Springe nei ynhâld

Stasjon Maasbracht

Ut Wikipedy
Stasjon Maasbracht
station Maasbracht
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Maasgouw
plak Maasbracht
arsjitektuer
stasjonskoade Mbt
type Trochgongsstasjon
iepening 21 novimber 1865
sluting 15 maaie 1938
boujier 1862
1899
sloopjier 1899
1965
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
spoarline Steatsline E
kaart
Stasjon Maasbracht (Limburch)
Stasjon Maasbracht

Stasjon Maasbracht (Mbt) wie in stasjon oan de Steatsline E yn it doarp Maasbracht yn de gemeente Maasgouw yn de provinsje Limburch. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is.

It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 21 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1899 brânde it stasjonsgebou ôf en kaam der in nij stasjonsgebou dat omskreaun wurde kin as kombinaasje fan type SS fiifde klasse en GOLS grut It stasjon waard sletten yn 1938 en it stasjonsgebou waard yn 1965 ôfbrútsen. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. It stasjon stie oan de Brachterstatie yn Maasbracht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: