Ring Ljouwert
De Ring Ljouwert of de rûnwei fan Ljouwert is de ringwei fan Ljouwert. De rûnwei bestiet út twa parten, de oarspronklike rûnwei út de 1950-er en 1960-er jierren en in part dat yn de 1980-er jierren oanlein waard as de nije eastlike rûnwei. De rûnwei leit njonkelytsen net mear 'om', mar yn Ljouwert. Om de nije neikriichske wenwiken goed oanslute te litten, waard de rûnwei doe oanlein.
De Ringwei bestiet út twa nûmere wegen:
Strjitnammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dyk is bekend ûnder de nammen (mei de klok mei):
- Dammeleane
- Grinzerstrjitwei
- Anne Vondelingwei
- Aldlansdyk
- Julianaleane
- Heliconwei
- Faleariusstrjitte
De oarspronklike eastlike rûwei hat de nammen: Archipelwei, Pieter Stuyvesantwei en Drachtsterwei. Dy part wurdt lykwols offisjeel net mear as part fan de rûnwei sjoen.
Oanslutings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ring Ljouwert hat mei de klok mei de folgjende wichtige oanslutings:
- Grinzerplein yn it noardeasten, de N355, de streekrjochte wei fan Ljouwert nei Grins.
- Drachtsterplein yn it súdeasten, jout oansluting op de N31 nei Drachten.
- Krusing mei de N32 yn it suden, de autodyk nei It Hearrenfean en Swol.
- Jeropaplein yn it westen, oansluting fan de Harnzerstrjitwei (N383), jout oansluting mei de A31, Harns, Ofslútdyk en Amsterdam.
- Krusing met de Mr. P.J. Troelstrawei (N357), oansluting nei Stiens en it noarden fan Fryslân.
Maksimumfaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ring Ljouwert is gjin autodyk of -wei en leit alhiel yn de beboude kom, en der jilde de maksimumfaasjes fan 50 km/o (foar de parten Noard en West) en 70 km/o (foar de parten Súd en East). By de ring del waarden der twa reade ljochtkamera's pleatst, dy't tagelyk ek kontrolearje op faasje.
Breedte fan de dyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It part Julianaleane en Faleariusstrjitte is in 1 rydbaan mei 1 rydstripe de rjochting. Op dat part is it meastentiids tige drok, mar omreden brekme oan romteis it net mooglik him út te wreidzjen ta 2 x 2 rydstripen. Dat part fan de ring befettet trije minirotondes en ien grutte rotonde (Jeropaplein). It grutste part fan de ring (Dammeleane, Grinzerstrjitwei, Anne Vondelingwei en Aldlansdyk) is útgfierd as 2 x 2 rydstripen.
Op it Drachtsterplein komme bredere diken foar om de trochstream by ferkearsljochten fuort te sterkjen. Ek op it drokke Eastergoaplein binne der plannen foar in koarte tredde rydstripe fan de Van Harinxmabrêge ôf rjochting Aldlansdyk om de trochstream by de ferkearsljochten fuort te sterkjen, lykas op ringwegen fan oare (middel)grutte stêden ek gauris foarkomt.
Heak om Ljouwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Heak om Ljouwert is in nije wichtige rûnwei om Ljouwert. It kin suver as in soarte bûtenring sjoen wurde, wylst de besteande rûnwei as binnenring. De diken A31 (Harns-Ljouwert), A32 (It Hearrenfean-Ljouwert) en N31 (Drachten-Ljouwert) einigen foarhine op besteande ring op it Jeropaplein, Eastergoaplein en it Drachtsterplein. Om de drokte op de hjoeddeistige ring fuort te nimmen, waard de Heak om Ljouwert boud. De trije rykswegen slute streekrjocht op de nije dyk oan. Fan de Heak ôf waarden der nije ôfritten nei de hjoeddeistige ring boud.
Rûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noard | |
Mr. P.J. Troelstrawei Stiens/Faleariusstrjitte Harns N357 | |
Dammeleane | |
Begjin trajektdiel N355 | |
Jelsumerstrjitte/Wollegaast | |
Luchtenrek | |
Dokkumer Ie | |
Goudenreinstrjitte | |
Professor Mr P.S. Gerbrandywei | |
Jan Evenhuisstrjitte | |
Grinzerstrjitwei/Lekkumerwei | |
Grinzerstrjitwei | |
Tolhûswei,Anne Vondelingwei,Grinzerstrjitwei Dokkum N355 | |
Ein trajektdiel N355 | |
East | |
Tolhûswei, Grinzerstrjitwei Dokkum N355 | |
Anne Vondelingwei | |
Tijsmawei | |
Kammingabrêge | |
Kanaalwei/Grovestins | |
Plutowei/Uranuswei | |
Planeteleane | |
Súd | |
Planeteleane,Anne Vondelingwei | |
Wide Greons | |
Aldlânsdyk | |
Autowei Stinzefloara | |
Langdeelstrjitte/Holwoartel | |
Drachtsterwei Drachten N31 | |
Henri Dunantwei/Reidgers | |
Doktor Jacob Botkewei | |
Eastergoawei | |
Oeriselskeleane It Hearrenfean N32A32 | |
Julianaleane | |
Beatrixstrjitte | |
Irenestrjitte | |
Hobbemastrjitte/Surinamestrjitte | |
Van Loonstrjitte/Middelseeleane | |
Stephensonfiadukt | |
Marshallwei , Boalsert N359 | |
Heliconwei | |
Snitsertrekwei | |
West | |
Snitsertrekwei | |
Harnzer Feart | |
Harnzertrekwei | |
Tesselschadestrjitte | |
Marnixstrjitte | |
P.C. Hooftstrjitte | |
Achlumerstrjitte | |
Rhijnvis Feithstrjitte | |
Jeropaplein, Harnzerstrjitwei Harns A31 | |
Faleariusstrjitte | |
Begjin trajektdiel N357 | |
Wagnerstrjitte/César Franckstrjitte | |
Beethovenplantsoen | |
Telemannstrjitte | |
Beethovenplantsoen | |
Haydnstrjitte | |
Vivaldistrjitte | |
Mr. P.J. Troelstrawei Stiens N357/Dammeleane Dokkum N355 |
Diken yn Fryslân | ||
---|---|---|
Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
Jeropeeske wei: E22 | ||
Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
· · |