre basis op Mixland kin Ky einlings kontakt opnimme mei Rafe en trochjaan wêr't sy en de oare oerlibbenen binne. Om't tsjin dy tiid de winter op Mixland ynfallen is, mei sok min waar dat har lokaasje ûnberikber is foar fleantugen, kinne se lykwols net daliks rêden wurde. Underwilens hawwe de lju dy't al iuwenlang (sa docht bliken út de lochboeken fan 'e basiskommandanten dy't Ky fynt) de basis en de wiere status fan Mixland geheim holden hawwe, ûntdutsen dat Ky-en-dy de legerbasis binnenkrongen binne. Om't se net witte kinne dat Ky mei Rafe en fia him mei har âldmuoike Grace yn kontakt stiet, stelle se prikken yn it wurk en bring troepen gear om sadree't it waar opklearret de ynkringers yn 'e basis mei geweld út 'e wei te romjen.

Underwilens ûntdekt Ky dat se in ferrieder yn har eigen groep hat. As se útfigelearre hat wa't dat is, sjit se dyjinge, in sersjant Ildan Marek, yn in fjoergefjocht dea. Yn datselde gefjocht komt Ky har folslein ûnbehelpsume (en ûnbehelplike) adjudante Jen Bentik troch in ferdwaalde kûgel om it libben. Neitiid ûntdekke Ky en de restearjende santjin oerlibbenen in geheime trochgong djip ûnder de grûn, dy't liedt nei in diel fan 'e basis dat dúdlik net troch minsken makke is, mei gongen dy't har hûnderten kilometers fier yn ferskate rjochtings ûnder it oerflak fan Mixland útstrekke. Ky begrypt dan dat de hiele basis troch bûtenierdske wêzens oanlein wêze moat, en al bestie doe't de earste minsken har 500 jier lyn op Slotter Key nei wenjen setten. It liket hast ûnmooglik dat it bestean fan 'e basis sa lang geheim holden is, mar dochs moat it sa wêze.

Tsjin dy tiid is it slimste fan 'e winter foarby en is der better waar yn oantocht. Grace, MacRobert, Rafe en Teague, dy't it tsjin 'e gearspanning besykje op te nimmen sûnder blike te litten hoefolle oft se al witte, binne oan 'e weet kommen dat der goed twahûndert man klear steane om oerbrocht te wurden nei de geheime legerbasis om mei Ky-en-dy ôf te weven. Sels kinne se gjin grutte oantallen troepen fan Slotter Key ferpleatse sûnder dat de leden fan 'e gearspanning dat te witten komme. Boppedat witte se net hokker troepen oft se fertrouwe kinne. Dêrom hat Grace hierlingen fan Mackensee Military Assistance Corporation (MMAC) yn 'e earm nommen, dêr't de Vatta's goede ûnderfinings mei hawwe.

As de troepen fan 'e gearspanning by de legerbasis arrivearje, hawwe Ky-en-dy harren al weromlutsen nei it noarden troch ien fan 'e lange tunnels. Se wurde efterfolge troch harren fijannen, dy't op har beurt op 'e hakken sitten wurde troch de koarte tiid letter arrivearre hierlingen fan 'e MMAC. De saak rint mei in skamper ôf as Ky-en-dy hûnderten kilometers nei it noarden oan 'e ein fan 'e gong it oerflak fan Mixland berikke. Dêrby moatte se it lêste ein op teannen troch in grot mei in sliepende hoalebear slûpe. As harren fijannen har minder foarsichtich folgje, wurdt de reuseftige bear wekker. De efterfolgers brûke swiere wapens tsjin it bist, mei as gefolch dat de grot ynstoart. Bûtendoar wurde Ky-en-dy troch de MMAC oppikt ear't in oare groep fan harren fijannen har berikke kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Vatta's War
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions
Vatta's Peace
Cold Welcome • Into the Fire