Harnzer Feart

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Harnzer Feart by Grauwe Kat (2007)
De Harnzer Feart by Harns (2007)

De Harnzer Feart is in feart yn de gemeente Harns en De Waadhoeke en Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Boalserter Feart by Boalsert nei Hichtum en Hemert oer Grauwe Kat, Arum en Kimswert nei Harns. Yn Harns rint de feart út yn de Sudergrêft.

De Harnzer feart is hast fyftjin kilometer lang en is mei de Boalserter Feart ûngefear santjin. Dizze beide kanalen wurde tegearre ek wol gewoan Harnzer feart neamd. It kanaal waard oanlein foar de skipfeart tusken Boalsert en Harns, mar wurdt tsjintwurdich allinnich noch brûkt foar rekreaasjefeart. It makket diel út fan de Alvestêdetocht.

De namme Harnzer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Harlingervaart.