Sietske de Jong

Ut Wikipedy
Sietske de Jong

Sietske de Jong (Weidum, 1 maaie 1947) is in Frysk skriuwster.

Sietske de jong groeide op yn Weidum. Op har tweintichste wurke se in skoftsje by de Nederlânske dichteres Ankie Peypers en kaam sadwaande yn oanrekking mei it skriuwersbestean. Har belangstelling foar Nederlânske literatuer waard dêr ferdjippe. Se wurke by boekwinkels en yn de iepenbiere bibleteek fan Ljouwert. Har libbensperspektyf feroare yngeand neidat se, goed tritich jier âld, nei in ûngemak troffen waard troch in harsensblieding. Begjin jierren njoggentich kaam se werom by har Fryske woartels en folge se in kursus Frysk skriuwen by de Afûk. Dat wreide se út mei in skriuwkursus by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Se folge in ûnderwiisoplieding en begûn mei Frysk skriuwen. Yn desimber 1996 ferskynde har earste roman Ikaros, baarnende soan. De titel ferwiist nei de Grykske sage fan Daidalos en Ikaros dy’t finzen wiene op Kreta.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ikaros, baarnende soan (proaza, 1996)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: