Springe nei ynhâld

Stasjon De Haach Sintraal

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mai 2023 om 16.38 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Treinferbinings: tikfl,)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stasjon De Haach Sintraal
station Den Haag Centraal
Stasjon Arnhim Sintraal yn 2017
Stasjon Arnhim Sintraal yn 2017
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente De Haach
plak De Haach
adres Schedeldoekshaven 600
arsjitektuer
stasjonskoade Gvc
type Kopstasjon
iepening 1 maaie 1870
boujier 1868 1e stasjonsgebou
1972 2e stasjonsgebou
2012 3e stasjonsgebou
sloopjier 1975 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1868
A.W. van Erkel
1e stasjonsgebou
1972
K. van der Gaast
2e stasjonsgebou
2012
Benthem en Crouwel
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 7
perronspoaren 12
spoarline Gouda - De Haach
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon De Haach Sintraal (De Haach-Binnenstêd)
Stasjon De Haach Sintraal

Stasjon De Haach Sintraal (Gvc) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske stêd De Haach en ien fan de twa grutte stasjons yn dizze stêd, en waard iepene yn 1870 oan it spoar fan Gouda nei De Haach.

Stasjon De Haach Sintraal (De Haach)
De Haach Sintraal
De Haach Sintraal
De Haach HS
De Haach HS
Lokaasjes stasjonsgebouwen

It âldste stasjon fan De Haach is De Haach Hollânsk Spoar (HS), dat oan de Alde line (AmsterdamRotterdam) leit en yn 1843 iepene waard troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HSM). It waard krekt bûten de beboude kom oanlein, doe sels bûten de gemeentegrinzen, op it grûngebiet fan Rijswijk.

Yn 1870 iepene de Nederlandsche Rhijnspoorweg-Maatschappij, in twadde stasjon foar de ferbining fan De Haach nei Gouda en Utert. Dit stasjon kaam oan in oare kant fan de stêd te lizzen. Yn 1890 waard de konsesje fan de Rhijnspoorweg ûntbûn en oernommen troch de Steatsspoarwegen (SS). Stasjon De Haach Rijnspoor waard omdoopt yn stasjon De Haach Steatsspoar.

Yn 1946 oerwage de NS al om fan Stasjon Steatsspoar it haadstasjon te meitsjen. Ek yn 1946 pleite yngenieur De Bruyn krekt foar Hollands Spoor as haadstation. De spoarline út Gouda soe dan fia de Hofpleinlijn ferbûn wurde moatte. Letter wie der it plan foar ien mienskiplik stasjon op it krúspunt fan de spoarlinen; dat soe net de lêste kear wêze. Doe 't de Nederlandse Spoorwegen yn de jierren sechtich in sintraal stasjon foar De Haach bouwe woe, lei it fanwegen de spoarwei-eksploitaasje it meast foar de hân dat te dwaan op it plak fan De Haach HS. Dêr kamen ommers de trochgeande treinen fan de Alde line fan Amsterdam nei Rotterdam del. It yn dy tiid faak besprutsen Plan Jokinen út 1962 wiisde ek dy kant út, mar waard troch de fiergeande stêdeboukundige ymplikaasjes nea yn oerwaging nommen. De yn 1968 oanleine foar in part inkeldspoarige ferbiningsbôge fan ranzjearterrein Binckhorst nei Den Haach HS moast dan ferdûbele wurde, stasjon De Haach SS soe opheft wurde en alle treinen soene fan, nei of fia De Haach HS ride. De gemeente De Haach fersette har hjirtsjin, om't sy graach in stasjon tichter by it sintrum woe. Boppedat joech de bebouwing om it stasjon HS hinne net folle romte foar in grutskalige útwreiding fan spoaren, perrons en gebouwen. Dat late ta it beslút om fan De Haach SS it sintraal stasjon te meitsjen, en ek De Haach HS bleau bestean.

1e stasjonsgebou stasjon De Haach Sintraal om en de by 1903
2e stasjonsgebou stasjon De Haach Sintraal yn 1979

It earste stasjon waard ûntwurpen troch arsjitekt Aaldert Willem van Erkel en iepene op 1 maaie 1870 syn doarren foar treinreizgers. It statsionsgebou hie in heech middengebou mei lege wjukken en twa grutte hege eindrisaliten, yn it stasjonsgebou wie in keninklike wachtkeamer oanwêzich.

Yn 1972 waard it earste stasjonsgebou ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast. It nije stasjonsgebou waardt dominearre troch de hichte fan de alve ferdjippingen hege kantoarflat, dy't boppe-op de entreehal fan it stasjon pleatst is, en ôfwurke is mei grintbetonplaten. De entree falt fuort yn de boumassa fan de flat en wie amper werkenber as stasjon. Under in tsjin de foarkant fan it gebou oanbrochte luifel, dy't sa 'n fiif meter oer de stoeprâne útstuts, koene auto's foarride. De stasjonshal, wie mei syn oerflak fan tritich by njoggentich meter en in hichte fan tolve meter, dochs bêst romtlik. It stasjon befette doedestiids loketten, in stasjonsrestauraasje, ferskate winkels, kiosken en tagong ta in neistlizzende winkelsintrum. De hichte fan de hal rikte oant de tredde ferdjipping fan de kantoarflat. De perronoerkaping wie ek fuort it platfoarm dêr't oar iepenbeier ferfier op situearre wie. It earste stasjonsgebou út 1868 waard yn 1975 ôfbrútsen. Yn der jierren dernei waard it stasjon regelmjittich ferboud, sa kaam der yn 1983 in reader oerkaping by it tramstasjon, dy't yn 1994 alwer ferfongen waard troch in 16 meter hege glêzen bûgde gevel. Yn 2004 waard de kearlus fan de trams boppe op de parkeargaraazje opheft en tegearre mei de garaazje ôfbrutsen. Ek in part fan it tramfiadukt waard ôfbrutsen, mar dêr kaam in nije baan foar werom. Yn stee fan de kearlus kaam der in opstelspoar.

It stasjonsgebou út 1972 waard yn 2012 sa yngreven ferboud dat it sjoen wurdt as nijbou nei in ûntwerp fan arsjitekteburo Benthem en Crouwel. De glêzen gevel oan de Rijnstraat út 1994 waard wer ôfbrutsen. It stasjon krige fjouwer lykweardige yngongen en in transparant uterlik. In soad muorren binne dêrom ferdwûn, dêrtroch is der no frij sicht fan út de stasjonshal nei it tramstasjon boppe. It busstasjon is better berikber makke út de hal wei. De opfallende dakkonstruksje (likernôch 120 by 100 meter en 22 meter heech) is oplutsen fan glês en stiel. Yn de hal is in soad romte foar winkels en restaurants. Boppedat binne troch middel fan liften de perrons better berikber wurden foar reizgers mei in rolstoel. De kantoarflat is it iennichste opfallende part fan it ûntwerp fan Koen van der Gaast dat stean bleaun is. Wa't hjoed-de-dei it stasjonsgebou út fûgelperspektyf wei besjocht sjocht in reuseftich twapersoans bêd fan it type boxspring oan de râne fan it sintrum fan De Haach stean.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Intercity's
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
700 Intercity (NS) De Haach SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolAssenGrins
1100 Intercity (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftRotterdam SintraalBredaTilburchEindhoven Sintraal
1700 Intercity (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-SintraalAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
11700 Intercity (NS) Amersfoart SchothorstAmersfoart SintraalUtert-SintraalGoudaDe Haach Sintraal
1800 Intercity (NS) De Haach SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolMeppelLjouwert
2000 Intercity (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-Sintraal
2100 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlimLeiden SintraalDe Haach Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.
Sprinters
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHoofddorpSkiphol AirportSaandamPurmereinHoarnHoarn Kersenboogerd Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal.
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.
6800 Sprinter (NS) De Haach SintraalGoudaGouda Goverwelle Rydt allinnich yn de spits fan moandei o / m tongersdei
6900 Sprinter (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-SintraalGeldermalsenTiel

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: