Auwerk (Landkreis)
Lânkring Auwerk | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 192.072 (2022)[1] | |
Oerflak | 1.287,35 km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Fischteichweg 7-13 26603 Auwerk | |
Koördinaten | 53° 30' N 7° 22' E | |
Oprjochting | 1977 | |
Yndieling | 24 gemeenten | |
Kenteken | AUR | |
NUTS-koade | DE947 | |
Kreiskaai | 03 4 52 | |
Webside | landkreis-aurich.de |
De Landkreis Auwerk is in lânkring yn it úterste noardwesten fan East-Fryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen mei de toeristyske Waadeilannen Baltrum, Júst en Nordeneach.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Landkreis Auwerk hat in oerflak fan sa likernôch 1.288 km². It grinzget (út it noarden wei mei de klok mei) oan de Waadsee, de lânkringen Wittmund en Lier en de Kreisfreie Stadt Emden. De Noardseekust fan Landkreis Auwerk wurdt foarme troch de Eastfryske eilannen Juist, Norderney en Baltrum, dy't allegear ta it distrikt (Landkreis) Auwerk hearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch foar mear ynformaasje: Skiednis fan East-Fryslân
De regio hat in rike skiednis dy't werom giet nei de prehistoarje. Yn de midsiuwen wie it diel fan de Fryske seelannen. Landkreis Auwerk waard yn 1885 oprjochte as ûnderdiel fan de Prusyske provinsje Hannover. De hjoeddeistige Landkreis Auwerk is foarme yn 1977 troch de gearfoeging fan 'e âlde Landkreis Auwerk mei Landkreis Norden.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 is yn hiel Nedersaksen in nije bestjoersstruktuur ynfierd. Dêrby is foar de gemeenten it ferskil tusken de stêden en de (frije) gemeenten ferfallen. Dy wurde no oantsjutten mei Einheitsgemeinden (ienheidsgemeenten). Sokke gemeenten fiere alle gemeentlike taken selsstannich út.
Yn 'e lânkring lizze ek twa Samtgemeinden, dy't tegearre foar meiïnoar 11 gemeenten in tal gemeentlike taken útfiere. In Samtgemeinde is in mienskiplike regeling foar in oantal gemeenten, dy't faak te lyts of te tinbefolke binne om alle gemeentlike taken goed oan te kinnen (fral finansjeel wie dat in probleem).
By de lânkring Auwerk heart ek in gemeentefrij gebiet, in ûnbewenne Waadeilân.
Gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ienheidsgemeenten | |
---|---|
|
Samtgemeinden mei de dielnimmende gemeenten:
- Memmert (5,17 km², ûnbewenne)
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gearstalling rie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kreistag hat 58 keazen leden en in streekrjocht keazen foarsitter (Landrat).
Auwerk is tradisjoneel in SPD-bolwurk. Yn it ferline hie de partij hast altiten in absolute mearderheid yn 'e Kreistag, dy't de partij yn 2006 ferlear.
Ekonomy en ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Landkreis Auwerk wurdt foaral droegen troch toerisme, lânbou, yndustry en tsjinstesektor. De grutste bedriuwen binne it sikehûs (meiwurkers), Enercon (850 meiwurkers), (meiwurkers), Sparkasse Aurich-Norden (450 meiwurkers), Rolf Janssen (370 meiwurkers) en Rücker GmbH (350 meiwurkers). De Eastfryske eilannen binne populêre toeristyske bestimmingen, benammen yn de simmermoannen. De regio is ek bekend om syn lânbouprodukten lykas molke, tsiis en griente.
De haadstêd Auwerk is net allinnich it ekonomyske sintrum, mar as haadstêd ek it bestjoerlike sintrum. Neist de amtnerij fan de Landkreis en gemeente binne der ek noch tal fan oare oerheidsynstânsjes yn Auwerk te finen. Opfallend is de ôfwêzigens fan in fêste treinferbining nei de stêd Auwerk. Der leit wol in treinspoar, mar dat wurdt inkeld troch transporttreinen brûkt. Allinnich oer it spoar fan Emden nei Norden ride passazjierstreinen.
De B72 is de wichtichste noard-súd ferbining en de B210 is de wichtichste west-east ferbining. De A31 is iennichste sneldyk yn Landkreis Auwerk en leit yn it súdwesten. De fleanfjilden op de eilannen soargje foar rappe ferbiningen nei it fêstelân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |