Vatta's War
Vatta's War | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Elizabeth Moon | |
taal | Ingelsk | |
foarm | romansearje | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2003 – 2008 | |
oarspr. útjwr. | Del Rey Books Orbit Books |
Vatta's War is in science fiction-romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel betsjut: "Vatta's Oarloch" of "De Oarloch fan Vatta", en ferwiist nei de haadpersoan en har famylje. De rige heart ta it subsjenre fan 'e militêre science fiction en bestiet út fiif romans. Yn 2017 ferskynde it earste diel fan 'e ferfolchsearje Vatta's Peace.
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2003 – Trading in Danger
- 2004 – Moving Target (allinnich yn 'e Feriene Steaten publisearre as Marque and Reprisal)
- 2006 – Engaging the Enemy
- 2007 – Command Decision
- 2008 – Victory Conditions
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Vatta's War wurde de aventoeren folge fan Kylara "Ky" Vatta, in jonge frou en in lid fan 'e foaroansteande keapfardersfamylje Vatta, dy't it ynterstellêre ferfiersbedriuw Vatta Enterprises runt. Hja hat in bestean bûten de famylje-ûndernimming socht troch har yn te skriuwen oan 'e militêre akademy fan har thúswrâld Slotter Key, mar rekket yn har lêste jier bûten har skuld om behelle yn in skandaal en wurdt fan skoalle stjoerd. Neitiid stelt har heit har oan as kaptein fan in âlde keapfarder, wêrmei't se har earste aventoeren belibbet. As har famylje neitiid it doelwyt wurdt fan in oanfallen troch ûnbekenden, komt har militêre trening har goed fan pas.
Haadpersoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kylara Evangeline Dominque Vatta, ropnamme Ky, telch út in foaroansteand keapfarderslaach op 'e planeet Slotter Key
- Gerard Avondetta Vatta, har heit, de finansjeel direkteur fan Vatta Enterprises
- Myris Vatta, har mem
- Sanish Vatta, har âldere broer
- Stavros Vatta, har omke, de algemien direkteur fan Vatta Enterprises
- Grace Lane Vatta, har âldmuoike, de bakster fan 'e meast ûnytbere en teffens de kostberste fruchtetaarten fan it hielal, dy't yn har (no troch eltsenien fergetten) jonkheid in kommando en spionne wie dy't yn 'e boargeroarloch efter de linys fan 'e fijân operearre
- Toby Randolph Lee Vatta, in technysk sjeny fan fjirtjin jier en de iennichste oerlibbene fan 'e oanfal op 'e Ellis Fabery, dêr't er syn earste reis as bemanningslid op makke
- Petrea Andreson, in kaper út Bissonet
- N.W. Argelos, in kaper út Slotter Key, kaptein fan 'e Sharra's Gift
- Bistaf Yamini, in ofsier fan Slotter Key dy't as adviseur oan board fan 'e Sharra's Gift is
- Simon Battersea, in kaper út Bissonet
- Arlen Becker, de eardere fjildkommandant en no algemien direkteur fan 'e organisaasje Mackensee Military Assistance Corporation (dat de tsjinsten fan hierlingen ferkeapet)
- Vaclav Hewitt Box, lid fan 'e ried fan bestjoer fan InterStellar Communications
- Armand Esteban Burleson, de kommandant fan 'e militêre akademy fan Slotter Key (yn dizze boeken stiiffêst oantsjut as "de kommandant"; pas by namme neamd yn Into the Fire, it twadde diel fan 'e ferfolchsearje Vatta's Peace)
- Rafael "Rafe" Dunbarger, in âlde freon fan Stella Vatta: in man fan withoefolle nammen en feardichheden, dy't no yn tsjinst is by ISC
- Garston Dunbarger, syn heit, en de algemien direkteur fan InterStellar Communications, it bedriuw dat it monopoalje op 'e ynterstellêre kommunikaasje hat
- Penelope Dunbarger, syn suster
- Emil, syn assistint by ISC
- Josiah Furman, de arrogante kaptein fan 'e Katrine Lamont, in keapfarder fan Vatta Enterprises
- Jon Gannett, in hierling dy't kanonnier op 'e Vanguard wurdt
- Jim Hakusar, in ferstekling op 'e Gary Tobai
- Erran Kostanyan, de (nije) presidint fan Slotter Key
- Zori Louarri, de dochter fan in trewant fan Gammis Turek op Cascadia, dy't ferkearing kriget mei Toby Vatta
- John Mackensee, oprjochter (no pinsjonearre) fan 'e Mackensee Military Assistance Corporation
- Anders MacRobert, in sersjant oan 'e militêre akademy fan Slotter Key
- Gary Marrin, earder skoalgenoat fan Rafe Dunbarger dy't op Nexus II in bedriuw runt dat spesjalisearre is yn it beëinigjen fan gizelingssitewaasjes; letter wurksum as Rafe syn liifwacht
- Gordon Martin, eks-sersjant, laadmaster en haad befeiliging op 'e Gary Tobai en later de Vanguard
- Balthasar Orem, skipsmaster en letter kaptein fan 'e Gary Tobai
- Lewis Parmina, protézjé fan Garston Dunbarger en oanwiisd om dy syn opfolger te wurden as algemien direkteur fan ISC
- Dan Pettigrew, in kaper út Bissonet, kaptein fan 'e Bassoon
- Cally Ray Pitt, in sersjant en feteraan fan 28 tsjinstjierren by de Mackensee Military Assistance Corporation
- Hugh Pritang, earste stjoerman op 'e Vanguard
- Lee Quidlin, piloat op 'e Glennys Jones/Gary Tobai en letter op 'e Vanguard
- Theodore Albert Driscoll Ransome, de garismatyske en kleurrike lieder fan Ransome's Rangers, in groep piratejagers (yn syn romantyske faze)
- Dennis Malachi Quartermaine St. Cyrien, ien fan syn maten
- Allan Desmond Joachim Baskerville, ien fan syn maten
- Quincy Robin, masiniste op 'e Glennys Jones/Gary Tobai mei mear as sechstich jier ûnderfining
- Gary Tobai, laadmaster op 'e Glennys Jones, omkommen by Sabine, wêrnei't it romteskip omneamd waard ta de Gary Tobai
- Gammis Turek, foarhinne in ûnbekende bindelieder op Woosten, no de baas fan it grutste ferbûn fan piraten út 'e skiednis fan it hielal
- Osman Vatta, it swarte skiep fan 'e Vatta-famylje: in ferkrêfter, dief en piraat, dy't oeral dêr't er giet oerwûne bern efterlit
- Isak Zavala, in kaper út Ciudad
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Vatta's War | |
---|---|
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions | |
Vatta's Peace | |
Cold Welcome • Into the Fire |