Springe nei ynhâld

Stasjon Best

Ut Wikipedy
Stasjon Best
station Best
Stasjon Best yn 2019
Stasjon Best yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Best
plak Best
adres Stationsplein 1
arsjitektuer
stasjonskoade Bet
type Trochgongsstasjon
iepening 1 july 1866
10 juny 1940
sluting 15 maaie 1938
boujier 1864 1e stasjonsgebou
1977 2e stasjonsgebou
2002 3e stasjonsgebou
sloopjier 1975 1e stasjonsgebou
2000 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1864
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1977
C. Douma
2e stasjonsgebou
2002
Th.J.B. Fikkers
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 4
spoarline Steatsline E
6027 (2019)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Best (Noard-Brabân)
Stasjon Best

Stasjon Best (Bet) is in spoarweistasjon yn Best en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dit Brabânske doarp is yn 2002 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene.

1e stasjonsgebou stasjon Best yn 1973
2e stasjonsgebou stasjon Best om en de by 1980

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 july 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. En wie ien fan de achtentritich stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1882 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in koarte fleugel byboud. Yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 10 juny weriepene.

Yn 1975 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, in Standerttype Beilen ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma. Dit wie in ferienfâldige ferzje fan standerttype Douma.

It stasjonsgebou út 1975 waard yn 2000 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Th.J.B. Fikkers. In ûndergrûns stasjon om't de spoaren yn in tunnel kamen. De bou fan Spoartunnel Best begûn yn 1998 en de bou fan it nije stasjon begûn yn 2000 en wie yn 2002 ree.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4400 Sprinter (NS) OssDe BoskBestEindhoven SintraalHelmondDeurne Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400.
6400 Sprinter (NS) Tilburch UniversiteitTilburchBestEindhoven SintraalWeert Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: