Springe nei ynhâld

Charlie's Angels: Full Throttle

Ut Wikipedy
Charlie's Angels: Full Throttle
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur McG
produsint Drew Barrymore
Leonard Goldberg
Nancy Juvonen
senario John August
Cormac Wibberley
Marianne Wibberley
basearre op Charlie's Angels (tillefyzjesearje)
kamerarezjy Russell Carpenter
muzyk Edward Shearmur
filmstudio Columbia Pictures
Leonard Goldberg Productions
Flower Films
Tall Trees Productions/
Wonderland Sound and Vision
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Cameron Diaz
Drew Barrymore
Lucy Liu
byrollen Bernie Mac
Justin Theroux
Demi Moore
Robert Patrick
John Forsythe
Crispin Glover
Shia LaBeouf
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 27 juny 2003
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $120 miljoen
opbringst $259,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Charlie's Angels (franchise)
● foarich diel Charlie's Angels (film út 2000)
● folgjend diel Charlie's Angels (film út 2019)

Charlie's Angels: Full Throttle is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2003 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu. It is it ferfolch op Charlie's Angels út 2000 en is krekt as dy film basearre op 'e populêre tillefyzjesearje Charlie's Angels út 'e 1970-er jierren. De titel fan Charlie's Angels: Full Throttle betsjut safolle as: "Charlie's Ingels: Plankgas". De plot draait om 'e dieverij fan in pear ringen dy't tagong jouwe ta it kompjûtersysteem fan it Amerikaanske tsjûgebeskermingsprogramma. De 'ingels' moatte dy ringen werom sjen te krijen. Charlie's Angels: Full Throttle hie in stjerrecast dêr't behalven de trije haadrolspylsters ek Bernie Mac, Demi Moore, Robert Patrick, Shia LeBeouf, Matt LeBlanc, Luke Wilson, John Cleese, Robert Forster, Carrie Fisher, Jaclyn Smith, Bruce Willis en Pink diel fan útmakken. De film krige mingde resinsjes, mar brocht wrâldwiid rom $259 miljoen op. Yn 2019 kaam in nije film oer Charlie's Angels út, mei in nije generaasje 'ingels'.

Nei't se Ray Carter, de ûntfierde direkteur fan 'e United States Marshals Service, út Mongoalje rêden hawwe, docht bliken dat syn titanium ring stellen is. Der binne twa fan sokke ringen yn omrin en tegearre jouwe dy tagong ta it kompjûtersysteem fan it Amerikaanske tsjûgebeskermingsprogramma, dêr't alle nammen fan tsjûgen yn steane mei de nije identiteit dy't harren oanmetten is om har tsjin wraak fan kriminelen te beskermjen. De oare ring, dy't yn it besit wie fan William Rose Bailey, in hege funksjonaris fan it Amerikaansk Ministearje fan Justysje, is ek stellen, wêrby't Bailey fermoarde is. De mysterieuze Charlie, dy't inkeld oer de tillefoan te hearren is, jout dan de 'ingels' fan syn detektiveburo Charlie's Angels, yn Los Angeles, opdracht om foar de FBI de beide ringen werom te finen. De 'ingels', Natalie Cook, Dylan Sanders en Alex Munday, begjinne daliks oan 'e nije saak en krije dêrby help fan Jimmy Bosley, de swarte pleechbroer fan Charlie syn eardere assistint John Bosley.

Yn 'e wente fan in fermoarde tsjûge út it tsjûgebeskermingsprogramma yn San Bernardino fine de 'ingels' oanwizings dy't harren nei it strân by Malibu liedt. Dêr moetsje se de âlde 'ingel' Madison Lee, dy't no foar harsels wurket, en identifisearje se de moardner as de surfer Randy Emmers. De 'ingels' folgje dyselde nei in sirkwy foar yllegale motorraces yn in âlde stienkoalmyn, dêr't er ûnder in race besiket in oare tsjûge, Max Petroni, om te bringen. Troch yngripen fan 'e 'ingels' kin dat foarkommen wurde, mar Emmers wurdt fermoarde troch de 'Meagere Man', in deawaande hiermoardner út in eardere saak fan 'e 'ingels' (sjoch: Charlie's Angels) foar't er yn 'e hechten nommen wurde kin. Yn 'e bûse fan Emmers ûntdekke se de foto's fan Caulfield, de jonge Max Petroni, en, ta ferrassing fan allegear, Dylan ûnder har bertenamme Helen Zaas. (Dy namme klinkt yn it Ingelsk as "Helens kont", en liedt by de oare 'ingels' ta grutte hilariteit.)

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dylan fertelt dan oan Natalie en Alex dat sy ek in nije identiteit krigen hat yn it ramt fan it tsjûgebeskermingsprogramma, nei't se tsjûge hie tsjin har eardere frijer Seamus O'Grady, de lieder fan 'e Ierske maffia. Max, dy't ek tsjin 'e Ierske maffia tsjûge hat nei't dy syn âldelju fermoarde hie, wurdt foar syn eigen feilichheid troch Jimmy Bosley ûnderbrocht yn it hûs fan syn mem, yn in swarte wyk fan Los Angeles, dêr't Ieren opfalle as in ko yn in keppel skiep. Under de motorrace hat Dylan in medaljon ôfskuord dat de 'Meagere Man' om 'e hals hie, en dat liedt de 'ingels' nei in nonnekleaster anneks weeshûs, dêr't de mem-oerste harren fertelt oer it ferline fan 'e 'Meagere Man', dy't se identifisearret as de weesjonge Anthony. Neitiid spoare de 'ingels' it haadkertier fan 'e Ierske maffia yn Los Angeles op yn 'e haven fan San Pedro, dêr't se de beide ringen werom witte te krijen. Mar yn in konfontaasje mei Dylan driget har ûnderwilens út it tichthûs frijlitten eardere frijer O'Grady om út wraak op har Natalie en Alex te fermoardzjen.

Letter besiket Natalie de reüny fan 'e middelbere skoalle fan har freon Pete, mei wa't se sûnt koarte tiid gearwennet. Alex treft thús har frijer, de bekende akteur Jason Gibbons, oan, dy't ûnderwilens alles oer har wurk oan har útfanhúzjende heit ferteld hat, foar wa't se har karriêre as detektive altyd stilholden hie. Jason hat lykwols fersomme om te fertellen dat it in detektiveburo is dêr't Alex foar wurket, sadat it foar har heit klinkt as wurket syn dochter foar in escortservice. Underwilens nimt Dylan, om Natalie en Alex tsjin O'Grady te beskermjen, ûntslach as 'ingel' en naait út nei Meksiko. De oare deis, as Bosley, Natalie en Alex ûntdekke wat se dien hat, muoit it harren slim, mar se begripe har beweechredens. Natalie freget har ôf hoe't O'Grady út it tichthûs kommen is, en Charlie antwurdet dat immen mei in protte macht him frijlitten hat. Underwilens hat Dylan yn Meksiko in fizioen fan 'e eardere 'ingel' Kelly Garrett, dat har op oare gedachten bringt.

Natalie en Alex ûntdekke pas nei't se him de beide titanium ringen jûn hawwe, dat Ray Carter, it haad fan 'e United States Marshals Service, syn eigen ûntfiering yn Mongoalje yn sêne set hat. Se folgje him nei it Griffith Observatoarium, dêr't se der tsjûge fan binne hoe't er deasketten wurdt troch syn partner. Dat is nimmen oars as de eardere 'ingel' Madison Lee. Hoewol't Dylan har dêr wer by har beide freondinnen jout, binne se net opwoeksen tsjin Madison, dy't gjin fûstgefjocht mei harren oangiet, mar harren ienfâldichwei deasjit. Of alteast dat mient se, want de 'ingels' drage ûnder harren klean kûgelfrije festen. Nettsjinsteande dat makket Madison har út 'e fuotten mei de beide ringen.

De 'ingels' komme der neitiid efter dat Madison fan doel is om 'e beide ringen ûnder beskerming fan O'Grady en syn trewanten te ferkeapjen oan 'e Antonioni-maffiafamylje, de yakuza en it Meksikaanske Diablo-drugskartel. Dat wol se dwaan op 'e Hollywood Walk of Fame, fuortby de bioskoop dêr't dy jûns Jason Gibbons syn nije film yn premiêre giet. De 'ingels' beävensearje dat de trije groepen kriminelen arrestearre troch de FBI, wylst sysels de konfrontaasje oangeane mei Madison en O'Grady. De 'Meagere Man' komt de 'ingels' te help om't er fereale rekke is op Dylan, mar O'Grady fermoardet him. It slagget him op in hier nei om Dylan ek te fermoardzjen wylst se op 'e râne fan it dak fan in flatgebou fjochtsje, mar op it lêste momint ferliest er troch har tadwaan syn lykwicht en falt er te pletter. Neitiid befjochtsje de 'ingels' Madison Lee oanhâldend wylst se troch de binnenstêd fan Los Angeles besiket te ûntkommen, oant se yn in ferlitten, boufallich teäter bedarje. As se har dêr troch de flier skoppe, brekt in âlde gaslieding midstwa, en as Madison har pistoal ôffjurret, deadet se harsels troch de ûntploffing dy't dat feroarsaket.

Nei't se har opfrist en omklaaid hawwe, bejouwe de 'ingels' harren nei de premiêre, dêr't se noch krekt op 'e tiid arrivearje. It docht bliken dat 'de fraach' dy't Pete Natalie al in skoftke stelle woe, net in houliksoansyk is, sa't de 'ingels' frezen, mar oft se mei him in jonghûntsje út it diere-asyl helje wol. Underwilens hat mem Bosley it plan opfet om 'e jonge Max te adoptearjen.

Cameron Diaz.
Drew Barrymore.
Lucy Liu.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Natalie Cook Cameron Diaz
Dylan Sanders / Helen Zaas Drew Barrymore
Alex Munday Lucy Liu


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jimmy Bosley, opfolger en pleechbroer fan John Bosley Bernie Mac
Seamus O'Grady Justin Theroux
Madison Lee Demi Moore
Ray Carter, direkteur fan 'e U.S. Marshals Service Robert Patrick
Charlie Townsend John Forsythe (inkeld stim)
de 'Meagere Man' / Anthony Crispin Glover
Max Petroni Shia LaBeouf
Jason Gibbons, Alex har frijer Matt LeBlanc
Pete Komisky, Natalie har frijer Luke Wilson
dhr. Munday, Alex har heit John Cleese
mem Bosley Ja'net DuBois
Roger Wixon, direkteur fan 'e FBI Robert Forster
Kelly Garrett Jaclyn Smith (cameo)
organisator fan yllegale motorraces yn 'e Coal Bowl Pink (cameo)
William Rose Bailey Bruce Willis (cameo)
harrensels The Pussycat Dolls (cameo)
takomstige 'ingel' út 'e fantasij fan Dylan Eve (cameo)
takomstige 'ingels' út 'e fantasij fan Dylan Mary-Kate en Ashley Olsen (cameo)
mem-oerste Carrie Fisher (cameo)
Randy Emmers Rodrigo Santoro
plysjeman by plak delikt Andrew Wilson
Ierske havenarbeider Bam Margera (cameo)
haad fan 'e Antonioni-maffiafamylje Michael Guarnera
de sheriff Ed Robertson
frou by plak delikt Melissa McCarthy (cameo)
himsels Béla Károlyi (cameo)
neven fan Jimmy Bosley Big Boy en Anthony Griffith (cameo)
Alan Caulfield Eric Bogosian
lid fan 'e Ierske maffia Tommy Flanagan
lid fan 'e Ierske maffia Chris Pontius

Fierders is ek Bill Murray yn 'e film te sjen yn syn rol fan John Bosley, mar inkeld op argyfbylden út 'e film Charlie's Angels (2000).

Krekt as de film Charlie's Angels, dy't trije jier earder útkaam fan deselde makkers, is Charlie's Angels: Full Throttle basearre op 'e populêre tillefyzjesearje Charlie's Angels, út 'e 1970-er jierren, dy't in betinksel wie fan Ivan Goff en Ben Roberts. Beide films binne in fuortsetting fan it ferhaal út dy searje.

Charlie's Angels: Full Throttle waard regissearre troch McG nei in senario fan John August, Cormac Wibberley en Marianne Wibberley. As produsinten wiene by de film belutsen: Drew Barrymore, Leonard Goldberg en Nancy Juvonen foar Columbia Pictures, Leonard Goldberg Productions, Flower Films en Tall Trees Productions/Wonderland Sound and Vision. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Russell Carpenter, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Edward Shearmur. Foar de film wie in budget fan $120 miljoen beskikber.

De sêne yn it tichthûs, wêryn't Seamus O'Grady yntrodusearre wurdt, is in direkte ferwizing nei de yntroduksjesêne fan it personaazje fan Robert De Niro yn 'e psychologyske skriller Cape Fear. De sêne wêryn't de 'ingels' it plak delikt fan 'e moard op Alan Caulfield ûndersykje, is in hommaazje fan en/of parody op 'e populêre misdiesearje CSI: Crime Scene Investigation.

De filmdistribúsje fan Charlie's Angels: Full Throttle waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 27 juny 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Charlie's Angels: Full Throttle krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn it tydskrift Variety omskreau Amy Dawes Charlie's Angels: Full Throttle as "grutter, mear streamline en better as de earste film" en "in joyride fan in film dy't winnende eleminten út it jier 2000 nimt om it folgjende nivo te berikken." De foaroansteande resinsint Roger Ebert joech de film twa en in heal fan fjouwer stjerren, in hegere skoare as de earste film. Hy skreau dat er Charlie's Angels: Full Throttle "net hate of minachte" en "de wille fan 'e froulju wol wat lije mocht."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Charlie's Angels: Full Throttle in leger as gemiddeld goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 184 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskreau de film as "snobbersguod foar it each foar dyjingen dy't it net nedich fine dat in film in plot hat of earne op slacht." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Charlie's Angels: Full Throttle in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 38 resinsjes.

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Charlie's Angels: Full Throttle $100,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $158,3 miljoen. Wrâldwiid brocht dat de opbringst op $259,1 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $120 miljoen komt dat del op in winst fan goed $139 miljoen, mar dochs brocht Charlie's Angels: Full Throttle $5 miljoen minder yn 't laadsje as Charlie's Angels út 2000.

Demi Moore waard foar har rol as Madison Lee nominearre foar de MTV Movie Award yn 'e kategory bêste smjunt. Hja ferlear lykwols fan Lucy Liu yn har rol as O-Ren Ishii yn Kill Bill: Volume 1, in film fan Quentin Tarantino. Charlie's Angels: Full Throttle waard ek nominearre foar sân Golden Raspberry Awards, de prizen foar de minste films fan it foargeande jier, wêrûnder dy yn 'e kategoryen minste film, minste aktrise (foar sawol Drew Barrymore as Cameron Diaz), minste senario, en minste ekskús foar in film (ien en al konsept/gjin ynhâld). De film wûn twa Golden Raspberry Awards, foar minste remake of ferfolch en foar minste byrol fan in aktrise (Demi Moore).

Charlie's Angels: Full Throttle wie it twadde diel yn 'e Charlie's Angels-franchise, nei Charlie's Angels, út 2000. Doe't Charlie's Angels: Full Throttle net de resultaten binnensleepte dêr't de makkers op hopen, waarden plannen foar in trêde en in fjirde film stopset. Yn 2019 waard de mediafranchise nij libben ynblaasd mei in film dy't ek wer Charlie's Angels hiet. Dat wie gjin remake fan 'e film út 2000 of in nij begjin fan 'e hiele filmsearje, mar in fuortsetting (mei in nije generaasje 'ingels') fan it ferhaal dat begûn wie mei de earste beide films.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.