Nyegea
Nyegea | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Smellingerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 490 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,53 km², wêrfan: - lân: 8,16 km² - wetter 0,382 km² | |
Befolkingsticht. | 58 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 08' N 6° 01' E | |
Lokaasje Nyegea (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân | ||
Kaart | ||
Nyegea is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardwest fan Drachten. Nyegea leit oan rykswei N31, tusken Ljouwert en Drachten, dy't ek wol de Wâldwei neamd wurdt.
Under Nyegea falle ek de buorskippen Wierren (yn it noarden fan it doarp) en Eibertsgeasten en Middelbuorren (súdlik fan it doarp). Foardat De Tike in selsstannich doarp waard, foel De Tike as buorskip ek ûnder Nyegea. Nyegea hat gjin winkels mear en is foar boadskippen oanwiisd op Drachten of Burgum (beide op sa'n 5/6 kilometer ôfstân).
Nyegea hat 490 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nyegea is in doarp fan midsiuwske oarsprong. It doarp hie eartiids in 14e-iuwske tsjerke. De âlde tsjerke waard healwei de 19e iuw foar it measte ferboud. De bou fan de toer folge yn de jierren 1893-1894. Yn de toer hinget in klok út 1381.
Lang bleau it doarp in boerestreek oan de Lykwei, tsjintwurdich de Kommisjewei. Súdlik fan it westlike diel fan de Kommisjewei is der nei de oarloch in lytse doarpskearn ûntstien.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpshûs Op 'e Jister stiet oan de Kommisjewei. It doarpshûs waard boud op it plak dêr't eartiids it skoaltsje fan Nyegea stie. Ienris yn 'e trije jier wurdt der in doarpsfeest organisearre. Nyegeasters wurde gekjeijend foar ligers útskolden.[3]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Nyegea).
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt jierren hat Nyegea gjin eigen basisskoalle mear. De bern geane no nei skoalle yn 'e Pein of Aldegea.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelwacht De Pein (webstee)
- Gymnastykferiening Toneo
- Toanielselskip Nij Begjin (webstee)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
165 | 563 | 613 | 599 | 552 | 497 | 474 | 492 | 502 | 516 | 505 |
2010 | 2012 | 2014 | 2015 | 2020 | ||||||
493 | 489 | 482 | 473 | 468 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yke Reinders Boonstra (1907-1943), dichter
Keunstwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Nyegea binne oan it ein fan 'e Sintrale As by de Wâldwei yn in fiverke de keunstwurken De Glêzebiters en de Ielstikel set. It keunstwurk is troch de Nyegeasters sels betocht en fan wylgeteannen makke. Mear doarpen yn 'e omkriten binne ferrike mei keunstwurken fan wylgeteannen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Pastorije, Kommisjewei 10
-
Kosterswent, Kommisjewei 2
-
Went mei smidderij, Kommisjewei 41
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldegeasterdyk, De Klynhoeke, Eartlânsreed, Eibertsgeasten, Fiifhoeke, Finnen, Hearrewei, Hegewei, Kilometerwei, Kommisjewei, Nije Tikewei, Skieppekampen, Stienkampen, Swartewei, Westerein, Wierren.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Smellingerlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachten • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren | ||
· · |