Stasjon Assen
Stasjon Assen station Assen | ||
Stasjon Assen yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Assen | |
plak | Assen | |
adres | Stationsplein 3e | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Asn | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 maaie 1870 | |
boujier | 1870 1e stasjonsgebou 1988 2e stasjonsgebou 2018 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1988 1e stasjonsgebou 2016 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1870 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1988 R.M.J.A. Steenhuis 2e stasjonsgebou 2018 Powerhouse Company & De ZwarteHond 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline C | |
busline | 16 buslinen | |
stedsbus | 3 stedsbussen | |
8569 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Assen (Asn) is it spoarweistasjon fan Assen en waard iepene yn 1870 oan de Steatsline C (Meppel - Grins). Yn de Drintske haadstêd is yn 2018 it tredde stasjonsgebou sûnt 1870 iepene. Fan 1905 oant 1947 wie der ek persoaneferfier oer de spoarline nei Stadskanaal. Dy line is yn 1977 opbrutsen.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 maaie 1870 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand.
Tusken stasjon Assen en it eardere stasjon Vries-Súdlaren stiet in baanwachterswenning bylâns it spoar dy't yn 1869 boud waard.
Yn april 1988 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Rob Steenhuis. It stasjon hie in bewekke en ûnbewaakte fytsestalling, in fytsferhier en ferhier fan OV-fytsen, in blommeferkeap, in lytse yt- en drinkgelegenheid en in lytse krûdenierswinkel. Yn 2009 waard de fytsestalling fergrutte, dêrtroch waard in probleem fan ferkeard stalde fytsen foar it grutste part oplost.
It stasjonsgebou út 1989 waard yn febrewaris 2016 sloopt. De bou fan it nije stasjonsgebou begûn yn 2017, in jier letter op 14 maaie 2018 waard it nije stasjonsgebou iepene. Yn novimber fan 2018 waard it hiele projekt klear en fûn de offisjele, grutte iepening fan it stasjonsgebiet yn Assen plak. De fytsestalling fan it stasjon is tenei ûnder de grûn te finen.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
500 | Intercity (NS) | Rotterdam Sintraal – Utert-Sintraal – Amersfoart Sintraal – Swol – Assen – Grins | In oeretsjinst |
700 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – Grins | In oeretsjinst |
12600 | Intercity (NS) | Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Sintraal | Alinne freedtenachts |
8100 | Sprinter (NS) | Swol – Meppel – Assen – Grins | In healoeretsjinst |
32600 | Nachttrein (Arriva)[1] | Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport | Alinne freedtenachts |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|