Springe nei ynhâld

Mimban

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 aug 2022 om 22.28 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Mimban sa't de planeet te sjen is yn Solo: A Star Wars Story (2018).

Mimban is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e roman Splinter of the Mind's Eye, fan Alan Dean Foster, út 1978. De planeet waard ek neamd yn Rookies, ôflevering 5 út seizoen 1 fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008). Op it wite doek wie Mimban foar it earst te sjen yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018). De sênes op Mimban waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire.

Yn it Star Wars-hielal makket Mimban diel út fan it planetestelsel Circarpous yn 'e sektor mei deselde namme fan 'e krite fan it Stjerrestelsel dy't de Ekspânsjeregio neamd wurdt. It is in terrestryske planeet mei ien moanne. Mimban hat in tige fochtich klimaat en wurdt oerdutsen troch reinwâlden en sompen. Op 'e planeet hat him in lânseigen floara en fauna ûntjûn, mei ferskate eigen soarten yntelliginte bûtenierdske wêzens, wêrfan't de Mimbanezen de talryksten en wichtichsten binne. Mimban is fan belang omreden fan syn rykdom oan dylchstoffen en syn neite ta de Nanth'ri-hannelsrûte.

Yn 'e Kloane-oarloggen fjochtsje de Mimbanezen oan 'e kant fan 'e Galaktyske Republyk tsjin 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Yn Solo: A Star Wars Story foarmet de ynvaazje fan Mimban troch de striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk en de dridzige rinfuorgestriid dêr't dy ynfal mei mank giet, de eftergrûn foar de desersje út 'e Keizerlike ynfantery fan 'e haadpersoan Han Solo. Hy besiket de krimineel Tobias Beckett te sjantearjen om him mei te nimmen, mar Beckett jout him oan, wêrnei't in pear sadistyske soldaten him yn in soartemint tsjerker smite, dêr't in Wookiee finzen holden wurdt, mei as bedoeling dat de Wookiee him opfrette sil.

No wol it tafal dat Han Shyriiwook, de taal fan 'e Wookiees, ferstiet en sels in bytsje sprekke kin, en dêrmei wit er de Wookiee, dy't Chewbacca hjit, te bepraten om tegearre te ûntsnappen. Se sette nei de romtehaven ta, dêr't Beckett en syn binde dwaande binne om in militêr transportskip te stellen, dêr't se ferlet fan hawwe foar in oare misje. Beckett komt op syn eardere beslút werom en nimt harren mei, om't er beseft dat de ûnbidige lichemskrêft fan 'e Wookiee noch wolris fan pas komme kin.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin