Johan Fabricius

Ut Wikipedy
Johan Fabricius
skriuwer
Fabricius (rj.) oan it Pavia-front yn 'e Earste Wrâldoarloch (1915).
Fabricius (rj.) oan it Pavia-front yn 'e Earste Wrâldoarloch (1915).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johan Johannes Fabricius
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 augustus 1899
berteplak Bandung (Nederlânsk-Ynje)
stoarn 21 juny 1981
stjerplak Glimmen (Grinslân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
berneboeken, reisferhalen
bekendste
  wurk(en)
De Scheepsjongens van
   Bontekoe

Het Meisje met de Blauwe Hoed
jierren aktyf 19221982
offisjele webside
n.f.t.

Johan Fabricius (folút: Johan Johannes Fabricius; Bandung, 24 augustus 1899Glimmen, 21 juny 1981) wie in Nederlânsk skriuwer, yllustrator, boekbânûntwerper foar in tal fan syn eigen útjeften, sjoernalist en aventoersman. Hy waard benammen bekend troch syn histoaryske jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe, út 1924, dat withoefolle kearen werprinte waard. Fabricius skreau yn totaal 99 boeken en gou as in rasferteller.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fabricius waard yn 1899 yn Bandung, yn Nederlânsk-Ynje, berne as de soan fan 'e dichter en toanielskriuwer Jan Fabricius. As sadanich wied er in Nedersakser fan Drintsk komôf. Hy brocht syn jonkheid troch yn Nederlânsk-Ynje, oant er yn 1914, doe't er 15 jier wie, oerkaam nei Nederlân. Hy studearre in jier oan 'e keunstakademy yn De Haach foar't er him yn 1915, ûnder de Earste Wrâldoarloch, oanmelde by it leger fan Eastenryk-Hongarije, om inkele moannen lang as Kriegsmaler (oarlochsskilder) te fungearjen oan it Pavia-front yn wat no noardlik Itaalje is. Yn dy tiid makke er in tekenreportaazje oer it libben oan it front. Letter soed er ek it boek De Oorlog van de Kleine Paardjes skriuwe oer syn ûnderfinings dêre.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1925 troude Fabricius mei Ruth Freudenberg, mei wa't er twa soannen en in dochter krige. Nei't er yn 1968 widner wurden wie, wertroude er mei Anna Corneilia Bleeker.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fabricius skreau yn totaal 99 boeken, wêrûnder ek in soad jeugdboeken. Syn debútroman wie Eiko van den Reigerhof, út 1922. Syn bekendste wurk wie it jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe, út 1924, dat withoe faak werprinte wurde moast om oan 'e fraach fan 'e lêzers te foldwaan. De legerroman Het Meisje met de Blauwe Hoed, út 1927, waard yn 1934 ferfilme. Oare bekende wurken fan Fabricius wiene De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko, dat yn trije dielen útkaam fan 1930 oant 1931, Komedianten Trokken Voorbij (1931), De Grote Geus (1949) en Gordel van Smaragd (1953). As kommersjele opdracht fan 'e Nederlandsche Olie Fabrieken (N.O.F.) Calvé-Delft skreau en yllustrearre Fabricius ek de reklamerige De Wondere Avonturen van Arretje Nof (1926-1927). Fierders fungearre er ek as yllustrator fan syn oare wurk en ûntwurp er sels gauris de omslaggen fan syn boeken.

Oan it begjin fan 'e Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch slagge it Fabricius yn 1940 om as Ingelânfarder út te wiken nei it Feriene Keninkryk. Dêr wied er ûnder de oarloch aktyf as nijslêzer en kommentator by de BBC Dutch Service. Nei de oarloch wurke er yn 1945 as korrespondint foar de BBC en de krante The Times yn Aazje. Sa fersloech er dêre û.m. de Earste Polisjonele Aksje yn Nederlânsk-Ynje. Fia in grutte omwei kearde er úteinlik nei it Feriene Keninkryk werom, dêr't er oant 1956 wenjen bleau ear't er him wer yn Nederlân fêstige.

Hoewol't Fabricius syn wurk fan foar de Twadde Wrâldoarloch as it hichtepunt fan syn oeuvre jildt, ferskynden ek yn 'e 1950-er jierren noch ynkringende, tige goed dokumintearre romans as De Heilige Paarden, oer de yn Jeropa frijwol ûnbekende wrâld fan it Nederlânsk-Yndyske (en letter Yndonezyske) eilân Sûmba. Yn 1961 ferbleau Fabricius in skoft op Kurasau, yn 'e Nederlânske Antillen, dêr't er lêzings fersoarge ûnder de jierlikse boekewike. Oer dat eilân skreau er de roman Het Geheim van het Oude Landhuis, dy't yn 1965 útkaam, en de ferhalebondel Onder de Hete Caraïbische Zon, út 1970.

Yn 1963 ferskynde fan Fabricius fierders noch de roman Jongensspel, dêr't er ta ynspirearre waard troch de Baarnske moardsaak, dy't spile yn 1960-1963. Yn 'e 1970-er jierren folgen fan Fabricius fierders noch de roman Toontje Poland, ferskate wurken dy't weromgriepen op syn tiid yn Nederlânsk-Ynje, en it autobiografyske Memoires (1980). Behalven fiksjewurken wie Fabricius ek auteur fan ferskate reisferhaleboeken, lykas Een Reis door het Nieuwe Indonesië (1973) en Gringo (1976), oer in reis op 'e rivier de Paraguay, yn Súd-Amearika.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johan Fabricius kaam yn juny 1981 yn it Grinslânske Glimmen te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier. Hy waard deun dêrby begroeven op it Nederlânsk-Herfoarme Begraafplak oan 'e Pollseweg yn Noardlaren.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

boeken
  • 1922 – Eiko van den Reigerhof
  • 1923 – Hansje Bluf, of: Het Zangersfeest van Koning Langelip
  • 1924 – De Scheepsjongens van Bontekoe (yn 2011 kaam de 33e printinge út)
  • 1925 – Hans de Klokkeluider, of: De Duivel in de Toren
  • 1925 – Nagtegael
  • 1927 – Het Meisje met de Blauwe Hoed ( werútjûn yn 1949, ferfilme yn 1934, en dramatisearre foar de tillefyzje yn 1972)
  • 1928 – Charlottes Grote Reis (werútjûn yn 1930)
  • 1926-1927 – De Wondere Avonturen van Arretje Nof (5 dielen, yn opdracht fan 'e Nederlandsche Olie Fabrieken (N.O.F.))
  • 1929 – Mario Ferraro's IJdele Liefde
  • 1930-1931 – De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko (3 dielen; útjefte: Van Nelle, Rotterdam)
  • 1931 – Komedianten Trokken Voorbij
  • 1931 – Venetiaans Avontuur
  • 1932 – Melodie der Verten (werútjûn yn 1934)
  • 1933 – Marietta
  • 1934 – De Dans om de Galg
  • 1934 – Leeuwen Hongeren in Napels
  • 1938 – Kasteel in Karinthië
  • 1938 – De Koning Gaat Voor
  • 1938 – Groote Heren
  • 1941 – Eiland der Demonen
  • 1942 – A Malayan Tragedy
  • 1944 – Nacht over Java
  • 1945 – De Kraton
  • 1947 – Hoe Ik Indië Terugvond
  • 1947 – Halfbloed
  • 1948 – Hotel Vesuvius
  • 1949 – De Grote Geus
  • 1949 – Brandende Aarde
  • 1950 – Flipje
  • 1951 – Mijn Huis Staat achter de Kim
  • 1952 – Een Wereld in Beroering
  • 1952 – De Ontvoering van Europa
  • 1952 – Langs de Leie
  • 1953 – Gordel van Smaragd
  • 1953 – De Nertsmantel
  • 1954 – Het Duistere Bloed
  • 1954 – Toernooi met de Dood
  • 1955 – Nacht zonder Zegen
  • 1956 – Setoewo, de Tijger
  • 1957 – Luie Stoel
  • 1958 – Schimmenspel
  • 1958 – Het Roverseiland in de Perzische Zee
  • 1958 – Barrebart, de Wildeman uit de Bergen
  • 1959 – De Vrolijke Bruiloft van Arretje en Annetje
  • 1959 – De Heilige Paarden
  • 1960 – Ballade van de Zeeman Joris Breebaert
  • 1960 – Ballade van de Zilverreiger
  • 1961 – Mijn Rosalia
  • 1962 – Dromen Is Ook Leven
  • 1963 – Jongensspel
  • 1963 – Herinneringen van een Oude Pruik
  • 1964 – Hopheisa, in Regen en Wind
  • 1964 – Wat U Nodig Hebt, Mevrouw, Is een Vriend
  • 1965 – Het Geheim van het Oude Landhuis
  • 1965 – Dag, Leidseplein (werútjûn yn 1968)
  • 1966 – Weet Je Nog, Yoshi?
  • 1966 – De Avonturen van Jantje en Zijn Vrienden Koko en Sebastiaan
  • 1967 – Heintje Heeft Kabouters op Zolder
  • 1968 – Heintje en het Geheim van het Houten Paard Joris
  • 1968 – Het Water Weet van Niets
  • 1968 – Wij, Tz’e Hsi, Keizerin van China
  • 1969 – Wittebroodsweken met Mama
  • 1969 – Voorrijden, Mevrouw?
  • 1969 – Heintje Speelt voor Leeuw
  • 1970 – Heintje Bouwt een Huis voor Sinterklaas
  • 1970 – Onder de Hete Caraïbische Zon (ferhalebondel)
  • 1970 – De Kop van Jut
  • 1971 – Met Klein Orkest
  • 1971 – De Paradijsklok
  • 1971 – Goldoni
  • 1972 – Partnerruil Niet Uitgesloten
  • 1972 – Hannekes Bruiloft
  • 1972 – Shock-therapie
  • 1973 – Carlinho, Mijn Kleinzoon
  • 1973 – Een Reis door het Nieuwe Indonesië
  • 1974 – Achter in de Molukken
  • 1974 – Het Portret
  • 1974 – Het Gordijn met de Ibissen
  • 1975 – Barcarolle
  • 1975 – Hendrik Jacobus Jut, of: De Dubbele Moord aan de Bogt van Guinea
  • 1975 – De Oorlog van de Kleine Paardjes
  • 1975 – De Wijze Goeroes van Benares
  • 1976 – Er Zijn Geen Echte Gekken Meer op Capri
  • 1977 – Toontje Poland
  • 1977 – Dipanegara
  • 1976 – Gringo (oer syn reis op 'e rivier de Paraguay yn 1922)
  • 1978 – De Schreeuw van de Witte Kakatoe
  • 1978 – Spelevaren met een Sultan
  • 1978 – Toontje Poland onder de Tropenzon
  • 1979 – De Zwaluwen van Klapanoenggal
  • 1979 – Brieven uit een Djatihouten Kist
  • 1979 – De Hoed met de Struisveer, of: Hoe Mijn Moeder in 1894 als 'Handschoentje' naar Indië Reisde
  • 1980 – Het Beest uit de Zee
  • 1980 – Memoires (autobiografy)
  • 1980 – Als Vogelen uit de Hemel...
  • 1981 – Het Zilveren Theeservies
  • 1981 – De Bruiden in het Bad en Andere Duistere Daden (ferhalebondel)
  • 1981 – De Brug over de Dordogne
  • 1982 – De Put achter de Kembang Sepatoe
langspylplaten
  • 1974 – Oud-Indië: Sprookjes en Verhalen door Johan Fabricius

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar
1932 C.W. van der Hoogtpriis wûn n.f.t. oeuvre
1957 Kogge-earering[1] wûn n.f.t. oeuvre

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. List fan dragers fan de Kogge-earering

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.