Springe nei ynhâld

Bad Santa

Ut Wikipedy
Bad Santa
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Terry Zwigoff
produsint John Cameron
Sarah Aubrey
Bob Weinstein
útfierend
   produsint
bruorren Coen
senario Glenn Ficarra
John Requa
kamerarezjy Jamie Anderson
muzyk David Kitay
filmstudio Columbia Pictures
Tryptich Pictures
distribúsje Dimension Films (Noard-Am.)
Columbia TriStar (ynternasj.)
spilers
haadrollen Billy Bob Thornton
Tony Cox
voice-over Billy Bob Thornton
byrollen Lauren Graham
Brett Kelly
Bernie Mac
John Ritter
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 novimber 2003
foarm langspylfilm
sjenre swarte misdiekrystkomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 91 minuten
budget en resultaten
budget $23 miljoen
opbringst $76,5 miljoen
filmsearje
filmsearje Bad Santa
● folgjend diel Bad Santa 2
Dizze side giet oer de film út 2003. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bad Santa (betsjuttingsside).

Bad Santa is in Amerikaanske swarte misdiekomeedzje en krystfilm út 2003 ûnder rezjy fan Terry Zwigoff, mei yn 'e haadrollen Billy Bob Thornton en Tony Cox. De titel betsjut "Stoute Krystman". It ferhaal giet oer in pear kriminelen dy't ûnder de momkape fan 'e krystman en in krystelf warehuzen berôvje. De film waard oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen troch de filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Yn 2016 ferskynde der in ferfolchfilm, Bad Santa 2.

De blanke Willie Soke en syn partner Macus Skidmore, in swarte man dy't oanhelle is mei dwerchgroei, binne dieven. Elts jier lit Willie himsels oannimme om yn in grut warehûs of in winkelsintrum earne yn 'e Feriene Steaten foar de krystman te spyljen, wylst Marcus him assistearret as in krystelf. Op krystjûn ferskûlet Marcus him wylst it warehûs of winkelsintrum tichtgiet, en nei slutingstiid set er it befeiligingsalaarm út en lit er Willie wer binnen. Dyselde is in profesjoneel brânkastkreaker, dy't de klûs iepenbrekt wêryn't de krystopbringst opburgen leit. Marcus syn Eastaziatyske frou Lois fungearret as sjauffeur fan 'e auto wêryn't de dieven útnaaie. Elts jier stelle se op dy manear safolle jild dat se it hiele fierdere jier net hoege te wurkjen.

Marcus nimt syn 'karriêre' as dief tige serieus, en dêrom syn funksje as krystelf ek, dy't ommers syn dekmantel is. Willie, lykwols, is in groanysk deprimearre alkoholistyske seksferslaafde, waans hâlden en dragen stadichoan fierder oanboazet oant er eins net mear gaadlik is om as krystman foar bern op te treden. Dat alles ta Marcus syn groeiende argewaasje.

As se op in jier yn begjin desimber oannommen wurde as krystman en krystelf yn 'e Saguaro Square Mall, in winkelsintrum yn Phoenix (Arizona), skokt Willie mei syn ûnderskate fulgariteiten de kekene bedriuwslieder fan it winkelsintrum Bob Chipeska. As dy harren dien jaan wol, yntimidearje Willie en Marcus him lykwols troch te driigjen harren ûntslach mei útset lûd om te trompetsjen en dêrby te sizzen dat Chipeska harren ûntslein hat om't Marcus swart is en in lichaamlike beheining hat. De karriêre fan Chipeska sil dan gau foarby wêze. It ûntslach giet sadwaande oer, mar Chipeska stapt al nei it haad befeiliging fan it winkelsintrum ta, Gin Slagel, om him te freegjen ûndersyk nei Willie te dwaan.

Ien fan 'e bern dy't yn 'e Saguaro Square Mall by Willie komt, is Thurman Merman, in freonlike mar alderferskuorrendst goederleauske en obese jonge, dy't oanhâldend it slachtoffer is fan in groep narjende skateboarders. Hy mient dat Willie echt de krystman is, en folget him sûnder dat er it merkt as er nei ôfrin fan it wurk nei de kroech giet om him te bedrinken. Yn 'e kroech komt Willie, dy't noch altyd syn krystmankostúm oan hat, yn 'e kunde mei barkeeper Sue, in frou mei in seksuele fetysj foar de krystman. Nei't er seks mei har hân hat yn syn âld wrak fan in auto, wurdt Willie op it parkearterrein oanfallen troch in amokmakker út 'e kroech dy't òf goed dronken is, òf, wierskynliker, dêr't in stekje oan los sit. Thurman helpt Willie de keardel fan him ôf te slaan, en fan gefolgen fielt Willie him neitiid ferplichte om 'e jonge thús te bringen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Thurman blykt yn in filla yn in rike wyk fan Phoenix te wenjen, mei inkeld syn âlde beppe om foar him te soargjen. It senile âldminske komt lykwols amper mear fan har plak op 'e bank foar de tillefyzje wei en lit Thurman yn alles syn gong gean. Thurman fertelt Willie dat syn mem dea is en dat syn heit Roger "op ferkenning yn 'e bergen" is en de kommende pear jier net thúskomme sil. Willie sjocht syn kâns skoan, rôvet Roger syn klûs leech en ruilet syn eigen âld brik om foar Roger syn nije BMW.

Underwilens is Slagel úteinset mei syn ûndersyk nei Willie, en as dy op in jûn by syn motel oankomt en immen (Slagel) yn syn keamer sjocht, beslút er dat er better ûnderdûke kin. Dat, hy lûkt by Thurman en syn senile beppe yn, ta grutte blydskip fan Thurman, dy't er wiismakket dat Mrs. Claus him út harren wente op 'e Noardpoal set hat om't se him mei har suster op bêd trappearre hie. Slagel lûkt it kenteken fan Willie syn nije auto nei, en komt sa de famylje Merman op it spoar. Hy siket Roger Merman op, dy't eins gjin bergen ferkent, mar trije jier yn it tichthûs sit foar fraude. Ut Roger syn antwurden op 'e foar him kryptyske fragen fan Slagel makket dyselde op dat Willie yllegaal by de Mermans ynlutsen is. Nei mear ûndersyk ûntdekt er dat elts jier yn in ferskillende stêd yn 'e Feriene Steaten mei kryst in warehûs of winkelsintrum bestellen wurdt nei't Willie en Marcus dêr oannommen binne. Hy konfrontearret de beide dieven mei wat er ûntdutsen hat, mar ynstee dat er harren oanjout, sjantearret er harren foar de helte fan 'e opbringst fan dit jier.

Underwilens begjint de gearwurking tusken Willie en Marcus almar minder te wurden, in probleem dat fierder oanboazet as Willie op in dei stomdronken op syn wurk ferskynt en it dekôr fan 'e krysthoeke fernielt as er der ferskate kearen hinne falt. Werom yn it hûs fan 'e Mermans besiket Willie selsmoard te dwaan troch yn 'e ôfsletten garaazje mei in rút iepen yn in rinnende auto sitten te gean. Hy jout Thurman in brief dy't de jonge oan 'e plysje oerdrage moat, wêryn't er de plannen opbychtet foar de berôving fan 'e Saguaro Square Mall kommende krystjûn. Willie ferjit lykwols syn hiele selsmoardplan as er opmerkt dat Thurman in blau each hat en de jonge op syn fraach hoe't er dat oprûn hat, fertelt dat de skateboarders him wer tenei kommen binne. Hy lit him troch Thurman by de skateboarders bringe en slacht de lieder fan 'e groep, in teenager, hielendal yninoar, wylst de rest útnaait.

Willie is tige mei himsels ynnommen oer de 'goede die' dy't er ferrjochte hat, en fynt dêrtroch nije libbensnocht. Hy giet ek hieltyd mear om mei Sue, dy't er oan Thurman foarstelt as de 'suster fan Mrs. Claus'. Sue, dy't fan bern hâldt, fynt Thurman "in skatsje". Thurman jout Willie in pear dagen foar de kryst (want dan is er der net om't er as krystman mei de kryst wurkje moat) in houten augurk dy't er sels (mei muoite) útfike hat. It totaal nutteleaze kado betsjut mear foar Willie as er tajaan wol. Underwilens is Marcus poerrazen om sels bestellen te wurden, dat hy en Lois sette in fâle op foar Slagel, dy't se kâldwei fermoardzje.

Op krystjûn ferberget Marcus him yn it winkelsintrum en nei slutingstiid set er it alaarm út en lit er Willie en Lois deryn. Hoewol't er ûnferwachts tsjin technyske swierrichheden oanrint, slagget it Willie om 'e klûs te kreakjen. Dêrnei stelt er it rôze plúsjen oaljefantsje dat Thurman foar de kryst hawwe woe. Marcus komt him lykwols oer it mad mei in pistoal en fertelt him dat harren partnerskip foarby is. Hy hat skjin syn nocht fan Willie syn ûnprofesjoneel hâlden en dragen, dat hy is fan doel him te fermoardzjen, krekt sa't er mei Slagel dien hat. Op it stuit dat er de trekker oerhelje wol, springe ynienen oeral plysjeminsken foar it ljocht, dy't foar de ynbraak warskôge wiene troch it brief dat Willie oan Thurman jûn hie en dêrnei glêd fergetten wie.

Wylst der in fjoergefjocht útbrekt tusken Marcus en Lois en de plysjes, spilet Willie fan rutens. Hy springt yn syn auto en riidt fuort, efterfolge troch in hiele sturt fan plysje-auto's. Wisberet dat Thurman syn krystkado krije sil, jaget er nei it hûs fan 'e Mermans, dêr't er him mei de plúsjen oaljefant yn 'e hân it túnpaad op hastiget, mar in meter fan 'e foardoar ôf foar de eagen fan 'e bern fan 'e buorlju troch in salvo fan 'e plysje delmeand wurdt.

Yn in epilooch fertelt Willie fia in brief út it sikehûs oan Thurman dat er it foarfal oerlibbe hat. Hoewol't de dokters acht kûgels út him helle hawwe, wiene der gjin wichtige organen rekke, útsein syn lever, mar dy wie dochs al nei gychem. De plysje hat Marcus sizzen heard dat er Slagel fermoarde hie, dat hy en Lois meie no jierrenlang "op ferkenning yn 'e bergen" mei Thurman syn heit. Willie sels is frijsprutsen fan syn oandiel oan 'e berôving fan it winkelsintrum, sawol omreden fan syn brief oan 'e plysje as om it feit dat de plysje slim yn ferlegenheid brocht is troch de (ûnwapene) krystman foar de eagen fan bern yn 'e rêch te sjitten. Hy mei, sadree't er út it sikehûs ûntslein is, oan it wurk as plysje-adviseur foar maatskiplik gefoelige kwestjes. Willie hat de autoriteiten op 'e sitewaasje fan Thurman wiisd, en Sue is oansteld as tydlike fâd foar de jonge, oant syn heit út 'e finzenis frijkomt.

Billy Bob Thornton.
Lauren Graham.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Willie Soke Billie Bob Thornton
Marcus Skidmore Tony Cox


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sue ("de suster fan Mrs. Claus") Lauren Graham
Thurman Merman ("de jonge") Brett Kelly
Gin Slagel, haad befeiliging Bernie Mac
Bob Chipeska John Ritter
Lois Lauren Tom
narjende skateboarder Max Van Ville
beppe Merman Cloris Leachman
amokmakker by kroech Ajay Naidu
mem yn Milwaukee Alex Borstein
befeilingsbeämte yn Milwaukee Billy Gardell
barkeeper yn Miami Bryan Callen
Harrison Tom McGowan
Opal Octavia L. Spencer
jonge winkeldief Ryan Pinkston
Herb Matt Walsh
Roger Merman Ethan Phillips
plysjekommissaris sheriff John Bunnell
plysje Kerry Rossall

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bad Santa waard regissearre troch Terry Zwigoff nei in senario fan Glenn Ficarra en John Requa. As produsinten wiene John Cameron, Sarah Aubrey en Bob Weinstein by it projekt belutsen, foar de filmstudio's Columbia Pictures en Tryptich Pictures. De bruorren Coen fungearren as útfierende produsinten. Der wie in budget fan $23 miljoen beskikber foar de film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jamie Anderson, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch David Kitay. Bad Santa waard yn syn gehiel filme yn Kalifornje. De opnamen setten útein op 8 july 2002 en waarden foltôge yn septimber fan dat jier.

Oarspronklik wie it de bedoeling dat James Gandolfini de rol fan Willie spylje soe, wylst de rollen fan Marcus en Thurman eins skreaun waarden mei Danny Woodburn, resp. Angus T. Jones op it each. Doe't Gandolfini net beskikber wie, waarden foar de titelrol ek Bill Murray, Jack Nicholson en Robert De Niro yn omtinken nommen, mar de rol gie úteinlik nei Billy Bob Thornton. Regisseur Zwigoff caste Tony Cox yn 'e rol fan Marcus en Brett Kelly yn 'e rol fan Thurman. Doe't de bruorren Coen dat heard hiene, soene se Bob Weinstein witte litten hawwe dat se Cox "haten", en neffens Zwigoff smachte filmdistributeur Dimension Films nei "in mear Disney-eftige generyk skattige jonge" om Thurman te spyljen. De regisseur hold lykwols foet by stik.

Foar akteur John Ritter, dy't yn 'e film yn 'e byrol fan Bob Chipeska te sjen is, wie Bad Santa syn lêste live action-film foar syn hommels ferstjerren op 11 septimber 2003 (neitiid kamen noch twa animaasjefilms út mei stimaktearwurk fan him). Bad Santa waard dêrom opdroegen oan syn neitins.

De distribúsje fan Bad Santa waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Dimension Films, en yn oare dielen fan 'e wrâld troch Columbia TriStar Film Distributors International. De film waard útbrocht mei as ûndertitel He doesn't care if you're naughty or nice ("It kin him gjin reet skele oftst goed of stout bist"), en gie op 26 novimber 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Bad Santa waard ek, bûten de kompetysje om, fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes yn 2004.

De film kaam op 5 maart 2004 út op dvd yn in ûnsensurearre ferzje dy't sân minuten langer wie as de (Amerikaanske) bioskoopferzje. Op 20 novimber 2007 waard de Bad Santa foar it earst útbrocht op Blu-ray, ûnder de titel Bad(der) Santa. In dvd mei de director's cut en kommentaar fan Zwigoff ferskynde yn novimber 2006; dy ferzje fan 'e film is trije minuten koarter as de bioskoopferzje en tsien minuten koarter as de ûnsensurearre ferzje.

Bad Santa krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert, dy't skreau foar de Chicago Sun-Times, de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy fûn Bad Santa "in idioat, ferwrongen [en] ûnreedlik grappich wurk yn komyske kamikazestyl". In resinsje yn The Washington Post neamde Bad Santa lykwols "de boasaardige twillingbroer fan Miracle on 34th Street" en beskrobbe de belutsen filmstudio's dat se in dierber figuer as de krystman sa misbrûke litten hiene.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Bad Santa in frij heech goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 218 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in glorieus rouwe en freugdefol ûnfatsoenlike komeedzje dy't net eltsenien wurdearje kinne sil, mar lju dy't in hekel oan kryst hawwe, sille him hilaryske grappich fine." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Bad Santa in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 38 resinsjes.

Bad Santa brocht wrâldwiid yn 'e bioskopen $76,5 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $23 miljoen, betsjut dat in winst fan $53,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Bad Santa kommersjeel súksesfol.

Trettjin jier nei Bad Santa waard der in ferfolchfilm makke, Bad Santa 2, mei op 'e nij Billy Bob Thornton yn 'e haadrol. Ek Tony Cox en Brett Kelly kearden werom yn harren âlde rollen. Regisseur fan 'e film wie Mark Waters.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.