Springe nei ynhâld

Biessum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 sep 2022 om 21.36 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (ynfoboks, lytse oanfolling, boarnen en koordinaten tafoege)
Biessum
Lokaasje fan Biessum yn de eardere gemeente Delfsyl
Lokaasje fan Biessum yn de eardere gemeente Delfsyl
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Plak Delfsyl
Sifers
Ynwennertal 50
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' 2" NB, 6° 53' 53" EL

Biessum is in buorskip op in terp (wierde) yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. It leit tsjin Delfsyl oan. Biessum leit op - eins om - in terp/wierde - hinne, dy't ta de bêst bewarre yn de provinsje Grinslân heart. De oarspronklike stjerfoarmige ferkaveling is noch hielendal werom te finen. De wenningen en boerepleatsen stean oan de oksegong De Ossenweg, dy't noch yntakt is. De eastlike ferkaveling is foar in part ferdwûn troch utwreidingen fan Delfsyl. Tusken de stienbakkerij fan Hylkema en Biessum rint it Biessumermaar. Dat wetter waard brûkt om beamstammen te ferfieren nei de klompemakkerij oan de Ossenweg 4.

Skiednis

Ossenweg 31. De pleats is in ryksmonumint

Parochy

It doarpke hat nea in eigen parochytsjerke hân. Om te tsjerkjen moasten de Biessumers oer it Kerkpad nei de tsjerke fan Uitwierde. Nei alle gedachten stie der wol in kapel: yn 1505 is der sprake fan in hear Gherbent to Bysum, in geastlike dy't nei alle gedachten belêste wie mei it betsjinjen fan it alter fan it Catharinalien fan de parochy Uitwierde. In opfallend hoekje lân yn it sintrum fan de terp jout mooglik it plak fan de kapel oan.  

Tankgrêft by Biessum út de loft wei sjoen

Mûne

Biessum hie in eigen nôtmûne, dy't yn 1628 ôfbrutsen waard. Om 1900 hie it doarp in eigen kafee, de Groen Weide, dat tapaslik oan de griene greide boppe op de terp lei. Oant yn 1935 hie Biessum in eigen halte oan it Spoar fan Grins nei Delfsyl. De namme fan de halte wie lykwols Halte Uitwierde, hoewol't dat doarp fierder fan de halte ôf lei.

Oarloch

Oan 'e ein fan de Frânske tiid wie Biessum, dêr't swier fochten waard, fan belang by it belis fan Delfsyl. Ek by de ein fan de Twadde Wrâldkriich waard der op en om Biessum fûleindich fochten; de Dútsers hiene efkes fierderop in tankgrêft oanlein om de opmars fan de alliearden op te kearen.

Prúmmerke

Biessum stie en stiet bekend om syn prúmmerke. Dy wurdt noch elke trije jier hâlden, fanâlds op de earste snein nei 21 augustus, de lêste dei fan de Maria-himelfeartmerke te Appingedam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje