Springe nei ynhâld

Steatsline E

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mrt 2023 om 15.28 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Stasjonsgebouwen: tikfl.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Steatsline E
Breda - Maastricht
Steatsline E op de kaart
Totale lingte180 km
SpoarwiidteNormaalspoar 1435 mm
Oanlein trochSteat fan de Nederlannen
Iepene
Breda - Tilburch: 5 oktober 1863
Tilburch - Boxtel: 1 maaie 1865
Boxtel - Eindhoven: 1 july 1866
Eindhoven - Venlo: 1 oktober 1866
Venlo - Maastricht: 21 novimber 1865
hjoeddeistige statusYn gebrûk
Elektrifisearre
Breda - Boxtel: 16 jannewaris 1950
Boxtel - Eindhoven: 7 april 1938
Eindhoven -Venlo 1956
Venlo -1949 Roermond: Nee
Roermond - Maastricht:
Tal spoaren
Breda - Tilburch Universiteit: 2
Tilburch Universiteit - Tilburch aansluiting: 3
Tilburch aansluiting - Boxtel: 2
Boxtel - Eindhoven: 4
Eindhoven -Venlo: 2
Venlo - Roermond: 1
Roermond - Maastricht: 2
Baanfakfaasje
Breda - Tilburch: 140
Tilburch - Boxtel: 130
Boxtel - Helmond: 140
Helmond - Horst-Sevenum: 160
Horst-Sevenum - Venlo: 140
Venlo - Roermond: 100
Roermond - Maastricht: 130
Befeiliging
Breda - Venlo: ATB EG
Venlo - Roermond: ATB NG
Roermond - Maastricht: ATB EG
Treintsjinst troch
Breda - Venlo: NS
Venlo - Roermond: Arriva
Roermond - Maastricht: NS/ Arriva
Trajekt
vSTR- spoar fan Roosendaal
vSTR spoar fan Rotterdam Sintraal
dveBHF-STRd Breda oant 1868
dvWBRÜCKE1d Mark
dvÜSTd
dvBHFd Breda fan 1868 ôf
ddSTRdSTRd
dvSHI2g+l-d Teteringsche Dijk
SKRZ-Aud A27E311
eHSTd Dorst
BHFd Gilze-Rijen
BHFd Tilburch Reeshof
BHFd Tilburch Universiteit
BHFd Tilburch
WBRÜCKE1d Wilhelminakanaal
dABZgld oansl. spoar nei Nimwegen
SKRZ-Aud A65
BHFd Oisterwijk
WBRÜCKE1d Esschestroom
eHSTd Nemelaer
vSTR-STR+l spoar fan Utert Sintraal
vBHF Boxtel
vÜSTl
vSTR-eABZgl spoar nei Wesel bûten gebrûk
vÜSTu+l
evHST Liempde
vSBRÜCKE Natuurbrêge de Mortelen
tvSTRa Spoartunnel Best
tvBHF Best
tvSTRe
vWBRÜCKE1 Wilhelminakanaal
evHST Batadorp
vSKRZ-Au A2 E25
evBHF Acht
evHST Woensel
vBHF Eindhoven Strijp-S
vHST-STR Eindhoven Stadion
d + exSTRq
veABZg+r-STR +
+
spoar fan Winterslag oant 1959
dvÜSTd
dv-SHI2grvSTR-d opbr.
ddDSTvBHF Eindhoven Sintraal
ddWBRÜCKEdWBRÜCKEdWBRÜCKE Dommel
dvÜSTldSTR
dvSHI2g+l-d
eBHFd Nuenen-Tongelre
BHFd Helmond Brandevoort
dBHF Helmond 't Hout
dWBRÜCKE1 Alde Zuid-Willemsvaart
ddBHF Helmond
dWBRÜCKE1 nije Zuid-Willemsvaart
BHFd Helmond Brouwhuis
dCBHF Deurne
STR+GRZqd grins
Noard-Brabân - Limburch
eHSTd Helenaveen
eHSTd America
BHFd Horst-Sevenum
eHSTd Heyerhoeven
SKRZ-Aud A67E34
SKRZ-Aud A73
BHFd Blerick
WBRÜCKE1d Maas
BHFd Venlo
SKRZ-Aud A73A74
hBHFaed Tegelen fan 1997 ôf
STRd
edBHFd Tegelen oant 1997
eHSTd Belfeld
BHFd Reuver
dxvSHI2gl-d
dexdSTRdBHFd Swalmen fan 2004 ôf
dexdBHFdSTRd Swalmen oant 2004
dxvSHI2g+l-d
dSEC1d ein elektrisiteit 1,5 kV
dBHFd Roermond
eBHFd Linne
SKRZ-Aud A73
dSHI2+ldSHI2glrdSHI2+rd
edBHFdBSTdSTRd Maasbracht wachtspoar
dSHI2ldSHI2g+lrdSHI2rd
dBHFd Echt
dBHFd Susteren
eHSTd Nieuwstadt
dBHFd Sittard
dBHFd Geleen-Lutterade
SKRZ-Aud A2E25
dBHFd Beek-Elsloo
SHI1ld
eHST Elsloo
eHST Geulle
dBHF Bunde
eHST Limmel
SKRZ-G4u Fiaduktwei
dBHF Maastricht
STR spoar nei Luik

Steatsline E is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken Breda en Maastricht. De folsleine spoarline waard op 1 oktober 1866 iepene. Steatsline E is mei in lingte fan 180 kilometer de langste fan de tsien steatslinen.

Nei't Kabinet-Rochussen op 8 febrewaris 1860 fallen wie troch de spoarweikwestje, trede it nije Kabinet-Van Hall-Van Heemstra al krap twa wiken letter oan. Dit kabinet besleat om in tsiental spoarlinen yn Nederlân oan te lizzen op kosten fan de Steat, wêrûnder Steatsline E fan Breda nei Maastricht, en soe by stasjon Boxtel oanslute op Steatsline H de spoarline fan Utert nei Boxtel. Boxtel waard sadwaande in spoarwei-knooppunt fan Noard-Brabân, as kompromis tusken de belangen fan De Bosk en Eindhoven.

De spoarline waard yn fiif fazen iepene:

Datum Traject Tuskenstasjons
5 oktober 1863 Breda - Tilburch Gilze-Rijen, Tilburch Reeshof, Tilburch Universiteit
1 maaie 1865 Tilburch - Boxtel Oisterwijk
1 july 1866 Boxtel - Eindhoven Best, Eindhoven Strijp-S, Eindhoven Stadion
1 oktober 1866 Eindhoven - Venlo Helmond Brandevoort, Helmond 't Hout, Helmond,
Helmond Brouwhuis, Deurne, Horst-Sevenum, Blerick
21 novimber 1865 Venlo - Maastricht Tegelen, Reuver, Swalmen, Roermond, Echt, Susteren, Sittard,
Geleen-Lutterade, Beek-Elsloo, Bunde

By de iepening fan de spoarline waarden gjin feestlikheden organisearre, wat yn dy tiid wol gewoan wie. Dit hie te krijen mei in epidemy fan goalera yn de omkriten fan Helmond.

fersakkingen tichtby Geulle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de omkriten fan Geulle is der in talúd oanlein om de it hichteferskil yn it Bunder- en Elslooërbosk oerbrêgje te kinnen. Yn it bosk komt lykwols in protte wetter út 'e boaiem, dat ta ynstabiliteit yn it talúd late troch fersêdiging fan 'e boaiem. Dat late wilens de bou fan de line al ta problemen, mar de line waard nei it nedige werstelwurk feilich befûn en yn gebrûk naam. Mar op 25 septimber 1892, fersakke it talúd dochs oer in lingte fan 80 meter, sa'n fiif meter djip fuort. In passazjierstrein wie krekt passearre en in oankommend frachttrein koe troch yngripen fan in omwenner út Geulle noch krekt op 'e tiid remje, foar't dy it ûntsteane gat yn ried. By it werstelwurk is it talúd op in steviger basis fan brekstien lein en binne der meardere ôfwetteringskanalen oanbrocht, om foar te kommen dat der wer in fersakking plak ha soe.

Stasjonsgebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as lâns de oare spoarlinen út de earste perioade fan de earste steatsoanlis, ferskine ek lâns Steatsline E inkelde Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen. Yn Breda wurdt in laach en lang stasjonsgebou delset, besteande út styl - en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldocht hjirmei oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet. Ek yn Maastricht en Venlo ferskynt sa'n stasjonsgebou. Nei it oanpassen fan de wet yn 1874 meitsje de measte stasjonsgebouwen plak foar nijbou. It stasjonsgebou fan Breda bliuwt lykwols mear as hûndert jier yn gebrûk. Yn 1868, twa jier nei de iepening fan de spoarline, krijt ek Blerick in stasjonsgebou. It is in leech gebou mei in wenning. Yn 1892 wurdt it stasjonsgebou ferfongen troch in heech rjochthoekich gebou. Ek stasjon America, Geleen-Lutterade en Belfeld krije in lyts stasjonsgebou fan ien ferdjipping.

Boxtel krijt al nei njoggen jier in nij stasjonsgebou. Yn 1912 wurdt it stasjonsgebou fan Eindhoven ferfongen troch in folslein nij gebou, útfierd yn strakke linen en in sober uterlik. Maastricht krige yn 1913 in nije stasjonsgebou, in grut en opfallend gebou nei ûntwerp fan George van Heukelom. In presintaasjemodel fan gips út 1911 is noch hieltyd te sjen yn it spoarweimuseum. Twa jier letter wurdt ek it stasjonsgebou fan Gilze-Rijen ferfongen. Yn de rin fan de jierren wurde in soad fan de oare stasjonsgebouwen útwreide. Yn de Twadde Wrâldkriich rekket it stasjonsgebou fan Blerick swier skansearre en wurdt ôfbrútsen.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it spoar rjochting Straelen net op 'e nij yn gebrûk naam mar opbrutsen. Hjirtroch wie it mooglik om it stasjon fan Venlo inkelde hûnderten meters rjochting de binnenstêd te ferpleatsen. Tagelyk mei de modernisearring fan de spoarline waard yn 1958 it nije stasjonsgebou yn gebrûk nommen. Twa jier letter krige Blerick in nij stasjonsgebou. Hjir waard in gebouke fan it saneamde Standerttype Vierlingsbeek delset. Yn de jierren 60, 70 en begjin jierren 80 waarden yn it hiele lân in grut tal foaroarlochske stasjonsgebouwen sloopt. Ek lâns Steatsline E ferdwûnen dy jierren in tal stasjonsgebouwen.

Yn 1993 waard it sobere stasjonsgebou út 1923 fan Sittard ôfbrútsen om plak te meitsjen foar opfallende nijbou, in unyk ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum Yn 1997 waard it stasjon fan Tegelen inkelde hûnderten meters rjochting it sintrum ferpleatst. It stasjon waard hjirby in fiaduktstasjon en krige hjirby twa liftskjochten en treppen nei de perrons. It stasjonsgebou út 1974 waard nei gebrûk fan it nije stasjon sloopt. Yn 2003 waard de spoarline yn Swalmen tsientallen meters rjochting it westen ferpleatst om romte frij te meitsjen foar de oanlis fan de autosneldyk A73. By de ferpleatste spoarline lâns kamen nije perrons. It âlde Stasjonsgebou fan it type SS 5e klasse is bewarre bleaun, mar stiet no inkelde tsientallen meters fan de spoarline. Trije jier letter yn 2006 waarden de stasjonsgebouwen fan Bunde en Geleen-Lutterade sloopt.

Stasjon Type gebou Opmerkingen
Breda laach en lang stasjonsgebou 1e stasjonsgebou yn 1973 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt J. Bak. 2e stasjonsgebou yn 2012 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan K. J. van Velsen.
Dorst Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1930
Gilze-Rijen type SS fiifde klasse Yn 1912 ôfbrutsen, en yn 1915 ferfongen.
Tilburch Reeshof Unyk ûntwerp
Tilburch Universiteit Type Sextant
Tilburch type SS tredde klasse Yn 1961 ôfbrutsen, en yn 1965 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast.
Oisterwijk type SS fjirde klasse
Boxtel type SS fjirde klasse 1e stasjonsgebou yn 1872 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. 2e stasjonsgebou yn 1998 ôfbrutsen en yn 2000 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekte E.G. Scheltens.
Best type SS fiifde klasse 1e stasjonsgebou yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch standerttype Beilen. 2e stasjonsgebou yn 2000 ôfbrutsen en yn 2002 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt Th.J.B. Fikkers.
Batadorp Abry Ek Bata neamd, stasjon sletten yn 1971.
Acht Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier[1], stasjon sletten yn 1935.
Woensel Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1933.
Eindhoven Strijp-S Type Sextant Stasjonsgebou yn gebrûk as snackbar.
Eindhoven Stadion Gjin Ien fan de weinige eveneminte haltes yn Nederlân dy't hjoed de dei noch yn gebrûk is.
Eindhoven Sintraal type SS tredde klasse 1e stasjonsgebou yn 1912 ôfbrutsen en yn 1913 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom. 2e stasjonsgebou yn 1956 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast.
Nuenen-Tongelre type SS fiifde klasse gebou ôfbrutsen yn 1973, stasjon sletten yn 1938.
Helmond Brandevoort Unyk ûntwerp
Helmond 't Hout Unyk ûntwerp
Helmond type SS fjirde klasse 1e stasjonsgebou yn 1987 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt P.A.M.J. Corbey. 2e stasjonsgebou yn 2012 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan studioSK, Movares.
Helmond Brouwhuis Unyk ûntwerp
Deurne type SS fiifde klasse Yn 1976 ôfbrutsen en ferfongen troch Standerttype Douma.
Noard-Brabân/Limburch
Helenaveen Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1945, stasjon sletten yn 1938.
America Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938
Horst-Sevenum type SS fiifde klasse
Heyerhoeven Gjin Stasjon sletten yn 1955
Blerick Lyts gebouke 1e stasjonsgebou yn 1892 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. 2e stasjonsgebou ferlen gien yn de Twadde Wrâldkriich, waard pas yn 1966 ferfongen troch Standerttype Vierlingsbeek.
Venlo laach en lang stasjonsgebou Yn 1958 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast.
Tegelen type SS fiifde klasse 1e stasjonsgebou yn 1974 ôfbrutsen en ferfongen troch in Standerttype Beilen. 2e stasjonsgebou yn 1999 ôfbrutsen nei't it yn 1997 ferfongen wie en inkelde hûnderten meters nei it westen ferpleatst is, it nije stasjons gebou is in unyk ûntwerp fan arsjitekt Th.J.B. Fikkers.
Belfeld Lyts gebouke stasjon sletten yn 1938, It stasjonsgebou is yn gebrûk as wenhûs.
Reuver type SS fiifde klasse Stasjonsgebou yn gebrûk as restaurant.
Swalmen type SS fiifde klasse It Stasjon sels is yn 2004 in lytst stikje ferhúze, mar it stasjonggebou stiet noch op it âlde plak, en is yn gebrûk as wenhûs.
Roermond type SS fjirde klasse Yn 1864 yngreven ferboud.
Linne mooglik type SS fiifde klasse gebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1938
Maasbracht type SS fiifde klasse 1e stasjonsgebou yn 1899 troch brân ferlern gien, 2e stasjonsgebou yn 1965 ôfbrútsen, stasjon sletten yn 1938.
Echt type SS fiifde klasse
Susteren type SS fiifde klasse yn 1981 ôfbrutsen nei't it stasjonggebou yn 1975 ferfongen is troch in Standerttype Sextant. Stasjonsgebou yn gebrûk as winkel.
Nieuwstadt Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1960, stasjon sletten yn 1938
Sittard type SS fjirde klasse 1e stasjonsgebou yn 1923 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling. 2e stasjonsgebou yn 1993 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum.
Geleen-Lutterade Lyts gebouke 1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt S. van Ravesteyn. 2e stasjonsgebou yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Sextant, 3e stasjonsgebou yn 2006 ôfbrútsen en ferfongen troch abry's.
Beek-Elsloo type SS fiifde klasse Yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Sextant.
Geulle Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1938.
Bunde type SS fiifde klasse 1e stasjonsgebou yn 1964 ôfbrutsen en ferfongen troch in Standerttype Douma. 2e stasjonsgebou yn 2005 ôfbrutsen.
Limmel Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn ûnbekend jier, stasjon sletten yn 1938
Maastricht laach en lang stasjonsgebou Yn 1913 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Op de Nederlânske Wikipedia stiet dat it gebou fan Stopplak Acht yn 1950 ôfbrútsen is mar it gebou is noch te sjen op foto's út 1960.


Steatslinen

Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal)

· · Berjocht bewurkje