Springe nei ynhâld

Hazze

Ut Wikipedy
hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus europaeus
Pallas, 1778
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen foarkommen
     foarkommen as eksoat

De hazze (wittenskiplike namme: Lepus europaeus), om ûnderskie te meitsjen mei oare hazzesoarten ek wol de Jeropeeske hazze, de Jeraziatyske hazze of de gewoane hazze neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen. Mei njoggen oare hazzesoarten makket dit bist diel út fan it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). It wyfke fan 'e hazze hjit in moerhazze en it mantsje is in raam. De hazze is lânseigen yn in grut diel fan kontinintaal Jeropa en teffens yn westlik Aazje. Yn Fryslân komt er hiel algemien foar. Hy liket in protte op 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), mar is grutter en hat langere earen en efterpoaten.

Fersprieding

De hazze is lânseigen yn hast hiele Jeropa (mei útsûndering fan Skandinaavje, de Britske Eilannen, it grutste part fan it Ibearysk Skiereilân en de eilannen yn 'e Middellânske See) en fierders yn Lyts-Aazje en yn parten fan Sintraal-Aazje en súdwestlik en súdlik-sintraal Sibearje. As eksoat komt er ek foar yn Ingelân, Wales en Skotlân, yn súdlik Sweden, op Korsika, yn in beheind part fan it easten fan 'e Feriene Steaten, yn it súdlikste trêdepart fan Súd-Amearika, yn eastlik en súdeastlik Austraalje, op Tasmaanje en yn hiele Nij-Seelân.

Uterlik

De kop-romplingte fan 'e hazze bedraacht likernôch 50–65 sm en de sturt heakket dêr nochris 81/2–12 sm oant ta. Syn gewicht fariëarret fan 21/2–6 kg. De efterpoaten, dy't er brûkt om him mei ôf te setten, binne folle grutter as de foarpoaten en hawwe in lingte fan 12–16 sm. De lange en tige draaibere earen binne 9–12 sm lang. De hazze is de wylde knyn net wanlyk, mar hat in foarser foarkommen, gruttere poaten en langere earen mei swarte puntsjes dy't wylde kninen net hawwe. Op 'e rêch is de hazze grizich brún of ljochtbrún en op 'e bealch witich. yn in heidebiotoop binne hazzen gauris wat dûnkerder fan kleur. De sturt wurdt ûnder it draven sa holden dat de donkerbrune of swartige boppekant te sjen is (wylst de knyn sines omheech hâldt en de wite ûnderkant toant). Hazzen en kninen wurde tsjintwurdich net mear ta de kjifdieren rekkene, al binne se lang wol as sadanich beskôge.

Biotoop

In hazze dravend yn it iepen fjild.

Fan oarsprong libbet de hazze op steppen en yn wat iepener wâlden, mar yn Jeropa hat er him oanpast oan kultuerlânskippen fan sawol lânbou as feehâlderij. De hazze is in skruten bistke en komt net in protte foar yn tichtbefolke gebieten. Rêst hâldt de hazze by foarkar op plakken dêr't wat beskutting is, lykas by hagen, beamwâlen en sleatskanten lâns of yn heger gers of tusken de fuorgen fan ploege boulân. Ek syn leger, in ûndjip kûltsje yn 'e begroeiïng, makket er it leafst op sokke plakken. Mei't de hazze oer in goede skutkleur beskikt en dêrop fertrout, kin men him faak hiel ticht benei komme sûnder him opmurken te hawwen, oant de moed him ûntsinkt en er ynienen fuortspringt. Yn folle faasje kin de hazze 65 km/h helje.

Hâlden en dragen

De hazze is eins fierhinne in nachtdier, al is er fral simmerdeis ek yn 'e skimer en oerdeis wol op 'e lapen. It grutste part fan it jier libbet er solitêr, mar as yn 'e djoeitiid, dy't fan desimber oant augustus falt, de moerhazzen jachtich binne, wurde se neisitten troch gauris ferskate rammen, dy't inoar dêrby befjochtsje. De moerhazze huft sels trouwens ek fan har ôf, ntl. troch te "boksen" mei de efterpoaten. De draachtiid duorret in 40 dagen, en fan febrewaris oant oktober kin ien hazze wol trijeris smite, wylst eltse smeet bestean kin út 1–5 of inkeldris 6 jongen. Dy jongen wurde behierre en mei iepen eagen berne. Mei likernôch 30 dagen wurde se ôfwûn. Fan 'e jongen stjert 50% yn 'e earste moanne, wylst fan 'e rest de measten net âlder wurde as in jier, ek al kin de hazze yn it wyld yn teory op syn minsten 7 jier libje.

Fretten en lûd

In hazze.

Hazzen binne herbivoaren, dy't winterdeis benammentlik tarje op gers en simmerdeis op krûden lykas klaver. As hja der de kâns ta krije, ite se ek graach beskate lânbougewaaksen, lykas nôt, stynske weet, jirpels en earte. By hege snie stelle se har tefreden mei it fretten fan strewelletwigen en beamskoars. Se meitsje net in protte leven, al kinne se somtiden in gnoarjend of fluitsjend lûd fuortbringe.

Status

De hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet, mei't it ferspriedingsgebiet grut is en de populaasje oer it algemien stabyl. Likegoed giet de populaasje der yn in protte lannen stadich op efterút, mei't de hazze sjoen wurdt as in skealik bist en sadwaande faak bejage wurdt.

Undersoarten

Der binne 15 (stân fan saken anno 2015) erkende ûndersoarten fan 'e hazze (Lepus europaeus):[1]

  • L. e. caspicus
  • L. e. connori
  • L. e. creticus
  • L. e. cyprius
  • L. e. cyrensis
  • L. e. europaeus
  • L. e. hybridus
  • L. e. judeae
  • L. e. karpathorum
  • L. e. medius
  • L. e. occidentalis
  • L. e. parnassius
  • L. e. ponticus
  • L. e. rhodius
  • L. e. syriacus
  • L. e. transsylvanicus

Hazze yn it Frysk taaleigen

In hazzekop.

Yn it Frysk binne der in protte sprekwurden en siswizen mei de hazze, dy't almeast ferwize nei syn ûnderstelde eangstme of leffens of nei syn fluggens.

  • In hazze (bangeskiter).
  • In Kollumer hazze (in kat).
  • Sa bang as in hazze.
  • Sa dapper as in hazze (iroanysk bedoeld).
  • Sa fluch as in hazze.
  • Sa waaks/wach as in hazze.
  • Sa wekker as in hazze.
  • Fleane as in hazze.
  • Rinne as in spande hazze (hiel stadich rinne).
  • Deryn rinne as de/in hazze yn 'e strik (ûnnoazelwei).
  • Switte as in hazze.
  • By jins wurd stean as de hazze by de tromme (gjin wurd hâlde).
  • In hazze yn 't spantou sette wolle (it ûnmooglike wolle).
  • De hazze en de slak hawwe op deselde dei nijjier (doch mar kalm oan).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hoffman, R.S., en Smith, A.T., Order Lagomorpha

  • Hoffman, R.S., en Smith, A.T., Order Lagomorpha, yn: Wilson, D.E., en Reeder, D.M., Mammal Species of the World (3de edysje; s. 198-199), Boston, 2005 (ISBN 978-0-8018-8221-0).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.
  • Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (A.J. Osinga Uitgeverij), ISBN 9 06 06 64 40X.