J.L.C. Schroeder van der Kolk
Jacobus Ludovicus Conradus Schroeder van der Kolk (Ljouwert, 14 april 1797 - Utert, 1 maaie 1862) wie heechleraar anatomy en fysiology oan de Universiteit Utert (destiids Hogeschool Utrecht) en stie as psychiater oan de widze fan de kranksinnigenwet van 1841. Syn heit wie Hendrik Willem van der Kolk, dy't as arts yn Ljouwert wurke en letter sekretaris fan de gritenij Wommels wie. Wilhelmina Philippina Catharina Schroeder wie syn mem. Hja wie de dochter fan Lodewijk Conradus Schroeder, dy't heechlearaar Rjochten yn Grins wie. Syn beide âlden ferlear hy al op jonge leeftiid. Earst syn mem doe't hy noch in bern wie, syn heit ferstoar flak foar syn wittenskiplike promoasje.
De behanneling fan psychiatryske pasjinten, yn dy tiid kranksinnigen neamd, en it ûnderwiis yn de psychiatry waard troch Schroeder van der Kolk folslein fernijd. Schroeder van der Kolk oertsjûge syn meibestjoerders dat kranksinnigen as siken beskôge en behannele wurde moasten, en dat dus in herfoarming fan it gesticht needsaaklik wie. It soe úteinlik resultearje yn de kranksinnigenwet fan 1841. Opfallend mar net frjemd is syn stellingname tsjin straf en lichaamlik geweld. Neist de striid foar de tastân fan psychiatryske pasjinten, sette Schroeder van der Kolk him ek yn foar alkoholferslaafden, as lid van de Nederlandse Vereniging ter Afschaffing van den Sterken Drank.
Yn 1830 troude Schroeder van der Kolk mei G. Elisabeth Schröder (2 augustus 1813 - 12 febrewaris 1853), dochter fan heechlearaar J.F.L. Schröder yn Utert en Margaretha Anthonia Heemskerk. Nei in koarte sykte, ferstoar hy hommels op 1 maaie 1862. Yn 1865 waard op it tsjerkhôf yn Utert, ûnder grutte belangstelling, in monumint ta eare fan syn neitins ûntbleate, mei in taspraak fan prof. C.W. Opzoomer.
Literatuer (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De sanguinis circulantis historia cum experimentis ad eam illustrandam. Dissertaasje (Grins 1825);
- Over de verwaarloozing der vereischte zorg ter leniging van het lot der krankzinnigen in ons vaderland (Utrecht 1837, redefiering yn de latyske taal útsprutsen op 26 maart 1837);
- Over het aanwezen van veerkrachtige longvezelen in sputa van phthisici, als een zeker teeken van het bestaan eener vomica yn Ned. Lancet. 1845;
- Over het nut van de onderscheidene deelen der hersenen en over de wijze waarop de verschillende werktuigen van grijze stof door de witte stof of mergdraden onderling verbonden en als tot eenheid gebragt worden, Ibid. 1846;
- Over het verband tusschen de gevoels- en bewegings-zenuwen yn Kon. Ned. Ynst. 1847;
- Over den invloed van sterken drank op het lichaam (Utert 1850);
- Waarneming betreffende eene melancholica met neiging tot suicidium yn Ned. Lancet 1851;
- Over den oorsprong en de vorming van tubercula pulmonum yn Ned. Lancet 1852;
- Waarneming eener chronische maagkramp yn Ned. Lancet. 1855;
- Over het fijnere maaksel en de werking van het verlengde ruggemerg en over de naaste oorzaak van epilepsie en hare rationele behandeling yn Ken. Akademy fan Wittenskippen 1858;
- Handboek van de pathologie en therapie der krankzinnigheid. Utjûn troch jhr. F.A. Hartsen (Utrecht en Amst. 1863); oersetten yn it Dútsk troch Theile (Braunschweig 1863) en yn it Ingelsk troch Rudall (Melbourne 1869).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|