Springe nei ynhâld

Trading in Danger

Ut Wikipedy
Trading in Danger
algemiene gegevens
auteur Elizabeth Moon
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2003, New York/Londen
oarspr. útjwr. Del Rey / Orbit Books
rige
rige Vatta's War
● foarich diel (1e diel)
● folgjend diel Moving Target
kodearring
ISBN 0 34 54 47 603

Trading in Danger is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel betsjut: "Hannel yn Gefaar", mar is dûbelsinnich en kin ek lêzen wurde as "It Ferhanneljen fan Gefaar". It boek fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, en har aventoeren as se troch omstannichheden yn in oarlochssitewaasje bedarret. Trading in Danger is it earste diel fan 'e Vatta's War-searje, dy't út fiif dielen bestiet, mar it is in ôfrûne ferhaal dat ek op himsels lêzen wurde kin. It waard yn 2003 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books en it Londenske Orbit Books.

Trading in Danger spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren. Kylara Evangeline Dominique Vatta, "Ky" foar har freonen, is de dochter fan 'e finansjeel direkteur fan Vatta Enterprises, in grutte ynterstellêre ferfiersûndernimming dy't fêstige is op 'e planeet Slotter Key. Om te ûntkommen oan 'e rol yn it famyljebedriuw dy't har heit har tatocht hie, hat se har ynskreaun oan 'e militêre akademy fan Slotter Key. Yn har fjirde jier, lykwols, mei har ôfstudearjen yn sicht, rekket se bûten har eigen skuld om behelle yn in skandaal wêrfoar't se fan skoalle stjoerd wurdt.

Om har út it sicht fan 'e media te hâlden, dy't it hiele ferhaal breed útmjitte, stelle har heit en har omke Stavros, de algemien direkteur fan Vatta Enterprises, Ky oan as kaptein fan 'e Glennys Jones, in tachtich jier âld keapfardijskip dat se nei de sloper op Lastway bringe moat fia tuskenstops op 'e planeten Belinta en Leonora. Dy reis (en de weromreis nei hûs op in passazjiersskip) sil Ky alve moannen mei ûnder de pannen wêze, wat tiid genôch is, hoopje har heit en omke, om alle trelit oer it skandaal oan 'e militêre akademy oerwaaie te litten. As oppassers fan 'e jonge kaptein wurde laadmaster Gary Tobai en masiniste Quincy Robin meistjoerd, dat allebeide âlde rotten yn it fak binne.

As de Glennys Jones by Belinta arrivearret, docht bliken dat dy wrâld, in jonge koloanje, al in ivichheid wachtet op in lading swier lânbou-ark, dy't besteld is by in fabryk op Sabine en brocht wurde soe troch Pavrati, in konkurrint fan Vatta. De lading is lykwols nea oankommen mei't it romteskip dat it ark ferfierde, weiwurden is. Ky, dy't wisberet is om 'e Glennys Jones fan 'e sloop te rêden, sjocht in kâns om genôch te fertsjinjen om har plannen te wurklikheid te meitsjen. Se lit de lading foar Leonora en Lastway efter op Belinta en fart leech nei Sabine ta om it lânbou-ark op te heljen.

Om't Belinta al earder in foarse oanbetelling foar it ark dien hie en dy kwytrekke is doe't it Pavrati-skip ferdwûn (want de fersekering wol net útbetelje salang't ûnbekend is wat der mei dat skip bard is), wegeret it Belintaanske regear lykwols om in nije oanbetelling te dwaan, en sil Ky it ark mei har eigen jild keapje moatte. As se by Sabine arrivearret, docht lykwols bliken dat dêr gjin twaddehâns ark mear ferkocht wurdt, mei as gefolch dat se alles nij en foar de folle priis ynkeapje moat. Dat is in probleem om't ûnderweis nei Sabine de flugger-as-ljochtoandriuwing fan 'e âlde Glennys Jones stikken gien is, wat in prizige reparaasje ûnûntkomber makket. Ky hat genôch jild om it lânbou-ark yn te slaan of om it skip reparearje te litten, mar net foar beide. Ta oermjitte fan ramp balansearret Sabine op it rântsje fan 'e oarloch tusken de beide bewenne planeten fan it planetestelsel, Primus en Secundus.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ky keapet fluch it lânbou-ark yn ear't dat troch de oarlochsdriging noch djoerder wurdt. No hat se wol har keapwaar, mar se kin it nearne hinne bringe oant har skip reparearre is. De iennichste oplossing is om nei hûs te skiljen fia de ansibles (de iennichste besteande foarm fan direkte ynterstellêre kommunikaasje), en har heit om jild te freegjen. Ky is dêr lykwols te grutsk foar en wachtet te lang. As se úteinlik dochs beslút en byt troch de soere apel hinne, wurdt op Primus ûnderwilens har kredytweardichheid yn 'e kiif steld. Se moat foarút betelje foar it gebrûk fan 'e ansible, mar dat jild hat se no krekt net. Se reizget werom nei har skip, om't se dêrwei de ansible kostefrij brûke kin, mar ear't se dêr wer is, brekt de oarloch út en it earste slachtoffer fan 'e striid binne de ansibles, dy't by in raketbombardemint folslein ferwuostge wurde.

No sit der neat oars op as mei de Glennys Jones in stil plakje yn it stelsel fan Belinta op te sykjen en ôf te wachtsjen oant de ansibles reparearre binne. Fuort letter arrivearje hierlingen fan 'e Mackensee Military Assistance Corporation (MMAC) by Belinta, dy't ynhierd binne troch de rebellen op Secundus. It algemiene tinken is dat de MMAC ferantwurdlik is foar de oanfal op 'e ansibles, in domme set, want InterStellar Communications (ISC), it bedriuw dat it monopoalje op 'e ynterstellêre kommunikaasje hat, beskikt oer in eigen romtefloat en hat yn it ferline altyd koarte metten makke mei lju dy't mei de ansibles knoeie. As leden fan 'e MMAC de Glennys Jones interje foar in ynspeksje, ûntstride se lykwols by heech en by leech dat sy efter de oanfal sitte.

Om't de Glennys Jones net oer ynterstellêre oandriuwing beskikt (en dus net fuorkomme kin), is it foar de MMAC in ideaal plak om lju op fêst te setten. De finzenen binne de kapteins, earste ofsieren en haadmasinisten fan oare boargerromteskippen dy't har yn it Belinta-stelsel befûnen. Dy lykje har earst by harren ynternearring del te lizzen, mar as de hierlingen fan 'e MMAC foar koarte tiid Belinta ferlitte om harsels foar ISC oer te ferdigenjen tsjin 'e beskuldigings dat sy de ansibles ferneatige hawwe, brekt der op 'e Glennys Jones in muiterij út ûnder lieding fan twa fan 'e ynternearre kapteins, Paison en Kristoffson. Dêrby wurdt Gary Tobai fermoarde en sjit Ky eigenhandich Paison, Kristoffson en noch ien fan 'e muiters dea. Paison hat lykwols fanút it rom fia de betriedding mei de systemen fan it skip omknoeid. Dêrby hat er it skipsbeaken útset, it kommunikaasjesysteem fernield en de oandriuwing opstarten, en der is safolle skea oanrjochte dat Ky-en-dy sels de oandriuwing net mear útsette kinne. Om it spul noch minder te meitsjen, bliuwe de hierlingen langer wei as se fan doel wiene, en tsjin 'e tiid dat se weromkeare is der fan 'e Glennys Jones gjin spoar mear.

Pas as ISC nije apparatuer ynset, wurdt it skip úteinlik weromfûn. Tsjin dy tiid is it iten oan board frijwol op en libje de bemanning en de finzenen op hongerrantsoenen. Nei harren rêding wurdt de swier beskeadige Glennys Jones weromsleept nei it romtestasjon dat yn in baan om 'e planeet Primus draait. Nei de muiterij hat ien fan Paison syn trewanten bekend dat Paison en Kristoffson belutsen wiene by in ferbûn fan piraten, en dat dy piraten de wiere ferantwurdliken binne foar de ferneatiging fan 'e ansibles. Foar dy ynformaasje is it machtige ISC Ky tige tankber, en it gefolch is dat se no op alle mooglike manearen let en set wurdt. De Glennys Jones wurdt reparearre, mar om't de identifikaasjechip fan it skip ferlern gien is, moat de âlde keapfarder omneamd wurde. Ky kiest derfoar om it de Gary Tobai te neamen. Neitiid wurdt de lading lânbou-ark, dy't foar de oankomst fan 'e finzenen yn netten en mei in beaken derop yn 'e romte pleatst wie, wer opsocht en laden, wêrnei't de Gary Tobai koerts set nei Belinta. De weromreis ferrint sûnder swierrichheden en de lading wurdt yn goede oarder ôflevere.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Moon, Elizabeth, Trading in Danger, New York/Londen, 2003 (Del Rey Books/Orbit Books), ISBN 0 34 54 47 603.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Vatta's War
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions
Vatta's Peace
Cold Welcome • Into the Fire