Springe nei ynhâld

Spoar fan Ljouwert nei Starum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 mrt 2024 om 16.37 troch Drewes (oerlis | bydragen) (red.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Spoar fan Ljouwert nei Starum
Spoar fan Ljouwert nei Starum op de kaart
Totale lingte50,2 km
Spoarwiidtenormaalspoar 1435 mm
Oanlein trochSteat fan de Nederlannen
hjoeddeistige statusyn gebrûk
Elektrifisearrenee
Tal spoaren1
Baanfakfaasje100 (Ljouwert-Mantgum 130)[1] km/o
Befeiliging of treinbeynfloedingATB NG
Treintsjinst trochArriva
Trajekt
vSHI2gl- spoar fan Bad Nijeskâns
exSTRc2edABZg3dSTR
uexdSHI2g+lexdSTR3+1-evSTR+c4 tramwei fan Sint-Jabik oant 1927
uexdHSTvKBHFa-BHF-LdBHF-R 0,0 Ljouwert
uexdSTRdDSTvÜST wurkplak Stadler Rail
uexdSTRvÜSTrdSTR
exmdABZqrveABZgr-STRdSTR spoar nei Eanjum Opbr.
ddENDEedABZgldABZql+xr spoar nei Arnhim
dev-SHI2grexdENDEe stamline de Swette opbrútsen
exdWBRÜCKEdSTR De Swette
exdSTRdWBRÜCKE Van Harinxmakanaal
xdKRZxrdABZgr spoar nei Harns Haven
ev-SHI2g+r
dSKRZ-Ao N31
deBHF 5,0 Jellum-Boksum
deHST 7,0 Bears
deHST 8,7 Jorwert
dBHF 9,9 Mantgum
deHST 13,2 Wiuwert
deBHF 15,8 Boazum
deHST 18,0 Skearnegoutum
dBHF 20,4 Snits Noard
dWBRÜCKE1 Frjentsjerter Feart
uexdSTR+rdSTR tramwei fan Boalsert Opbr.
duexdABZglemdKRZuexdABZq+l tramwei nei De Jouwer Opbr.
uexv-STR + exv-SHI2+l
evSHI2gr- + uexv-STR
exv-DSTdBHFuexdKHSTe 21,7 Snits
exv-SHI2l +
exvSHI2+r- + vSHI2gl-
dSTRedKBSTxe Snits fracht
Snits FStM
evSHI2g+l-
dSKRZ-Ao N7E22
dBHF 24,8 Drylts
dWBRÜCKE1 25,6 De Wimerts
deBHF 30,0 Aldegea
deHST 35,8 Nijhuzum
dWBRÜCKE1 36,4 Klifrak
dBHF 37,4 Warkum
dBHF 41,0 Hylpen
dBHF 46,0 Koudum-Molkwar
deHST 47,6 Warns
evSHI2gl-
dSTRexdKBSTe Starum FStM
ev-SHI2gr
exdSTRdKBHFe 50,2 Starum
exv-STRBOOT Feartsjinst nei Inkhuzen
exTRAJEKTd spoarpont nei Inkhuzen opheven

It spoar fan Ljouwert nei Starum is in spoarwei yn Fryslân, mei in langte fan 50,2 km en mei in reistiid fan likernôch 49 minuten.

It spoar waard tusken 1883 en 1885 yn gebrûk naam.

Stasjons en gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 9 stasjons: (kursyf: earder stasjon)

Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou
Ljouwert 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud
Jellum-Boksum 1883 Gjin, gebou sloopt yn 1958, stasjon sletten yn 1938
Bears 1883 Gjin, stasjon sletten yn 1938
Jorwert 1883 Gjin, stasjon sletten yn 1938
Mantgum 1883 1973, NS 2e gebou, abry, by iepening Standerttype Loppersum
Wiuwert 1883 Gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1938
Boazum 1883 Gjin, gebou sloopt yn 1958, stasjon sletten yn 1938
Skearnegoutum 1883 Gjin, stasjon sletten yn 1938
Snits Noard 1973 1973, NS 1e gebou, abry
Snits 1883 1882, NS 1e gebou, standerttype Snits inkelde kearen yngreven ferboud
Drylts 1885 1985, 2e gebou NS, abry, by iepening Standerttype Loppersum
Aldegea 1885 Gjin, gebou sloopt yn 1973 , stasjon sletten yn 1938
Bombrekken 2000 Gjin, stasjon sletten yn 2000, tydlik stasjon foar opera Orfeo Aqua
Nijhuzum 1895 Gjin, stasjon sletten yn 1934
Warkum 1885 1973, 2e gebou NS, abry, by iepening standerttype Snits
Hylpen 1885 1973 2e gebou NS, abry, by iepening standerttype Loppersum
Koudum-Molkwar 1885 1991 3e gebou NS, abry, by iepening standerttype Loppersum
Warns 1885 Gjin, stasjon sletten yn 1938
Starum 1885 1973, 2e gebou NS, abry, by iepening unyk ûntwerp fan arsjitekt M.A. van Wadenoijen

Yn Ljouwert hat it spoar in ferbining mei oare spoaren:

Al yn 1863 wienen der plannen foar in ferbining tusken Ljouwert en Starum, en yn 1875 waard by wet besletten ta de oanlis, mar it duorre oant 16 july 1883 eart Ljouwert - Snits iepene wurde koe en oant 8 novimber 1885 eart it hiele spoar iepene waard. Dat it earste stik troch de Nije lannen gean soe, wie daalks wol dúdlik, mar net of de rûte fia Boalsert of fia Snits moast. In oare komplikaasje wie de sêfte grûn yn de Súdwesthoeke. Ek wie der it ferskil fan ynsicht of de spoarwei in lokale ferbining wêze moast, of in trochgeande ferbining nei Hollân. Der waard úteinlik keazen foar beide. Der kamen tuskenstasjons yn Jellum-Boksum, Mantgum, Boazum, Snits, Drylts, Aldegea, Warkum, Hylpen Molkwar en Warns, en yn 1895 kamen dêr noch Bears, Jorwert, Wiuwert en Skearnegoutum en Nijhuzum by. Mar der kaam ek in boatferbining fan Starum nei Inkhuzen, en fan dêr gong it spoar fierder nei Amsterdam. By de spoaren yn Fryslân en Hollân waard sels rekken holden mei útwreiding nei dûbeldspoar.

It spoar foel oarspronklik ûnder de Steatsspoarwegen, mar fan 1890 ôf waard it part fan de Hollânske Spoarweimaatskippij. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de Nederlânske Spoarwegen krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. As gefolch dêrfan waard yn 1934 Nijhuzum sletten, en waarden yn 1938 alle stasjons sletten, útsein dy fan Ljouwert, Snits, Warkum, Hylpen en Starum. Yn 1940 waarden alle stasjons wer iepene, útsein Warns en Nijhuzum, mar datselde jier waarden de stasjons tusken Ljouwert en Snits wer sletten, en yn 1941 ek de stasjons tusken Snits en Warkum. Allinnich Boazum waard yn 1943 nochris iepene, mar yn 1944 waard ek dat stasjon definityf sletten. Nei't yn 1964 it fear ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer.

Yn 1972 waard lykwols it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon. Yn 1973 krige Snits as earste plak yn Fryslân in twadde stasjon mei Snits Noard. En yn 1985 waard in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn 1999 waard NoardNed as nije brûker oanwiisd. ProRail is de tasjochhâlder.

Sûnt 1964 is ferskate kearen útsteld en hef it spoar op, of yn elts gefal it part fan Snits nei Starum. Meast wurdt dan útsteld en ferfang it spoar troch in busferbining. Mar sûnt it idee fan de sweeftrein besprutsen wurdt, wurdt as alternatyf ek de rûte Ljouwert, Starum, Inkhuzen, Amsterdam neamd, mei in fear, in tunnel of sels in dyk. De provinsje Fryslân stjoert lykwols oan op in lichtspoarferbining. Ek de Stifting Stoomtrein Fryslân stelde belang yn it spoar; dy hie fierútwurke plannen om fan Snits nei Starum as de Fryske Steamtrein Maatskippij in museumstoomtrein ride te litte.

Bysûndere halten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de fêste halten hat NoardNed ek in pear kear in bysûndere halte ynfoege. Mei Simmer 2000 wie der foar Orfeo Aqua in halte by de Bombrekken. En mei yngong fan 2002 is der yn Jorwert in halte foar it Iepenloftspul Jorwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: