Springe nei ynhâld

Tatjana Šimić

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 aug 2021 om 13.10 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Karriêre: - tikfl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tatjana Šimić
akteur
Tatjana Šimić yn 1992.
Tatjana Šimić yn 1992.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tatjana Šimić
nasjonaliteit Kroätysk
Nederlânsk
berne 9 juny 1963
berteplak Zagreb (Kroaasje)
etnisiteit Kroätysk
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
www.tatjana.nl (argivearre)

Tatjana Šimić (Zagreb, 9 juny 1963), ek faak koartwei Tatjana neamd, is in Nederlânsk model, aktrise en sjongster fan Kroätysk komôf. Se begûn har karriêre as neakenmodel en krige mids 1980-er jierren yn Nederlân bekendheid troch har rol as dochter Kees yn 'e komeedzjefilm Flodder. Dy rol spile se ek yn 'e twa ferfolchfilms fan 'e Flodder-franchise en de tillefyzjesearje Flodder. Letter wie se aktyf as sjongster en hie se súkses mei hits as Chica Cubana en Awaka Boy. Sûnt 2000 is Tatjana benammen noch yn realitytillefyzjeprogramma's te sjen.

Šimić har efternamme heart útsprutsen te wurden as ['ʃimiʧ] ("sji-mytsj"), mar wurdt yn Nederlân ornaris sûnder diakrityske tekens skreaun (as Simic). De útspraak wurdt dan almeast ferbastere ta ['simɪk] ("si-mik").

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tatjana waard yn 1963 berne yn 'e Kroätyske haadstêd Zagreb, dêr't se ek opgroeide. Mei sechstjin jier emigrearre hja yn 1979 mei har âlden nei Nederlân ta, dêr't it gesin him nei wenjen sette yn Rotterdam. Tatjana makke sadwaande har oplieding yn Nederlân ôf en learde aksintleas Nederlânsk te sprekken.

Har karriêre begûn Tatjana doe't se yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren in modellewedstryd fan it tydskrift Panorama wûn. Hja makke yndruk mei har grutte boarsten en har perokside-blonde hier. Neitiid makke se namme mei neakenfotografyske reportaazjes yn 'e Nederlânske (12 kear) en de Dútske edysje (4 kear) fan 'e Playboy. Teffens posearre se fan 1994 oant 2003 as neakenmodel foar har eigen kalinders. Yn 2009 stie se mei 45 jier noch mei in sensuele fotoreportaazje yn it tydskrift FHM.

By it grutte publyk briek Tatjana yn 1986 troch mei har rol as de sletterige dochter Kees yn 'e satiryske komeedzjefilm Flodder, oer de asosjale húshâlding mei deselde namme. Dat waard in daverjend súkses, en sadwaande koe hja deselde rol op 'e nij fertolkje yn 'e ferfolchfilms Flodder in Amerika! (1992) en Flodder 3 (1995), en teffens yn 'e spin-off-tillefyzjesearje Flodder, dy't yn 1993 begûn. Oan 'e Flodder-franchise kaam yn 1997 lykwols definityf in ein troch it hommelse ferstjerren fan akteur Coen van Vrijberghe de Coningh (dy't de rol fan Johnnie Flodder spile) yn it bywêzen fan Tatjana en Stefan de Walle (soan Kees Flodder). Dêrtroch waard de lêste "nije" ôflevering yn 1998 útstjoerd, al wurdt de hiele searje (anno 2021) noch altyd geregeldwei op 'e Nederlânske en Flaamske tillefyzje werhelle.

Njonken har aktearkarriêre wie Tatjana ek aktyf as sjongster en dûnseresse. Yn 1987 brocht se, nei ferskate jierren sjonglessen nommen te hawwen, har earste single út, mei as titel Baby Love. Har twadde liet, Chica Cubana, waard yn in grut diel fan Jeropa in top 10-hit, en yn 1989 skoarde se op 'e nij in hit mei Awaka Boy. Nei't yn 1997 har earste album New Look útkommen wie, gie Tatjana op toernee, net inkeld yn Nederlân en oanbuorjende lannen, mar sels yn Súd-Amearika en it Fiere Easten. Yn 2000 ferskynde har twadde album, Baila Baila. Neitiid brocht se noch ferskate singles út, lykas Ik Laat Je Gaan, út 2007, dat in cover wie fan it Kroätyske Blago Onom Ko Te Ima, fan Tony Četinski, mar se behelle nea wer itselde soarte súkses.

Tatjana hat fierders meidien oan ferskate tillefyzjeprogramma's, lykas de realitydûnswedstryd Dancing with the Stars yn 2005, en de kwis Ranking the Stars yn 2008. Teffens siet se yn 2009 en 2010 yn 'e faksjuery fan it Nasjonaal Songfestival. Fanôf 2011 wie se mei Patty Brard en Patricia Paay ien fan 'e haadpersoanen yn it realityprogramma Diva's Draaien Door. Yn 2006 publisearre se fierders in itensiedersboek mei Kroätyske resepten en anekdoates út har libben, ûnder de titel Tatjana's Studentenkookboek.

Yn 2007 kaam Tatjana yn it nijs fanwegen in koarte relaasje mei miljardêr en sakeman Marcel Boekhoorn. Begjin 2008 krige hja in relaasje mei miljonêr Ronny Rosenbaum, in ûndernimmer út 'e tekstyl- en ûnreplik goed-sektor, mei wa't hja úteinlik in hoart gearwenne en ek in skoftke ferloofd wie. Yn septimber 2010 waard lykwols bekendmakke dat se de relaasje ôfbrutsen hiene. Yn 2011 die Tatjana mei oan it tillefyzjeprogramma Wie Kiest Tatjana?, wêryn't se út in stikmannich gadingmakkers in man keas om in relaasje mei oan te gean. Dat waard in Peter Mijnen, mar ein febrewaris 2012 waard bekend dat ek dy relaasje foarby wie.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1986 Flodder dochter Kees Flodder
1988 Starke Zeiten ferpleechster Hanna Dútske film
1990 My Blue Heaven Suzy Nederlânske film
1992 Zlantne Godine tillefyzjeferslachjouster    Kroätyske film
1992 Flodder in Amerika! dochter Kees Flodder
1993 Hoeksteen & Groenstrook    enkêtrise
1995 Flodder 3 dochter Kees Flodder
tillefyzje
1988 Im Schatten der Angst Sonja Dútske tillefyzjefilm
1992 Waku Waku n.f.t. dielnimmer oan tillefyzjekwis
1993–1995 & 1998 Flodder dochter Kees Flodder 62 ôfl.; lêste ôfl. opnommen yn 1997
2005 Dancing with the Stars harsels realityprogramma
2008 Ranking the Stars harsels realityprogramma
2011 Diva's Draaien Door harsels realityprogramma
2011 Wie Kiest Tatjana? harsels realityprogramma
albums
  • 1997 – New Look
  • 2000 – Tatjana Baila Baila
singles
  • 1987 – Baby Love
  • 1988 – Chica Cubana
  • 1988 – Awaka Boy
  • 1992 – Can't Take My Eyes Off You (duët mei Gerard Joling)
  • 1993 – Feel Good
  • 1995 – Santa Maria
  • 1996 – Calendar Girl
  • 1997 – The First Time
  • 1999 – Wait and Wonder
  • 2000 – Baila Baila
  • 2000 – Be There in Time
  • 2000 – Beautiful
  • 2007 – Ik Laat Je Gaan
  • 2010 – Ga Nu Maar

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Voetnoten, op dizze side.