It Libben fan Freark fan Hallum
It Libben fan Freark fan Hallum | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Vita Fretherici | |
auteur | Sibrand fan Hallum | |
taal | Latyn | |
foarm | biografy | |
sjenre | hilligelibben | |
skreaun | ±1231 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Libben fan Freark fan Hallum | |
publikaasje | 2018, Blauhûs | |
útjouwer | Utjouwerij DeRyp | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 978-9 08 15 81 899 |
It Libben fan Freark fan Hallum, yn it oarspronklike Latyn: Vita Fretherici, is it hilligelibben fan 'e Fryske geastlike Freark fan Hallum (±1113-1175), dy't de oprjochter en earste abt fan it kleaster Mariëngaarde by Hallum wie. It hilligelibben waard omtrint 1231 skreaun troch Sibrand fan Hallum, de sechsde abt fan Mariëngaarde, en yn 1575 kopiëarre (en bewurke) troch de skiedskriuwer Sibrandus Leo. De Fryske oersetting, fan Klaas Bruinsma, ferskynde yn 2018.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vita Fretherici, it hilligelibben fan Freark fan Hallum, waard begjin trettjinde iuw skreaun troch Sibrand fan Hallum, dy't fan 1230 oant 1238 as de sechsde abt fan Mariëngaarde ien fan Freark syn opfolgers wie. Yn syn foarwurd fertelt Sibrand dat er ta it skriuwen fan it hilligelibben kaam om't er dêrta in fersyk krigen hie fan Gertrude, de prioresse fan it Kleaster Betlehem by Bartlehiem (dat út Mariëngaarde ûntstien wie), en fan Bernilde, in foaroansteande non yn dat kleaster. Neffens syn eigen sizzen skrok Sibrand, dy't himsels "in ienfâldich man" neamde, earst fan dat fersyk, om't er himsels eins te min fûn om it hilligelibben fan syn grutte foargonger te skriuwen. Dochs foldied er oan it fersyk, "om't de suvere wierheid it bêste troch de tiidgenoaten meidield wurde kin en om't wy witte dat noch gâns minsken libje dy't him [Freark] moai goed kend hawwe."
Sibrand moat al foàr 1230 mei it wurk úteinset wêze, want yn it foarwurd fernijt er dat Siard fan Hallum, syn eigen foargonger as abt, ien fan dyjingen wie dy't Freark kennen hiene en noch yn libben wiene. Ek "in frou dy't er [Freark] genêzen hat" (en dy't by de nonnen yn Kleaster Betlehem ferbleau), en ferskate jonges dy't Freark ûnderrjochte hie, koe Sibrand noch oer Freark befreegje, sadat er in stikmannich ferhalen oer de hillige út 'e earste hân optekenje koe. It tinken is dat er de Vita Fretherici omtrint 1231 foltôge. Dat wie 56 jier nei it ferstjerren fan Freark fan Hallum.
Fierdere skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vita Fretherici is oerlevere yn 'e foarm fan in ôfskrift út 'e trettjinde iuw dat opnommen is yn in kodeks mei oare abtelibbens fan Mariëngaarde. De kodeks sels datearret fan 1497, en is op 'e noed fan 'e Keninklike Bibleteek te Brussel. De Vita Fretherici waard ek opnommen yn it yn 1575 troch de Fryske skiedskriuwer en geastlike Sibrandus Leo gearstalde Chronica Abbatum Lidlumensium et Orti Sancte Marie ("Kronyk fan 'e Abten fan Lidlum en Mariëngaarde"). Hoewol't yn it Fryslân fan 'e Reformaasje sokke wurken yn 'e 1580-er jierren hast allegearre ferneatige waarden as 'paapske ôfgoaderij', bleau de Chronica Abbatum Lidlumensium et Orti Sancte Marie bewarre trochdat ek dit wurk yn 'e Keninklike Bibleteek yn Brussel bedarre.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Vita Fretherici wurdt it libben fan Freark fan Hallum beskreaun, mar net sa't men dat hjoed oan 'e dei dwaan soe. De skriuwer docht war om al yn Freark syn bernetiid dingen op 't aljemint te bringen dy't foarútwize nei de hillige dy't er letter wurde sil. Ek by de beskriuwing fan Freark as folwoeksene leit de klam op 'e religieuze ûnderfining. It doel fan in hilligelibben is lykwols ek net om in sa reälistysk mooglik byld fan it libben fan 'e persoan yn kwestje te jaan, mar om 'e lêzer te ûnderrjochtsjen oer hoe't er sels libje moatte soe troch foarbylden oan te dragen út it libben fan 'e hilligen.
Boppedat wiene wûnders, oft dy no troch yntervinsje fan 'e hillige ta stân kamen, of streekrjocht it wurk fan God wiene, yn 'e Midsiuwen in folslein akseptearre ûnderdiel fan it bestean. De Vita Fretherici stiet dan ek fol mei wûndertekens (fjirtjin, om persiis te wêzen) dy't Freark ferrjochte hawwe soe, sawol by syn libben as nei syn dea. Dat liedt gauris ta beskriuwings fan foarfallen en sitewaasjes dy't yn 'e Midsiuwen folslein serieus nommen waarden, mar dy't foar de hjoeddeiske lêzer benammen komysk oandogge.
Freark fan Hallum komt út it hilligelibben nei foarren as in tige from man, dy't al fan bern ôf oan bejeftige wie mei alderhanne deugden, lykas leargjirrigens en iver. Dochs waard er dêr net grutsk of arrogant fan. Hy wie tige strang yn it selibaat en tocht nea oan in faam. Hy libbe sober en die boete troch drûch brea te iten. Hy tsjinne God dei en nacht, û.m. fêstjen en bidden. As abt wie Freark myld foar goeden, mar strang foar lju dy't wat misdien hiene. Sa waard in jongfeint dy't in moard dien hie, de noas ôfsnien en ûntmanne om dêrnei yn it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast opsletten te wurden.
De Vita Fretherici befettet in taheakke dy't bestiet út trije dielen. Yn it foarste plak is der in gebed ta Freark (as hillige), dat bestiet út trettjin fersregels yn heksameters. Oard is der in namdicht besteande út fjirtjin rimende fersregels, ûndertekene mei "P.G." De earste letters fan 'e fersregels foarmje de namme Pavlvs Gisberti, wêrmei't de skriuwer identifisearre wurde kin as Paulus Gysberts de Monte fan Sint-Winoksbergen, yn Flaanderen, dy't bibletekaris wie yn Mariëngaarde doe't er de dichtregels skreau. Ta einbeslút is der noch in gebed oan Jezus Kristus, besteande út twa rimende regels.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vita Fretherici waard yn 2018 ûnder de titel It Libben fan Freark fan Hallum út it Latyn oerset nei it Frysk troch Klaas Bruinsma, dy't ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan û.m. de Ilias en de Odyssee. De oersetting fan 'e Vita Fretherici waard útbrocht by Utjouwerij DeRyp te Blauhûs. By in fraachpetear mei Sietse de Vries foar de Ljouwerter Krante fertelde Bruinsma dat it de bedoeling wie om noch teminsten trije oare hilligelibbens fan abten út Fryslân yn Fryske oersettings út te jaan, te witten dy fan Odolfus, Martinus en Radbod.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|