Ferkearsknooppunt
In ferkearsknooppunt is in krusing fan autogongwegen en autowegen foar trochgeand motorisearre ferkear, dy't almeast op ûngelikese hichten útfierd wurdt. Op knooppunten hoecht it ferkear net te stopjen by it ôfslaan, mar kin it gewoan trochriden bliuwe. Troch de hege faasje fan auto's op de diken dêr't knooppunten binne, wurde de bochten mei in wide bôge makke. Finansjele omtinkens foarmje gauris in rem op it tal oergongen dat boud wurde kin. Dêrtroch is it net altyd like ienfâldich alle ôfslaggen mooglik te meitsjen en dochs de grutte fan it knooppunt te beheinen.
Knooppunten kinne in krusing of in trijesprong fan autogongwegen wêze, en bygelyks yn Dútslân yn it Autobahnsysteem hawwe se elts in eigen namme. In krusing hjit dêr in Autobahnkreuz en in trijesprong hjit in Autobahndreieck. Yn West-Jeropa wurde knooppunten almeast op ûngelikense hichte boud, hoewol't guon op deselde hichte boud binne, lykas de eardere rotonde op it knooppunt De Jouwer, dat yn 2017 en 2018 omboud waard ta in heal stjerknooppunt. Yn Nederlân en Belgje wurde knooppunten net opnommen yn it nûmerjen fan de diken, mar yn Dútslân en oare lannen wol wer. Yn Fryslân binne ek in stikmannich knooppunten. De knooppunten De Jouwer, Surch, en Werpsterhoeke binne útfierd as heale stjerknooppunten en dy fan It Hearrenfean en Drachten binne útfierd as klaverblêd.
Needsaak fan in knooppunt
By in ferkearsknooppunt komme der twa of mear diken byinoar. Faak giet it om autogongwegen, dêr't it ferkear mei in reedlik hege faasje op ta komt. It útgongspunt by krusende diken is om it trochstreamen net te ûnderbrekken en fluch ferrinne te litten. In krusing fan gelikense hichte mei stopljochten is fanwegen it foarmjen fan files en ûngemakken gjin goede oplossing foar diken mei in trochstreamfunksje.
Dêrom wurdt der by knooppunten foar keazen foar it skieden fan de haadrydbanen troch middel fan in fiadukt. Foar de rjochtingen nei rjochts wurde der ferbiningsbanen oanlein, mei yn- en útrydstripen, mei in bôge fan 90° nei rjochts. De ôfslach nei lofts is in probleem om't de haadbaan yn paad leit. Dêrfoar binne ferskate manieren foar betocht, dy't fierder op dizze side beskreaun wurde.
Parten fan in knooppunt
In ferkearsknooppunt bestiet út ferskate parten.
Yn- en útrydstripen
It ferkear ferlit de haadrydbaan oan de rjochterkant nei in útrydstripe. Dy útrydstripe kin oergean yn in ferbiningsbôge of yn in ranzjearbaan. Almeast hat in knooppunt ien útrydstripe de rjochting en nei it knooppunt ek ien ynrydstripe foar ynridend ferkear. Dy stripen wurde lang genôch boud, sa't it ferkear op de haadrydbaan sa min mooglik ôf hoecht te remjen of op hoecht te lûken.
Ranzjearbaan
Ranzjearbanen binne almeast yn klaverblêden en farianten dêrfan. In ranzjearbaan ferbynt de út- en ynrydstripen mei-inoar en jout tagong ta de ferbiningsbôgen. Troch it oanlizzen fan ranzjearbanen hat it ferkear op de haadrydbaan gjin lêst fan it ôfslaande ferkear dy't faasje minderje moat om oer de ferbiningsbôge te riden. Yn Nederlân hawwe hast alle klaverblêden in ranzjearbaan.
Weeffek
- De Wikipedy hat ek in side Weeffek.
In weeffek is it part fan de ranzjearbaan dêr't bestjoerders fan stripe wikselje. Ferkear op in klaverblêd dat lofts ôfslacht rydt earst út, rydt dêrnei op de ranzjearbaan en kin op it weeffek útride om dêrnei de ferbiningsbôge op te riden. Nei de ferbiningsbôge rydt de bestjoerder op it folgjende weeffek, dêr't de ranzjearbaan oer de útrydstripe wer tagong jout ta de haadrydbaan.
Ferbiningsbôge
Ferbiningsbôgen meitsje ôfslaan mooglik. Ofslaan nei rjochts kin dien wurde troch in ferbiningsbôge mei in rommere bocht dy't 90° nei rjochts draait. Foar ferkear dy't lofts ôfslaan moat, binne der ferbiningsbôgen mei ferskillende foarmen ûntwikkele.
Fiadukt en fly-overs
De krusende haadrydbanen fan in ferkearsknooppunt wurde almeast troch in fiadukt faninoar skaat. De ferbiningsbôgen om nei lofts ôf te slaan kinne yn ferskate foarmen útfierd wurde. By in klaverblêd foarmje se suver in lus, mar binne de bochten skerper en moat it ferkear syn faasje folle mear minderje. By oare knooppunten, lykas stjerknooppunten, binne ferbiningsbôgen nei lofts as in fly-over oer it knooppunt hinne makke en binne de bochten rommer makke. Dêrtroch hoecht it ferkear syn faasje net sa folle te minderjen, en komt it foarmjen fan files mear tefoaren as by in klaverblêd. In ferneamd foarbyld fan in knooppunt mei fly-overs is dy fan it Prins Clausplein by De Haach. Sokke knooppunten binne lykwols djoerder, allinnich al om't dy troch harren grutte mear romte nedich hawwe.
Knooppunt yn krúspuntfoarm
Der besteane fjouwer foarmen fan krúsknooppunten, dy't ûnderinoar ferskille neffens fermogen, feiligens, boukosten, en romtegebrûk. By alle foarmen wurde de ôfslaggen nei rjochts almeast itselde boud. It ferskil fan bouwen sit yn de manier dêr't nei lofts ôfslein wurde moat. De fjouwer haadfoarmen foar fjouwer rjochtingen binne it klaverblêd, turbine, wynmûne en stjerknooppunt. Dêrnjonken komme der ek mingde foarmen foar.
Yn Dútslân wurde krúspunten fan autogongwegen Autobahnkreuzung neamd.
Klaverblêd
- De Wikipedy hat ek in side Klaverblêd (knooppunt).
De namme fan it klaverblêd komt fan de net folle foarkommende foarm fan de plant klaver mei fjouwer blêden; it klaverke fjouwer. Yn Nederlân en Dútslân wurdt it klaverblêd it meast foar krúsknooppunten keazen. It bouwen fan in klaverblêd is meastentiids goedkeaper, om't der mar ien fiadukt mei in reedlik koarte lingte boud hoecht te wurden. De ôfslaggen nei lofts wurde mei ferbiningsbôgen mei in reedlik skerpe bocht fan 270° nei rjochts as in soarte lus boud. It ferkearsfermogen fan in klaverblêd is wat leger as syn djoerdere farianten. Op de ranzjearbanen en weeffekken komt it ferkear mei ferskillende faasje byinoar. Dêrtroch fine der dus ek fersteurende yn- en útrydbewegings plak en dêrom is der ek mear kâns op file en ûngemakken by in klaverblêd.
In oplossing dêrfoar waard dien op bygelyks it Frankfurter Kreuz, dat fan oarsprong in klaverblêdknooppunt wie, dêr't de ranzjearbanen faninoar skaat waarden troch se op ûngelikense hichte te bouwen. As in klaverblêd net mear foldocht oan de drokte fan it ferkear, wurdt der ornaris foar in mingfoam keazen: klaverturbine of klaverstjer.
Yn Fryslân binne der twa knooppunten yn klaverblêd-foarm: it knooppunt It Hearrenfean en it knooppunt Oerterperfallaat, lykwols sûnder ranzjearbanen, by Drachten.
Turbine
Yn in turbineknooppunt binne gjin ranzjearbanen en weeffekken, dy't meastentiids yn wol in klaverblêd sitte. Dêrtroch is it ferkearsfermogen yn in turbine ek heger as dy yn in klaverblêd. De ôfslach nei lofts wurde mei gruttere ferbiningsbôgen mei rommere bochten nei lofts ta boud. In turbine is lykwols djoerder as in klaverblêd om't der mear bouwurken boud wurde moatte as by in klaverblêd: njoggen foar ien oer. In turbine kin ek yn in mingfoarm foarkomme.
Yn Nederlân komt in knooppunt net yn turbine-foarm foar, mar binne der stikmannich, sa as knooppunt Holendrecht by Amsterdam-Súdeast, knooppunt Almeare en knooppunt Empel by De Bosk útfierd as in heale turbine.
Wynmûne
In wynmûneknooppunt liket in soad op in turbine, mar de bochten yn de ferbiningsbôgen nei lofts binne by in wynmûne folle skerper as by in turbine. Dêrtroch is der gauris by in wynmûne mar ien fiadukt of tunnel nedich ynstee fan twa. It neidiel is dat de bôgen skerpere bochten hawwe en it ferkear hurder ôfremje moat. Dêrtroch binne der grutter ferskillen yn faasje by it ynriden en komt it ferkearsfermogen by in wynmûne leger as dy fan in turbine.
Yn Nederlân wie der mar ien wynmûneknooppunt, en dat wie dy fan knooppunt Vaanplein by Barendrecht. Troch it oanlizzen fan de havenspoarline Rotterdam, waard it knooppunt lykwols feroare. Sûnt 2017 hat knooppunt Beekbergen by Apeldoarn in wynmûnelus. Yn Dútslân komt it wynmûneknooppunt yn mingfoarm foar, sa as bygelyks yn de knooppunten fan Herne, Mönchengladbach en Breitscheid, dy't in mingfoarm fan in klaverblêd en wynmûne binne.
Stjer
- De Wikipedy hat ek in side Stjerknooppunt.
In stjerknooppunt of in Maltezerkrús hat lykas de turbine gjin ranzjearbanen en weeffekken. Trochdat de ferbiningsbôgen nei lofts oer it sintrum fan it knooppunt hinne rinne, hawwe dy noch in rommere bocht as dy fan in turbine, en dêrtroch hoecht it ferkear syn faasje minder te ferleegjen. Dêrtroch hawwe soksoarte knooppunten in maksimale ferkearsfermogen, troch dat der wol fjouwer hichten boud wurde, by in betreklik beheind grûngebrûk. Wol kostje sokke ferbinings folle mear. Sokke knooppunten wurde lykwols yn Jeropa net al te folle boud, fanwegen syn hichte dat omwenjenden harren deroer bekleie sille. Inkelde foarbylden binne it Prins Clausplein by De Haach, de Wetzlarer Kreuz by Wetzlar yn Hessen, en de krusing fan de M4 en M25 by Heathrow yn Londen.
Nettsjinsteande dat, komme se yn de Feriene Steaten in soad foar. Dêr waard yn 1952 de earste stjerknooppunt fan de wrâld foltôge. In grutter fariant dêrfan ûntstiet as der pleatslik en trochgeand ferkear faninoar skaat wurde, en dat foar it pleatslik ferkear in eigen hichte boud wurdt. Dat late ta it bouwen fan wol fiif hichten, sa as bygelyks de High Five yn Dallas, Teksas. Ek by de Beltway 8, de ringwei om Houston hinne, del, binne soksoarte Five Stacks te finen.
Rotonde
- De Wikipedy hat ek in side Ferkearsplein.
-
Gelikese hichte
-
Twa hichten, mei ien trochgeande wei
-
Mei trije hichten, swevende rotonde
-
Knooppunt De Jouwer foar 2017
In rotonde, yn Nederlân ornaris in ferkearsplein neamd, is in oar alternatyf foar krusende diken. Der binne trije soarten rotonden: ien mei gelikese hichte, sa as it knooppunt De Jouwer fan foar 2017 en it knooppunt It Hearrenfean fan foar 1998, dêr't sels noch stopljochten yn sieten; mei twa hichten, dêr't der ien trochgeande wei troch rint, sa as knooppunt Velserbroek by Arnhim; en ien mei trije hichten, dat ek wol in swevende rotonde neamd wurdt, sa as it knooppunt Rottepolderplein by Haarlim en Kleinpolderplein yn Rotterdam.
Mingfoarmen fan krúsknooppunten
Om't it ferkear op in soad plakken oan it tanimmen is, berikt in klaverblêd gauris syn maksimale ferkearsfermogen. De drokste ferbiningsbaan nei lofts, of de drokste lussen, kinne ferfongen wurde troch stjer- of turbinebôgen, dêr't it tal weeffekken yn it knooppunt troch ferminderet, en in heger ferkearsfermogen oan kin.
Knooppunt Saandam is in foarbyld fan in klaverturbine mei ien turbinelus. Dat knooppunt waard yn 1970 as klaverblêd iepene, en yn 1997 waard de nije ferbiningsbôge foltôge, sa't it ferkear better oer it knooppunt fan de rjochting Purmerein/Ljouwert nei Amsterdam trochstreame koe.
Wannear't der ferbiningsbôgen om lofts ôf te slaan by it midden fan it knooppunt del rint, ûntstiet der in klaverstjer. Sa'n foarm bestiet komselden, en yn Itaalje binne der mar twa boud.
In mingfoarm fan in klaverblêd en in wynmûne is in klavermûne, sa as bygelyks yn Dútslân de knooppunten fan Herne, Mönchengladbach en Breitscheid. De klavermûne hat net al tefolle romte nedich, om't der gjin weeffekken en mar trije bouwurken nedich binne.
In oare mingfoarm dy't mar komselden foarkomt is de stjerturbine. De ferbiningsbôgen wurde by dy type as in mingsel fan turbine- en stjerbôgen boud. Soksoarte knooppunten komme op de Ring Brussel op de knooppunten Machelen en Groot-Bijgaarden foar.
Oare krúsknooppunten
By alle ferkearsknooppunten jildt dat foar de ôfslach nei lofts in soad bouwurken nedich binne. Om soks tefoaren te kommen wurde by it goatysk knooppunt de lofter- en rjochterrydbaan fan de rjochttrochgeande diken wiksele. Dat betsjut dat de rjochttrochgeande diken net folslein rjocht binne, itjinge as in neidiel sjoen wurdt. Boppedat kin it foar it ferkear betiizjend wêze om't der op it knooppunt oan de lofterkant riden wurdt. It goatysk knooppunt komt net faak foar; ien goed foarbyld is te finen yn Ar-Riaad, de haadstêd fan Saûdy-Araabje. It iennige goatysk knooppunt yn de Feriene Steaten lei oan de râne fan de stêd Baltimore, mar waard yn 2010 folslein omboud. De âlde banen binne dochs noch wol te sjen.
Yn lannen sa as Itaalje en Spanje, dêr't tol op de autogongwegen heft wurdt, wurde yn guon gefallen diken ferbûn troch twa trompeteftige knooppunten. Sa'n dûbel trompetknooppunt makket it mooglik en bou op ien plak in tolgebou. It neidiel dêrfan is de beheinde ferkearsfermogen om't stoppe wurde moat foar it beteljen fan de tol.
Fierders binne der noch knooppunten mei komplekse kleaunen fan ferbiningsbôgen. Soksoarte knooppunten wurde wol spagetty-eftige knooppunten neamd en ûntsteane om't krusende diken ûnder in lytse hoeke inoar kruse.
-
Knooppunt Saandam
-
Klaverturbine mei twa ferbiningsbôgen
-
In klaverstjer
Knooppunt yn trijesprongfoarm
Der binne knooppunten dêr't diken út trije rjochtingen by-inoar komme. In trijesprongknooppunt komt op plakken foar dêr't in trochgeande autogongwei ôfspjalt en dêr't in oare autogongwei begjint. Yn Dútslân wurde knooppunten fan autogongwegen út trije rjochtingen Autobahndreieck neamd. Yn Fryslân binne trije trijesprongknooppunten: Surch, Werpsterhoeke en De Jouwer, dy't alle trije útfierd waarden as heale stjerknooppunten.
Trompet
In trompetknooppunt is it meast foarkommende trijesprongknooppunt. Hy is neamd nei it muzykynstrumint, dêr't syn foarm dan ek op liket. By soksoarte knooppunten is mar ien bouwurk nedich en is dus in goedkeape oplossing. Ien fan de ferbiningsbôgen yn it knooppunt hat in skerpe bocht en moat it ferkear mei in lege faasje oerhinne ride. Dêrtroch komt it ferkear stadiger oan út dy bocht wei as it ferkear dêr't it mei gearkomt en dêr't it ynriden troch fersteurd wurde kin. Soksoarte knooppunt kin ek spegele oanlein wurde.
Heale klaverblêd, turbine en stjer
De haadfoarmen fan krúsknooppunten kinne ek boud wurde foar in trijesprongknooppunten. In heal klaverblêd wurdt oanlein as der plan binne om skielk út te wreidzjen nei in krúsknooppunt. By it bouwen dêrfan wurdt der rekken mei holden mei de útwreiding ta in folslein klaverblêd. Heale turbinen binne yn Nederlân boud by Almeare en De Bosk. De knooppunten Surch, Wersterhoeke en de Jouwer waarden alle trije as heale stjerknooppunten boud. Lykas by in stjerknooppunt by in krusing is dy by in trijesprong ek djoer om te bouwen, om't der ferskate boud wurde moatte. It foardiel fan dat type is de rommere bochten en der minder ferskil yn faasje is en de trochstreaming better is.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Bronnen, noten en/of referenties op dizze side en References op dizze side.
|