Finansjeel direkteur

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In finansjeel direkteur is binnen it bestjoer fan in grut bedriuw ferantwurdlik foar de finansjele gong fan saken. Yn 'e regel is dit de op ien nei heechste funksje binnen in ûndernimming, nei dy fan 'e algemien direkteur. Yn guon sektors is de finansjeel direkteur ek ferantwurdlik foar de analyze fan data. In synonym foar finansjeel direkteur is finansjeel bestjoerder. Tsjinwurdich heart men ek faak de Ingelske term CFO (útspr.: ['si:ʔɛfʔoʊ], likernôch: "sii-ef-oo"), dat in ôfkoarting is foar chief financial officer, dat letterlik "finansjeel haadofsier" betsjut.

De measte finansjeel direkteuren hawwe in oplieding folge ta boekhâlder, accountant of controller of hawwe in stúdzje ûndernimmingsfinansiering dien en in mastergraad yn business administration helle. Nettsjinsteande dat is it ek mooglik dat lju dy't net sa'n eftergûn hawwe, oansteld wurde as finansjeel direkteur. Njonken it beärbeidzjen fan 'e deistige boekhâlding fan in bedriuw, moatte finansjeel direkteuren ek oan finansjele planning foar de takomst dwaan en argiven byhâlde oer it finansjele bedriuwsferline. Fierders is immen yn dizze funksje nei bûten ta de wurdfierder fan 'e ûndernimming op it mêd fan finansjele en boekhâldkundige saken. In finansjeel direkteur bringt oer syn aktiviteiten ferslach út oan 'e algemien direkteur en de ried fan bestjoer

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.