Stasjon Nuenen-Tongelre
| Stasjon Nuenen-Tongelre station Nuenen-Tongelre | ||
| Stasjon Nuenen-Tongelre yn 1955 | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | Nuenen | |
| adres | Stationsweg | |
| arsjitektuer | ||
| stasjonskoade | Ne | |
| type | Trochgongsstasjon | |
| iepening | 1 oktober 1866 | |
| sluting | 1 jannewaris 1938 | |
| boujier | 1864 | |
| sloopjier | 1972 | |
| arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
| oare ynformaasje | ||
| spoarline | Steatsline E | |
| kaart | ||
Stasjon Nuenen-Tongelre (Ne) wie in stasjon oan de Steatsline E yn 'e buorskip Eeneind ûnder Neunen yn de gemeente Nuenen, Gerwen en Nederwetten yn de provinsje Noard-Brabân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjonsgebou kaam yn 1864 ree, en waard iepene op 1 oktober 1866 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1906 waard der oan de linkerkant in koarte fleugel oanboud en krige it middenpart der in ferdjipping by. Doe't yn 1913 de spoarline Eindhoven - Weert yn gebrûk naam waard, waard de namme fan Station Nuenen-Tongelre wizige yn Stasjon Nuenen. It stasjon waard sletten yn 1938 Oant 1972 waard der noch guod laden en lost, û.o. waard der de sûkerbiten foar de sûkeryndustry yn West-Brabân laden. Mar yn dat jier wie dat ek ôfrûn en fuort dêrnei waard it stasjon ôfbrutsen. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. Op it plak fan it eardere stasjon oan de Stationsweg stiet in lyts ynformaasjebuordsje oer it stasjon.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|