Utjouwerij Regaad
Stifting Utjouwerij Regaad | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | útjaan fan Frysktalige literatuer | |
fêstige yn | Grins (Grinslân) | |
oprjochte | 2013 | |
oprjochter | Anne Tjerk Popkema Bert-René Luimstra Peter Boersma | |
offisjele webside | ||
www.regaad.nl |
Utjouwerij Regaad, offisjeel eins Stifting Utjouwerij Regaad, is in Fryske útjouwerij dy't fêstige is yn Grins.
Skiednis
Regaad waard ein 2013 yn Grins oprjochte troch oersetter Anne Tjerk Popkema, Bert-René Luimstra en byldzjend keunstner Peter Boersma. De trije mannen hiene as doel it befoarderjen fan it lêzen fan Frysktalige boeken. Dêrta rjochtet de útjouwerij him op "de produksje fan Fryske oersettings yn heechweardige en orizjinele útjeften", sa't it formulearre wurdt op 'e eigen webside.
De trije oprjochters dogge it útjaan derby, njonken harren "echte" wurk, en stekke alle winst dy't se mei in boek meitsje wer yn it útjaan fan it folgjende boek. It earste boek fan Utjouwerij Regaad kaam yn april 2014 út, en wie in oersetting fan Edgar Allan Poe syn The Pit and the Pendulum. Yn 2015 kaam Hielke Visser as fjirde man Regaad, earst as ponghâlder, en fan 2017 ôf as algmien bestjoerslid. De útjouwerij krige in fiifkoppich bestjoer doe't Erik de Vries yn 2017 ponghâlder waard.
Utjûne boeken
- 2014 – Frysk Horrorboek (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan Douwe Kootstra, Willem Schoorstra, Aant-Jelle Soepboer, Geart Tigchelaar en Henk Wolf)
- 2014 – Fryske Horror: Grouwélige Ferhalen (lústerboek)
- 2014 – Frîske Horrortûr (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan Douwe Kootstra, Willem Schoorstra en Geart Tigchelaar)
- 2014 – Hoe't de Waadeilannen Der Sa Kaam Binne (koart ferhaal fan Bert-René Luimstra útjûn yn in oplaach fan 3 eksimplaren)
- 2014 – De Skacht en de Slinger (nei The Pit and the Pendulum, fan Edgar Allen Poe)
- 2015 – Der Wie Ris in Doarp, in Doarp Ferskûle tusken Bosk en Wetter (beheinde oplaach fan 5 eksimplaren)
- 2015 – De Skipsjonges fan Bontekoe (nei De Scheepsjongens van Bontekoe, fan Johan Fabricius)
- 2015 – Erik of it Lyts Ynsekteboek (nei Erik of het Klein Insectenboek, fan Godfried Bomans)
- 2015 – Havank yn Fryslân (nei De Nachtmis van Wybe van Croningha, fan Havank)
- 2016 – Dreameboekje/Dromenboekje (jeugdferhalen, by de presintaasje fan De GFR)
- 2016 – Flutboekje fan Regaad (puzelboekje)
- 2016 – De GFR (nei The GFR, fan Roald Dahl)
- 2016 – Im Westen nichts Neues (oerset fragmint fan dizze roman fan Erich Maria Remarque)
- 2016 – In Wrâldreis yn Tachtich Dagen (stripbewurking fan Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours, fan Jules Verne)
- 2017 – Oan: Dionigi di Borgo Sansepolcro (oersetting fan in brief fan Francesco Petrarca)
- 2017 – Ventoux (nei Ventoux, fan Bert Wagendorp)
- 2017 – Teltsjes fan Tellegen (blomlêzing fan oersette ferhalen út it oeuvre fan Toon Tellegen)
- 2018 – De Wiete Poes en Oare Unfoege Folksferhalen (gearstald troch Jurjen van der Kooi en Douwe Kootstra)
- 2018 – It Parfum (nei Das Parfum, fan Patrick Süskind)
Galery fan útjeften
-
In Wrâldreis yn 80 Dagen (stripbewurking)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|