Springe nei ynhâld

Pasifyske marter

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 nov 2023 om 01.18 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
Pasifyske marter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai marters (Martes)
soarte
Martes caurina
Merriam, 1890
IUCN-status: – (noch net beoardiele)
ferspriedingsgebiet

De Pasifyske marter (wittenskiplike namme: Martes caurina) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), it skaai fan 'e marters (Martes) en it lyknammige ûnderskaai fan 'e marters (Martes), dêr't ek de beamotter (Martes martes) en de stienmurd (Martes foina) ta hearre, dy't yn Fryslân foarkomme. De Pasifyske marter hat in fragmintearre ferspriedingsgebiet yn súdwestlik Kanada en de westlike Feriene Steaten. Hiel lang waard dit bist beskôge as in ûndersoarte fan 'e Amerikaanske marter (Martes americana), mar nei nij ûndersyk waard er yn 2021 erkend as selsstannige soarte.

Taksonomy

De Pasifyske marter waard hiel lang beskôge as in ûndersoarte (of eins in groep ûndersoarten) fan 'e Amerikaanske marter (Martes americana). Yn 'e ienentweintichste iuw smieten ferskate ûndersiken oer de molekulêre erflikheid fan 'e beide bisten it resultaat op dat de Pasifyske marter eins in selsstannige soarte is. Yn 2021 waard er dêrom as sadanich erkend troch it Amerikaansk Genoatskip fan Mammalogen. De Pasifyske marter en de Amerikaanske marter binne kwa uterlik suver net útinoar te hâlden, mar de Pasifyske marter hat in justjes koartere snút en in bredere plasse. It tinken is dat de beide soarten útinoar groeid binne doe't se ûnder de lêste iistiid troch gletsjers faninoar skaat wiene, de Pasifyske marter bewesten en de Amerikaanske marter beëasten de Rocky Mountains.

In Pasifyske marter sjocht ris om him hinne.

Fersprieding

It ferspriedingsgebiet fan 'e Pasifyske marter beslacht yn Kanada it suden fan Britsk-Kolumbia, de Keninginne Sjarlotte-eilannen en Vancouvereilân ynbegrepen, mei dêropta it uterste súdwestlike rântsje fan Alberta. Fierders omfiemet it ek de eilannen Kupreanof en Kuiu yn 'e Alexanderarsjipel fan Súdeast-Alaska. Op in protte eilannen yn dy arsjipel is de Amerikaanske marter troch de minske yntrodusearre, wylst der gjin spoar is fan 'e Pasifyske marter. It is ûnbekend oft de oanwêzigens fan Amerikaanske marter de lânseigen Pasifyske marter dêre ferdreaun of útrûge hat, of dat de Pasifyske marter dy eilannen nea bewenne hat.

Yn 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten komt dizze soarte foar yn 'e Rocky Mountains fan westlik Montana, sintraal en súdeastlik Idaho, súdeastlik Washington, noardeastlik Oregon en noardwestlik Wyoming. Isolearre populaasjes libje yn noardeastlik en súdeastlik Utah, sintraal Kolorado, súdlik Wyoming en noardlik Nij-Meksiko, en yn 'e Cascades fan Oregon, oergeand yn it berchlân fan Noardlik Kalifornje en dêrwei trochrinnend nei de Sierra Nevada fan eastlik Kalifornje en westlik Nevada.

Uterlike skaaimerken

De Pasifyske marter hat trochinoar in kop-romplingte fan 32–45 sm, mei in sturtlingte fan 13–23 sm en in gewicht fan 0,5-1,4 kg. It liif is lang en rank, mei koarte lidden en in plomsturt. De earen binne grut en rûn. De lange, sidesêfte pels is op 'e rêch ljochtbrún, dûnkerbrún of tsjin it swarte oan. De kop is yn 'e regel wat ljochter, wylst de poaten en de sturt ornaris wat dûnkerder binne. De bealch hat deselde kleur as de rêch, mar op 'e kiel en it boarst sit in bef dy't krêmkleurich oant feloranje fan kleur is. De mantsjes binne oansjenlik grutter en swierder as de wyfkes, mar ferskille net kwa kleur.

In Pasifyske marter wurdt ûnder it klimmen gewaar dat er net allinne is.

Biotoop

Pasifyske marters libje yn nullewâlden en mingde wâlden. Yn 'e Rocky Mountains, de Cascades en de Sierra Nevada komme se foar oant de beamgrins, mar net dêrboppe.

Hâlden en dragen

De Pasifyske marter is net in echt deidier, mar ek gjin echt nachtdier. Yn it simmerhealjier binne Pasifyske marters ornaris aktiver by deiljocht, mar winterdeis komme se oer it algemien pas nei tsjuster foar 't ljocht. By 't simmer binne Pasifyske marters in grutter part fan 'e dei oan it jeien en harren territoarium oan it patrûljearjen as winterdeis. It is ûndúdlik oft dat komt om't se yn 'e winterkjeld minder enerzjy hawwe of krekt om't se winterdeis gruttere proaien snippe en dêrom minder op 'e lapen hoege te kommen.

Pasifyske marters libje ornaris in solitêr bestean, behalven yn 'e peartiid, dy't yn july of augustus falt en foar wyfkes sa'n 2 wiken duorret. Trochdat de Pasifyske marter in ferlingde draachtiid hat, wurdt de ymplantaasje fan it embryo opkeard oant de ein fan 'e winter, wêrnei't de wiere draachtiid likernôch in moanne duorret. Ein maart of yn april smyt it wyfke yn in nêst yn in holle beam of ûnder beamwoartels of rotsen in nêst fan 1–5 jongen, dy't mei 42 dagen ôfwûn wurde. De jongen bliuwe by de mem oant de maityd fan it folgjende jier. Yn teory binne se dan geslachtsryp en kinne se oan 'e fuortplanting dielnimme, mar yn 'e praktyk dogge se dat ornaris pas as se 2 jier âld binne.

Fretten

De Pasifyske marter is in omnivoar, dy't benammen wrotmûzen en katoensturtkninen fret. Op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen, foar de kust fan Britsk-Kolumbia, meitsje fûgels it wichtichste fiedsel fan dizze soarte út. Mooglik dat fisk yn kustgebieten wichtich is. Dêrnjonken steane simmerdeis ek fruchten en oare fegetaasje en ynsekten op it menu.

In Pasifyske marter yn 'e snie.

Natuerlike fijannen

Natuerlike fijannen fan 'e Pasifyske marter binne grutte rôffûgels, lykas de keningsearn (Aquila chrysaetos), de see-earn (Haliaeetus leucocephalus) en de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus). Ek wurdt er bejage troch de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de poema (Puma concolor), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de grizzlybear (Ursus arctos horribilis), de grize wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes) en de fiskmarter (Martes pennanti).

Status

De Pasifyske marter is net bedrige, mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. In offisjele IUCN-status foar dit bist ûntbrekt anno 2023 lykwols om't de erkenning as in selsstannige soarte noch sa farsk is.

In Pasifyske marter yn in beam.

Undersoarten

Der binne sân (stân fan saken anno 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Pasifyske marter (Martes caurina):

M. c. sierrae, út 'e Sierra Nevada, wurdt beskôge as in kwetsbere ûndersoarte. M. c. humboldtensis is krityk bedrige, mei't der noch mar in pear hûndert fan oer binne.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.