Springe nei ynhâld

Freark fan Hallum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 jan 2024 om 01.08 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) (Banner_of_the_Holy_Roman_Emperor_with_haloes_(1400-1806).svg ferfongen troch Banner_of_the_Holy_Roman_Emperor_with_haloes_(1430-1806).svg (troch [[commons:User:CommonsDelinker|C)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Freark fan Hallum
Fredericus
geastlike
echte namme Freark Doedes
nasjonaliteit Roomsk-Dútsk
bertedatum ±1113
berteplak Hallum (Fryslân)
stjerdatum 3 maart 1175
stjerplak Hallum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
abt fan it Kleaster Mariëngaarde
amtsperioade 11631175
foargonger (kleaster stifte)
opfolger Ento fan Hallum[1]

Freark fan Hallum (wierskynlik berne as: Freark Doedes; kleasternamme: Fredericus; Hallum, ±1113 – dêre, 3 maart 1175) wie in Frysk roomsk pastoar, dy't yn syn berteplak Hallum yn 1163 it norbertynske Kleaster Mariëngaarde oprjochte. Ut 'e ferhalen dy't oer him oerlevere binne, komt er nei foarren as in from man, strang yn 'e lear, mar ek rjochtfeardich. Hy bestege in protte tiid en muoite oan it bestriden fan earmoede. Freark waard nei syn ferstjerren ta hillige ferklearre. Syn ferearing fynt plak op syn stjerdei: 3 maart.

Komôf en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freark waard yn of omtrint 1113 berne yn it doarp Hallum, yn 'e gritenij Ferwerderadiel. Hy moat in soan west hawwe fan in Dodo (in latinisearring fan 'e Fryske jongesnamme Doede) en dy syn frou Swidburga of Swithburga. Hy ferlear al jong syn heit, mar syn mem en de doetiidske pastoar fan Hallum, dy't ek fan Freark hiet, seagen dat der wat mear as in boer yn dy jonge stiek. Pastoar Freark joech him dêrom ûnderrjocht oant er âld genôch wie om allinnich fan hûs. Doe learde de jonge Freark fierder oan 'e kapittelskoalle yn Múnster, dêr't er in oplieding krige dy't tsjintwurdich as 'universitêr' oantsjut wurde soe. It wie dêre dat Freark foar it earst yn 'e kunde kaam mei norbertinen (ek bekend as premonstratinzers), te witten: dy fan it Kleaster Kloppenburch.

Monastike belangstelling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn stúdzje yn Múnster ôfrûne hie, kearde Freark werom nei Hallum, dêr't er earst fikaris waard (sis mar 'ûnderpastoar'), oant de âlde pastoar Freark kaam te ferstjerren. Doe folge er dyselde op en waard er pastoar fan syn bertedoarp. Geandewei de tiid krige Freark al mar mear belangstelling foar it monastike bestean yn it kleaster. Nei ferrin fan tiid reizge er ôf nei it suden, dêr't er as novise in jier lang syn yntrek naam yn 'e norbertynske abdij Mariënweard, by Kulemboarch. Yn dy tiid bestudearre er de wizânsjes fan 'e norbertinen en skreau der inkele liturgyske boekwurken oer.

Op 'e nij werom yn Hallum besocht Freark, mei oansjenlik súkses, syn parochianen oer te heljen en diel mei him in bestean dat basearre wie op it kleasterlibben. Dat wie foar him lykwols net genôch, dat hy reizge jitris nei it suden ta, dêr't er de biskop fan Utert om stipe frege. Dyselde beneamde him dêrop ta kanunnik (in geastlike dy’t him dwaande hâldt mei it koargebed), mar in twadde norbertynsk Kleaster yn noardlik Fryslân (njonken dat fan Dokkum) fielde de biskop eins neat foar. Freark krige de rie om oerienstimming te sykjen mei de sistersjinzers fan it Kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast. Dat mislearre lykwols mei't de opfettings fan Freark en de sistersjinzers te fier útinoar leine. Uteinlik wist er dêrom dochs tastimming te krijen en stiftsje yn 'e mande mei oare koarhearen in eigen kleaster op norbertynske grûnslach.

Ear't dêr wat fan komme koe, moast der earst noch in besteand kleaster ree fûn wurde om as memmekleaster fan 'e nije abdij te fungearjen. Freark reizge dêrom nei Dútslân ta, dêr't er de norbertinen fan it Kleaster Steinfeld, yn 'e Eifel, safier krige dat se dy bân mei syn nije kleaster yn Fryslân oangean woene. Dêrnei moast der fansels ek noch jild komme foar de bou fan it kleaster. Dat kaam beskikber doe't Freark syn mem ferstoar en hy syn bernepart brûke koe om mei de bou útein te setten. It kleaster krige de namme 'Mariëngaarde', dat "hôf fan Marije" betsjut. It koe yn 1163 ynwijd wurde, en Freark waard doe de earste abt. Hy wie doe omtrint fyftich jier.

Mariëngaarde wie ynearsten in dûbelkleaster mei sawol mûntsen as nonnen. It strange Steinfeld makke Freark lykwols dúdlik dat syn kleaster pas yn 'e norbertynske oarder opnommen wurde koe as manlju en froulju faninoar skaat waarden. Sadwaande ferfearen de nonnen al gau-eftich nei in eigen nonnekleaster, dat de namme Betlehem krige (by Bartlehiem). Freark seach it as it doel fan syn kleaster om 'e earmen te helpen. Sels libbe er hiel sober en dat hold er de bruorren en susters ek foar. Fierders lei er bot de klam op it jaan fan ûnderwiis, eat dêr't er as pastoar al mei begûn wie. Sadwaande kaam der in kleasterskoalle dêr't in protte tiid en oandacht nei útgie. Ek sette Freark him yn foar ferbettering fan 'e lânbou. Dat wie net alhiel sûnder eigenbelang, want de measte kleasterlingen wiene fan boere-komôf en it kleaster krige in protte grûnbesit.

Yn totaal wie Freark tolve jier lang abt fan Mariëngaarde. Yn 'e lêste jierren waard der oer him klage. Hy krige hieltyd mear wurk foar de norbertynske oarder te dwaan, en guon fûnen dat er dêrtroch it kleaster sloere liet. Hy kaam op 3 maart 1175 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan omtrint 62 jier. Hy waard begroeven yn 'e kleasterkapel. Doe't de bruorren fan Mariëngaarde in stikmannich jierren nei de begraffenis murken dat syn grêf leger lei as it grûnwetterpeil, en dat syn stoflik omskot dus ûnder wetter stie, waard it grêf ferpleatst nei in heger plak yn deselde kapel. It nije grêf waard fersegele en foarsjoen fan in tinkteken.

Freark as hillige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al rillegau nei syn dea waarden der wûnderferhalen oer Freark fan Hallum ferteld. Hy waard troch de Roomsk-Katolike Tsjerke hillich ferklearre (ûnder syn latinisearre kleasternamme Fredericus), en sa waard Mariëngaarde in beafeartsplak. Dat wie yn Fryslân frij unyk, want in soad Fryske hilligen wiene der net. Syn hjeldei wurdt (noch altyd) fierd op syn stjerdei, 3 maart. Op 'en doer rûn de belangstelling werom, mar noch yn 1622 kamen der roomske leauwenden nei Hallum ta om him te ferearjen. Dat wie goed fjirtich jier nei't de Steaten fan Fryslân yn 1580 Mariëngaarde oernommen hiene. Fan it kleaster moat doe noch hast allinne de kapel stien hawwe, want dy tsjinne ek as parochytsjerke foar Hallum en omkriten. It oanhâldende beafeartsjen gie de kalvinistyske dûmnys oer de meuch, en dy beävensearren dêrom dat de kapel sletten waard. Op in tekening fan Piter Idserts Poorter om 1730 hinne stie noch in bewenne boufal fan it eardere kleaster.

Fier foar it yngripen fan 'e dûmnys wie de grêftombe al leech. Foaroansteande roomsken seagen kâns en bring it stoflik omskot fan Freark yn feilichheid. Earst waard it op in geheim plak yn Fryslân bewarre, mar letter waard it nei de Súdlike Nederlannen smokkele. Yn 1616 waard de deakiste mei de resten fan it lyk fan Freark fan Hallum mei tastimming en stipe fan aartshartoch Albertus fan Eastenryk, de doetiidske Spaanske lânfâd fan 'e Súdlike Nederlannen, mei grutte staasje oerbrocht nei de norbertynske abdij Bonne-Espérance, by Binche, yn Henegouwen.

Yn 1794 moasten de mûntsen dêr ûnder driging fan 'e Frânsen harren kleaster foargoed ferlitte, mar ear't se ôfreizgen, fertrouden se de reliken fan Freark ta oan 'e tsjerke fan it oanbuorjende doarp Vellereille. It meastepart dêrfan waard yn 1830 skonken oan it sûnt dat jier yn 'e gebouwen fan 'e eardere abdij fêstige lytsseminaarje fan it bisdom Doarnik. De rjochterskynbonke fan Freark kaam doe lykwols yn it besit fan 'e parochytsjerke fan it Belgyske Strepy. Fierders wurdt yn Freark syn hilligelibben, de Vita Fretherici, fernijt dat by de ferpleatsing fan it grêf fan Freark yn 'e kleasterkapel fan Mariëngaarde ien fan 'e dêrby belutsen bruorren in bonkje gaudieve hie, mei de bedoeling om dat oan 'e non Betika fan it Kleaster Betlehem te jaan. Betika liet dit relikwy yn in sulveren krús fetsje, bedutsen troch in ametist. Dat krús rekke neitiid yn hiel Fryslân ferneamd en waard in "werktuig veler wonderen" neamd.

It hilligelibben fan Freark fan Hallum, de Vita Fretherici, waard om 1231 hinne, dus 56 jier nei syn dea, yn it Latyn skreaun troch Sibrand fan Hallum, de sechsde abt fan it kleaster Mariëngaarde. Dy hagiografy is oerlevere as ûnderdiel fan in kodeks dy't fan 1497 datearret. Fierders waard de tekst yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw kopiëarre roch Sibrandus Leo en mei oare hilligelibbens fan Fryske abten tafoege oan syn Chronica Abbatum Lidlumensium et Orti Sancte Marie ("Kronyk fan 'e Abten fan Lidlum en Mariëngaarde"), dy't yn 1575 foltôge waard. Yn 2018 ferskynde fan 'e Vita Fretherici in Fryske oersetting fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, ûnder de titel It Libben fan Freark fan Hallum.[2]

It doarp Hallum hâldt de âld-doarpsgenoat yn eare mei in búste, makke troch byldhouwer Frans Ram, dy't midden yn 'e buorren pleatst is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haak, Dirk, Luchtmans, Samuël, en Langerak, Johannes Arnoldus, Kerkelijke Historie en Outheden der Zeven Vereenigde Provincien: Vyfde Deel, Behelzende de Outheden en Gestichten van Vriesland tusschen 't Vlie en de Lawers, Leien, 1726.
  2. Bruinsma, Klaas, Ynlieding ta It Libben fan Freark fan Hallum, Blauhûs, 2018 (Utjouwerij DeRyp), ISBN 978-9 08 15 81 899, s. 7.