Springe nei ynhâld

Sarah Chronis

Ut Wikipedy
Sarah Chronis
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSarah Chronis
nasjonaliteit Nederlânsk
berne27 augustus 1986
berteplakAmsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Gryksk
Nederlânsk
jierren aktyf2001 – no
offisjele webside
Sarah Chronis yn 'e IMDb

Sarah Chronis (Amsterdam, 27 augustus 1986) is in Nederlânsk aktrise. Hja is benammen bekend fan har rol as Eva Persijn yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chronis waard yn 1986 yn Amsterdam berne as de dochter fan aktrise Adriënne Kleiweg en de Grykske[1] ûntwerper en keunstner Jorgos Chronis. Hja is de suster fan aktrise Iwana Chronis en fan DJ Mason (Iason Chronis). Chronis folge op 'e middelbere skoalle in HAVO-oplieding. Nei't se slagge wie foar har eineksamens, wurke se in fearnsjier as frijwillichster yn in weeshûs yn Brazylje. Werom yn Nederlân liet Chronis har ynskriuwe oan it konservatoarium om sang te studearjen, mar nei in jier besleat se dat dy oplieding tefolle talein wie op jazz, en hold se dermei op. Neitiid folge se aktearoplieding oan 'e Toanielakademy Maastricht.

As teenager siet Chronis op it Kinderen voor Kinderen-koar. Letter hie se û.m. in gastrol yn 'e komeedzjesearje Oppassen!!! en spile se de rol fan Loretta Danze yn tolve ôfleverings fan 'e rige Rozengeur & Wodka Lime. Yn 2005, fuort nei't se út Brazylje weromkommen wie, krige se de fêste rol fan Emma Romein yn 'e soapsearje Het Glazen Huis, dy't lykwols fanwegen ôffallende sjochsifers nei in pear moanne al fan 'e tillefyzje helle waard. Fan 2006 oant 2009 fertolke se fierders de rol fan Eva Persijn yn in oare soapsearje, Onderweg naar Morgen.

Chronis spile ek yn tillefyzjesearjes as Shouf Shouf!, Flow en Kinderen Geen Bezwaar. Fierders stie se op 'e planken as de boasaardige Sharpay Evans yn 'e reizgjende musical High School Musical, en hie se in rol yn it toanielstik De Vagina Monologen fan 'e Amerikaanske skriuwster Eve Ensler. Har debút as filmaktrise makke Chronis yn 2012 yn 'e komeedzjefilm Alleen Maar Nette Mensen. Yn 2014 spile se in ûntfieringsslachtoffer dat fereale rekket op ien fan har ûntfierders yn 'e rouwe dramafilm Bloedlink. Ek wie se yn 2015 te sjen as Hannah Hamel yn 'e searje Meiden van de Herengracht.

Yn 2019 die Chronis mei oan it njoggentjinde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma Wie is de Mol?, wêryn't se presintatrise Merel Westrik ûntmaskere as de mol, en sa it spul wûn. Fan maaie 2019 ôf spile Chronis in pearke yn 'e dramasearje Nieuwe Burenmei akteur Kay Greidanus, mei wa't se ek yn it echte libben in relaasje hat.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1997Oppassen!!!Karengastrol; ôfl. Oppasopa's
1997Kinderen voor Kinderenharselssjongster yn it Kinderen voor Kinderen-koar
2002Oppassen!!!Katjagastrol; ôfl. Stilte A.u.b.
2004Rozengeur & Wodka LimeLoretta Danzeweromkearende rol; 12 ôfl.
2005Het Glazen HuisEmma Romeinfêste rol yn in soapsearje
2006Onderweg naar MorgenDionne van Damgastrol; 1 ôfl.
2006–2009Onderweg naar MorgenEva Persijnfêste rol yn in soapsearje
2007Shouf Shouf!Chantalgastrol; ôfl. Autorijschool Mussi
2007Jensen!harselsgast yn in praatprogramma
2008FlowLanafêste rol
2008Taxi 656sjongend famketillefyzjefilm
2009Ik Kom bij Je Etenharselsdielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2011Kinderen Geen BezwaarLidewijgastrol; ôfl. Vrouwelijk Richtingsgevoel
2011Trumanharselsdielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2011Seinpost Den HaagNataschaweromkearende rol; 8 ôfl.
2014Flikken MaastrichtEvelyn Keusgastrol; ôfl. Ciao
2015Meiden van de HerengrachtHannah Hamelweromkearende rol; 8 ôfl.
2015DivorceFleurgastrol; ôfl. Het Einde van het Begin
2015Bureau RaampoortNadine van Haaftenminysearje
2017Flikken RotterdamSylvia van Dijkgastrol; ôfl. All-in
2017Centraal Medisch CentrumLana Vosgastrol; 2 ôfl.
2018SuspectsAleid van Rossumgastrol; ôfl. Missie Mali
2019Wie is de Mol?harselsdielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2019Goede Tijden, Slechte Tijden   Romy Dubloisgastrol
2019Nieuwe BurenSophie van Velzenfêste rol
2019DNAJosje de Witgastrol; ôfl. #1.10
2020Het Sinterklaasjournaaljuf Marjolijngastrol; 1 ôfl.
films
2012Alleen Maar Nette Mensenfamke yn restaurant   
2014BloedlinkLaura Temming
2015Dames 4Rosa
2017Alles voor ElkaarNicole
2018Zwaar Verliefd!Marleen
2018Bon Bini Holland 2mem fan gesin / klant by FC Kip
2020Zwaar Verliefd! 2Marleen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beheinde biografy fan Jorgos Chronis op syn eigen webside

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.