Bloedlink
Bloedlink | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joram Lürsen | |
produsint | Frans van Gestel Arnold Heslenfeld | |
senario | Frank Ketelaar | |
basearre op | The Disappearance of Alice Creed | |
kamerarezjy | Jasper Wolf | |
muzyk | Merlijn Snitker | |
filmstudio | Topkapi Films BNN | |
distribúsje | A-Film Benelux B.V. | |
spilers | ||
haadrollen | Tygo Gernandt Marwan Kenzari Sarah Chronis | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 24 septimber 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | misdieskriller | |
taal | Nederlânsk | |
spyltiid | 90 minuten | |
budget en resultaten | ||
prizen | 1 × Rembrandt Award |
Bloedlink (ynternasjonale titel: Reckless) is in Nederlânske misdieskrillerfilm út 2014 ûnder rezjy fan Joram Lürsen, mei yn 'e haadrollen (en iennichste rollen) Tygo Gernandt, Marwan Kenzari en Sarah Chronis.[1] De titel is in wurdboarterij, mei't it wurdt bloedlink yn it Nederlânsk sawol "famyljebân" as "libbensgefaarlik" betsjutte kin. De film is in Nederlânsktalige remake fan 'e Britske film The Disappearance of Alice Creed.[2] It ferhaal giet oer twa kriminelen dy't in miljonêrsdochter ûntfiere om in withoeheech losjild easkje te kinnen. Se hawwe allebeide ferskillende plannen, mar de sitewaasje ûntjout him oars as se ferwachte hiene.[1] Bloedlink waard foar it earst fertoand op it Nederlânsk Filmfestival.[2][3] Fan 'e filmkritisy krige de film mingde resinsjes.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Twa kriminelen, Vic en Rico, riede de ûntfiering ta fan in jonge frou. Sa stelle se fan it parkearterrein by Schiphol in bestelbuske, dêr't se kentekenplaten op skroevje dy't se by in autosloperij wei gaudieve hawwe. Yn in sliepkeamer fan in nondeskript appartemint yn in flatgebou earne yn 'e Rânestêd beklaaie se de wanden mei tsjûk isolaasjemateriaal, meitsje se it rút ticht mei planken en skroevje se in bêd fêst oan 'e flier. Op ljochtskyndei ûntfiere se harren slachtoffer, de miljonêrsdochter Laura Temming, dy't se troch it gebrûk in bedwelmjend middel bewusteleas meitsje.
Neitiid nimme se har mei nei de sliepkeamer yn it appartemint, dêr't se neaken oan it bêd fêstset wurdt mei touwen om 'e ankels en hânboeiens om 'e polsen. Laura is begryplikerwize benaud dat de beide maskere mannen har ferkrêftsje wolle, mar dat is sa net; it giet harren útslutend om it losjild dat se fan har heit easkje kinne. Dêrta meitsje se foto's fan har op it bêd, mei dêrby in krante dy't dyselde deis útkommen is. Vic stjoert dy nei de heit fan Laura ta en easket €4 miljoen foar har frijlitting. Laura kriget dêrnei in trainingspak oan om har waarm te hâlden.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Fan 'e beide ûntfierders is Vic dúdlik de lieder, en hy nimt sadwaande ek hieltyd it foartou by it kontakt mei Laura har heit, wêrfoar't er it appartemint ferlit. Dêrtroch bliuwt Rico hieltyd allinne efter mei Laura. Op in stuit, as Vic wer fuort is, makket Laura dúdlik dat se nei it húske moat. Rico bringt har in amer en in rôle wc-papier en makket har ankels en ien fan har polzen los, sadat se harsels rêde kin. Laura freget him lykwols om him om te draaien, om't se it net kin as er nei har stiet te sjen. As Rico oan dat fersyk foldocht, huft Laura him del mei de amer, wêrnei't se syn pistoal te pakken wit te krijen. Se easket fan him dat er har oare pols ek losmakket, en om har wurden krêft by te setten, sjit se in kear by him lâns. Dan docht Rico syn bivakmûtse omheech om har sjen te litten wa't er is.
It docht bliken dat Rico Laura har eardere minner is, mei wa't se tsjin 'e wil fan har heit yn in romantyske relaasje ûnderhold. Hy bringt har tebinnen dat se har heit hatet en der altyd al oer klage dat er al syn jild altyd foar himsels hold en har der neat fan joech. Rico hat dêrom de ûntfiering betocht, sadat er neitiid mei Laura en it losjild útnaaie kin. Hy is fan doel om Vic dêrta te ferrieden. Vic is in behurde krimineel dy't Rico yn 'e finzenis troffen hat doe't er fêstsiet. Vic mient dat hysels it plan foar de ûntfiering betocht hat en it slachtoffer útkeazen hat, mar eins hat Rico him fan it begjin ôf oan manipulearre. Hy freget Laura no om it spultsje fierder mei te spyljen, om't Vic harren allebeide ombringe sil as er trochkriget wat der echt geande is.
Laura is net botte bliid mei de oanpak fan Rico. Se stimt deryn mei dat se har heit hatet, mar Rico hat har yn 't foar neat oer syn plan fertelt (om't har reäksjes echt lykje moasten, sawol foar har heit as foar Vic), en se hat wiere deadseangsten útstien. Ek is se razen oer de fernederings dy't Rico har ûndergean litten hat, troch har neaken oan it bêd fêst te setten en har pisje te litten dêr't beide mannen by wiene. Se wol har net wer fêstsette litte, mar as Vic weromkeart en op 'e bûtendoar (en de iennichste útgong) fan it appartemint stiet de bûnzjen, lit se har úteinlik troch Rico beprate om't se gjin oare kar hat. It nimt wat tiid foar't Rico alles wer op oarder hat, en Vic is lulk fan argewaasje as er op 't langelêst binnenlitten wurdt, mar Rico wit alles mei wurden glêd te striken. Ut harren petear, dêr't Laura troch de lûdsisolearre sliepkeamerwanden neat fan hearre kin, docht lykwols bliken dat hy en Vic minners binne.
De folgjende kear dat Vic fuort is, diskear om 'e ôflevering fan it losjild te beävensearjen, wit Laura Rico safier te krijen dat er har hielendal losmakket, sadat se de leafde bedriuwe kinne. Midden ûnder it leafdesspul set se him lykwols mei de hânboeiens oan ien pols fêst oan it bêd, wêrnei't se syn pistoal pakt. Se besiket út te naaien, mar de bûtendoar is ôfsletten mei skoattels dy't fêstset binne mei hingslotten. Se fynt in mobile tillefoon en skillet it alaarmnûmer, mar kin net fertelle wêr't se is, om't it útsicht út it finster yn 'e wenkeamer fan it appartemint sa neatsizzend is dat it oeral wol wêze kin yn eltse willekeurige stêd. Dêrop beslút se Rico te ûnderfreegjen ûnder bedriging mei it pistoal, mar se hat net troch dat de feilichheidspal der noch op sit, en as se te tichtby komt, set Rico har mei syn foet op har hals fêst tsjin 'e muorre oan. Hy twingt har om him de kaaien fan 'e hânboeiens te jaan en smoart har oant se bewusteleas rekket. Dêrnei leit er har wer fêst op it bêd. Hy is krekt op 'e tiid klear mei alles te berêden foar't Vic weromkomt.
Dyselde hat de ôflevering fan it losjild regele en it plan is om Laura no mei te nimmen nei in oare lokaasje, dêr't se har efterlitte om dêroer letter, nei't se it jild hawwe, Laura har heit yn te ljochtsjen. It plan dat Rico oan Laura ferteld hie, wie dat hysels by har op 'e nije lokaasje bliuwe soe wylst Vic it losjild oppikte. Sadree't Vic mei it jild weromkaam, soe Rico mei him ôfweve, wêrnei't er mei Laura en it jild it lân ûntflechtsje soe mei de ferfalske paspoarten dy't er foar harren beiden meitsje litten hie. As Vic lykwols checkt hoe't it mei Laura is, ûntdekt er dat se net sliept, mar bewusteleas is. Hy wyt dat oan 'e kap dy't se har oanhâldend oer de holle lutsen hawwe, en tinkt dat se dêrmei te min soerstof krigen hat. Mei rooksâlt wit er har lykwols wer by te bringen.
Wylst Rico it bestelbuske hellet om Laura fuort te bringen, rûgelet de mobile tillefoan út 'e bûse fan Laura har trainingspak. As Vic dêrnei yn it isolaasjemateriaal fan 'e sliepkeamer ek de kûgel ûntdekt dy't Laura by de earste konfontaasje mei Rico ôfsketten hat, beseft er dat der wat goed mis is. Mei geweld en bedriging mei de dea wit er de wierheid út Laura te krijen: dat Rico him ferret hat, dat er persoanlik kunde oan Laura hat en dat er fan doel is om mei Laura en it losjild út te naaien. Vic bedwelmet Laura dan op 'e nij en beslút it spultsje mei te spyljen.
De beide mannen bringe Laura nei in leechsteand en ferfallen fabryksgebou op 'e romte ta, dêr't se har efterlitte om't Vic úthâldt dat er ferlet hat fan Rico syn help by it oppikken fan it jild. Hy nimt Rico mei de bosk yn, dêr't er him delsjit. De ferwûne Rico wit lykwols te ûntkommen. Vic kin net lang nei him sykje om't er it jild ophelje moat fan 'e echte droplokaasje. Dêrnei keart er werom nei it fabryk, dêr't Laura ûnderwilens bykommen is. Hy fertelt har dat er har net libje litte kin om't Rico har ferteld hat wa't hy is. Wylst er risselwearret om har in deadlike ynjeksje te jaan, wurdt er lykwols oanfallen troch Rico, dy't ek nei it fabryk weromkeard is. Dyselde pakt Vic it pistoal ôf en sjit him del. Laura ferwachtet dat er no har boeiens losmeitsje sil, mar Rico jout har de skuld fan it hiele fiasko en lit har dêr efter.
As Vic noch in teken fan libben jout, smeekt Laura him om har de kaaien fan 'e boeiens ta te smiten, en Vic, dy't beseft dat er syn wûne net oerlibje sil, besiket dat te dwaan. De kaaien lânje lykwols fier by Laura wei en Vic sakket yninoar, dea. Mei in uterste ynspanning wit Laura mei har bleate foet by de kaaien te kommen en dy nei har ta te lûken. Se befrijt harsels en strompelet út it fabryksgebou. Se stuitelet in ferlitten B-wei del en komt dêr op in stuit by Vic syn auto lâns, mei in deablette Rico efter it stjoer. As se him út 'e auto lûkt en yn syn bûse sjocht, blike dêr yndie ferfalske paspoarten foar har en himsels yn te sitten. Laura, dy't net genôch fertrouwen yn Rico hie om har libben yn syn hannen te lizzen, beseft dat er har dochs de wierheid ferteld hat. Se lit in trien om wat wêze kinnen hie, mar riidt dan fuort mei de auto en it losjild. It lêste byld is fan in opstiigjend KLM-ferkearsfleantúch, suggerearjend dat Laura it lân ferlit, wylst op it radionijs meidield wurdt dat der noch altyd gjin spoar is fan 'e ûntfierde Laura Temming, noch fan it losjild fan €4 miljoen dat nei't it skynt útbetelle is.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Vic | Tygo Gernandt |
Rico | Marwan Kenzari |
Laura Temming | Sarah Chronis |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bloedlink waard regissearre troch Joram Lürsen nei in senario fan Frank Ketelaar.[1] Dat wie basearre op 'e Britske film The Disappearance of Alice Creed, fan J. Blakeson, út 2009.[2] Bloedlink kin sadwaande beskôge wurde as in Nederlânsktalige remake fan dy film. As produsinten wiene Frans van Gestel en Arnold Heslenfeld by it projekt belutsen foar de filmstudio Topkapi Films y.g.m. omrop BNN.[1] De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jasper Wolf, de filmmontaazje waard dien troch Job ter Burg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Merlijn Snitker.[1] De band Kensington skreau en spile de titelsong.[2] De opnamen fûnen plak yn begjin novimber 2013 yn Oudewater, en duorren trije dagen.[4]
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Bloedlink waard fersoarge troch A-Film Benelux B.V.[1] De film gie op 24 septimber 2014 yn premiêre op it Nederlânsk Filmfestival yn Utert, dêr't it de iepeningsfilm wie.[2][3] Bloedlink draaide dêrnei fan 25 septimber ôf yn 'e Nederlânske bioskopen.[1]
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Bloedlink mingde resinsjes. De VPRO-Gids priizge de film om't dy "kreas makke [wie] neffens de wetten fan it sjenre", mar begriep eins net wêrom't der ferlet wie fan in Nederlânsktalige remake fan The Disappearance of Alice Creed. De resinsint fûn it in spannende film ("fral yn it begjin") en hie lof foar it sterke aktearjen fan 'e trijekoppige cast, mar hie krityk op 'e oermjitte oan 'ûnferwachte ommekearen' yn 'e plot.[5]
Op MovieMeter.nl waard oan Bloedlink in skoare fan 2,8 op in skaal fan 1 oant 5 taparte.[6] Op FilmTotaal.nl frege kritikus Arjan Welles him ek ôf hokfoar sin oft it eins hie om yn Nederlân in remake fan in Britske film te meitsjen. Foar de cast en regisseur Joram Lürsen hied er lof, mar it senario fan Frank Ketelaar "wurdt almar ûnoannimliker", wylst de dialooch neffens Welles "sentiminteel en patetysk" wie.[7]
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2015 wûn Tygo Gernandt mei syn rol yn Bloedlink de Rembrandt Award foar bêste akteur.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Bloedlink (Reckless)
- (in) Ynformaasje oer Bloedlink (Reckless) yn 'e Internet Movie Database (IMDb)