1 maaie
Appearance
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 maaie | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
<< | Maaie | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | ||
6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 |
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 |
20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 |
27 | 28 | 29 | 30 | 31 | ||
2024 |
1 maaie is de 121e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 122e). Der folgje noch 244 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
1 maaie is de ynternasjonale Dei fan de Arbeid.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1328 - Mei it Ferdrach fan Edinburch-Northampton komt der nei 32 jier in ein oan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân.
- 1707 - Troch de oanname fan 'e beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny wurdt it feriene Keninkryk Grut-Brittanje skepen, dêr't sawol it Keninkryk Skotlân as it Keninkryk Ingelân yn opgeane. Hjirmei ferliest Skotlân syn ûnôfhinklikheid.
- 1851 - Yn Londen wurdt de earste wrâldtentoanstelling iepene.
- 1879 - It Frysk Hynstestamboek wurdt oprjochte.
- 1884 - Yn 'e Feriene Steaten brekt in staking út dy't úteinlik it ynstellen fan in achtoerige wurkdei betsjutte sil. Dizze dei sil de skiednis yngean as de Dei fan de Arbeid, en is yn in soad lannen in formele feestdei. Utsûnderings binne Kanada, Nederlân, Súd-Afrika en iroanysk genôch ek de Feriene Steaten.
- 1994 - Ayrton Senna rydt himsels dea yn 'e Grand Prix fan San Marino.
- 1995 - As earste Nederlânske tillefyzjemuzykstjoerder set TMF (The Music Factory) útein. Ek de stjoerder TV 10 Gold stjoert fan dizze datum ôf út.
- 1999 - De 16-jierrige Marianne Vaatstra út De Westereen wurdt yn 'e omkriten fan Feankleaster ferkrêfte en fermoarde.
- 2004 - Tsien nije lannen wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny: Estlân, Letlân, Litouwen, Poalen, Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Sloveenje, Syprus en Malta.
- 2011 - Paus Jehannes Paulus II wurdt sillich ferklearre.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1830 - Guido Gezelle, Flaamsk preester en dichter († 1899)
- 1852 - Calamity Jane, Amerikaansk froulik pionier († 1903)
- 1905 - Fokke Middendorp, Stellingwerfsk folkekundige, skiedkundige en publisist († 2001)
- 1910 - Dirk Flentrop, Nederlânsk oargelbouwer († 2003)
- 1911 - Hotse Bartlema, Frysk roeier († 1987)
- 1914 - G.B.J. Hiltermann, Nederlânsk sjoernalist, polityk kommentator, útjouwer en histoarikus († 2000)
- 1939 - Johano Strasser, Dútsk skriuwer, útjouwer en politikolooch
- 1943 - Claude Auclair, Frânsk striptekener († 1990)
- 1946 - Valeri Moeratov, Russysk reedrider
- 1947 - Sietske de Jong, Frysk skriuwster
- 1964 - Yvonne van Gennip, Nederlânsk hurdrydster
- 1967 - Tim McGraw, Amerikaansk countrysjonger
- 1993 - Dylan Drent Frysk keatser
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1308 - Albrecht I fan it Hillige Roomske Ryk (* 1255)
- 1539 - Isabella fan Portegal, keizerinne-gemalinne fan it Hillige Roomske Ryk (* 1503)
- 1861 - Marten Annes Ypma, Frysk predikant (* 1810)
- 1862 - J.L.C. Schroeder van der Kolk, Frysk heechleraar anatomy en fysiology (* 1797)
- 1873 - David Livingstone, Skotsk sindeling en ûntdekkingsreizger (* 1813)
- 1886 - Conrad Busken Huet, Nederlânsk skriuwer en literatuerkritikus (* 1826)
- 1942 - Hobbe Smith, Frysk keunstskilder (* 1862)
- 1945 - Joseph Goebbels, Dútsk politikus en oarlochsmisdiediger (* 1897)
- 1999 - Marianne Vaatstra, Frysk moard- en ferkrêftingsslachtoffer (* 1982)
- 2008 - J.J. Voskuil, Nederlânsk folkekundige en skriuwer (* 1926)
- 2022 - Ric Parnell, Ingelsk drummer (* 1951)
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 maaie | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|