Springe nei ynhâld

Beamotter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Beammarter)
beamotter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai marters (Martes)
soarte
Martes martes
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De beamotter (wittenskiplike namme: Martes martes), ek wol bekend de "beammarter" (wat in hollanistyske ynterferinsje is), is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e marters (Martes). Dit bist komt yn it grutste part fan Jeropa foar, wêrûnder ek Fryslân. It is in middelgrut rôfdier mei in foarkar foar wâldbiotoop, dat nachts aktyf is. De beamotter moat net betize wurde mei de nau besibbe stienmurd (Martes foina), dêr't er in protte op liket. Yn Nederlân genietet de beamotter de status fan beskerme bistesoarte. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.

De beamotter komt foar yn hast hiele Jeropa, útsein Yslân, súdlik en sintraal Ingelân, súdlik Wales, it uterste noarden fan Skandinaavje en Ruslân, súdlik Ruslân en de Koeban, de súdlike helte fan 'e Oekraïne en Moldaavje en it grutste part fan Grikelân en it Ibearysk Skiereilân. Bûten Jeropa is er ek lânseigen yn in diel fan westlik Sibearje, hast hiele Lyts-Aazje en parten fan Irak, Syrje en Iraan. As eksoat is er troch de minske yntrodusearre op 'e Baleären, yn 'e Middellânske See, dêr't er oarspronklik net foarkaam.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beamotter hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–53 sm, mei in sturtlingte fan 23–28 sm en in gewicht fan 0,9–1,9 kg. De soarte fertoant in lichte foarm fan seksuele dimorfy, mei't de wyfkes dúdlik lytser en lichter binne as de mantsjes. De pels fan 'e beamotter is dûnker- oant readbrún, mei griis ûnderhier. Hy hat in asymmetryske bef oer de strôt dy't gielich oant oranje is. Dat is ien fan 'e dingen dêr't er mei ûnderskaat wurde kin fan 'e nau besibbe stienmurd (Martes foina), dy't in wite oant krêmkleurige bef hat. Ek is de beamotter wat minder swier fan lichemsbou as de stienmurd, en hat er justjes langere poaten.

In beamotter fan deunby.

Oangeande biotoop fertoant de beamotter in dúdlike foarkar far bosklân, wêrby't er it leafst yn nullewâlden of mingde wâlden ferkeart. Somtiden is er ek yn iepener lânskipstypes te finen, salang't der mar genôch beskûl is yn 'e foarm fan beamte, strewelleguod, beamwâlen en hagen. Oars as de besibbe stienmurd (Martes foina) bejout de beamotter him ornaris net yn 'e neite fan 'e minske.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beamotters binne betûfte klimmers. As der winterdeis snie leit, libje se fral yn 'e beammen en ferlitte se mar komselden de bosk; yn snieleaze winters en oare jiertiden komme se ek in soad op 'e grûn. De beamotter hat in territoarium dat by mantsjes oprinne kin oant 10 km² (oftewol 1.000 ha), en dan ferskate territoaria fan wyfkes oerlapet. Sawol mantsjes as wyfkes meitsje lange ferkennings- en foerazjeartochten en lizze yn in nacht yn trochsneed wol 2–7 km ôf.

De beamotter is in nachtdier, dat pas aktyf wurdt as it begjint te skimerjen, al moat dêrby oantekene wurde dat er simmerdeis faker by ljochtskyndei op 'en paad is as de stienmurd (Martes foina). Hy liedt in solitêr bestean, útsein yn 'e peartiid, dy't fan juny oant augustus rint. Nei in ferlinge draachtiid fan 9–10 moannen, in ferskynsel dat by mear martereftigen foarkomt en bedoeld is om derfoar te soargjen dat de jongen yn 'e geunstichste tiid fan it jier te wrâld komme, folget in eigentlike draachtiid fan likernôch in moanne. Tusken heal maart en ein april wurde der dan 2–6 jongen smiten, dy't nei 6–7 wiken ôfwûn wurde en nei 8 wiken der foar it earst op út tsjogge. Oan 'e ein fan 'e simmer binne se dan folslein selsstannich. Aldere beamotters duldzje jonge bisten yn harren territoarium. Mantsjes binne fan 2 jier ôf geslachtsryp; wyfkes ornaris fan 3 jier ôf. Beamotters kinne mei in protte lok yn it wyld 14 jier âld wurde. Yn finzenskip kinne se teminsten de 18 jier wol helje.

Beamotterprinten yn 'e snie.

Beamotters binne gjin tiere bisten en se frette suver alle soarten proaien en fruchten dy't yn 'e bosk foarkomme. Winterdeis giet it dêrby fral om boskmûzen, wrotmûzen, iikhoarntsjes, mollen en pipermûzen. Fierders fret de beamotter ek wol hazzen, kninen, flearmûzen, ynsekten, wjirms en inkeldris ies. By 't maityd pakt er dêrnjonken ek fûgels en aaien. Mar simmerdeis en hjerstmis skeakelet er alhielendal oer op boskfruchten en hunich.

De beamotter hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der foar dit bist wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân, Belgje en it Feriene Keninkryk genietet er wetlike beskerming, mar yn in protte oare lannen en territoaria mei er noch wol bejage wurde. Sûnt er syn beskerme status krigen hat, is de populaasje beamotters yn Nederlân wat oanwoeksen, wat foar in grut part te tankjen is oan 'e fergrutting fan syn areaal troch de ynstelling fan ekologyske ferbiningssônes. Dêrtroch komt er tsjintwurdich bgl. ek yn Flevolân foar.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 172–174.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.