Springe nei ynhâld

Oerlis:Freark fan Hallum

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Losse eintsjes

[boarne bewurkje]

Ik wit net of it hjoed oan my leit of oan de tekst, mar ik kin der by in pear dingen noch net útkomme:

  • "It idee om in kleaster te stiftsjen liet Freark net los." Hoenear wie dat idee dan by him opkaam?
  • "Der wie wat oan foarôf gien" Hoe moat dit delskreaun wurde om it kronologysk te meitsjen? (Is dit deselde biskop dêr't Frearf kanunnik troch makke wie? Of hat dy man in oare namme?)
  • "Freark krige dan ek de rie om oerienstimming te krijen mei it Bernardynske kleaster Klaarkamp." Waard er nei in mûntsekleaster stjoerd wylst er al tastimming hie foar in kanunnikekleaster?
  • "Dat mislearre," Wat mislearre?
  • "Freark is doe werom gien nei Dútslân" Nei't it kleaster opdield waard? Is hjir in jiertal foar?
  • "De grêftombe wie doe al leech." 1622 of by it slúten fan de kapel of 1730?

Aliter 00.17, mar 3, 2006 (UTC)