Teroelster Sipen
Appearance
Teroelster Sipen | ||
Teroelster Sipen | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Langwar, Teroele | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 22 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Teroelster Sipen is in natoergebiet by Teroele, tusken Langwar en Jiskenhuzen.
It gebiet fan 22 hektare bestiet út leechlizzend moeras- en reidlân, middenyn de polder mei wat iepen wetter dat beheard wurdt troch It Fryske Gea. Troch de lânboupolder hat it gebiet te lijen fan ferdrûgjen.
It is briedgebiet foar bygelyks de reidsjonger, snilekrûper, hoanskrobber en de knobbelswan. Tusken de elzebroekboskjes groeie moerasplanten en op it leechste plak fan de Teroelster Sipen, dêr't noch iepen wetter is, groeit tusken de reiden de lytse tuorrebout en de giele plomp. Yn de elzen sitte ek mûzefalk en hauk. De reiden jouwe beskûl oan ree.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |