Im Westen nichts Neues

Ut Wikipedy
Im Westen nichts Neues
algemiene gegevens
auteur Erich Maria Remarque
taal Dútsk
foarm roman
sjenre anty-oarloch
1e publikaasje 1928, as fúljeton
oarspr. útjwr. Propyläen Verlag (1929)

Im Westen nichts Neues is in ferneamde anty-oarlochsroman fan 'e Dútske skriuwer Erich Maria Remarque (1898-1970). It beskriuwt de ekstreme fysike en mentale omstannichheden dêr't de Dútske soldaten yn 'e Earste Wrâldoarloch oan it Westfront mei te krijen hiene, en hoe't se dêrtroch los kamen fan it boargerlik bestean, dêr't se nei harren weromkear fan it front mar dreech har draai wer yn fine koene. Foar it boek putte Remarque, sels in feteraan dy't oan it Westfront tsjinne hie, út persoanlike ûnderfinings.

Im Westen nichts Neues waard foar it earst publisearre as fúljeton yn 'e Vossische Zeitung yn novimber en desimber fan 1928, wêrnei't it yn 1929 yn boekfoarm útbrocht waard troch útjouwerij Propyläen Verlag. Yn 'e earste oardel jier nei de publikaasje waarden fan Im Westen nichts Neues 21/2 miljoen eksimplaren ferkocht yn 22 ûnderskate talen. De roman waard letter adaptearre foar ferskillende oare media. Remarque skreau ek in ferfolch ûnder de titel Der Weg Zurück. Beide boeken waarden ûnder it totalitêre rezjym fan nazy-Dútslân ferbean en ferbaarnd as uterings fan "ûntaarde literatuer".

In Fryske oersetting is der anno 2019 net, mar Utjouwerij Regaad joech yn 2016 in fragmint fan acht siden út, dat fertaald wie troch André Looijenga.[1]

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boek fertelt it ferhaal fan Paul Bäumer, dy't ta in groepke jonge Dútske soldaten heart dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch nei it Westfront ta stjoerd wurde. De patriottyske taspraken fan harren skoalmaster Kantorek hiene der nammentlik ta laat dat de hiele klasse him koart nei it útbrekken fan 'e oarloch oanmelden hie as frijwilliger. De jonges út 'e klasse reitsje fersille oer pelotons mei soldaten út hiele Dútslân. Bäumer sels is yndield yn deselde ienheid as syn maten Leer, Müller, Kropp en noch in pear oaren. Oan it front moetsje se Stanislaus Katczinsky, in âldere soldaat dy't almeast oansprutsen wurdt mei de bynamme Kat. Dyselde ûntjout him ta Bäumer syn mentor. Under har ferbliuw oan it front moatte Bäumer en de oaren leare om te gean mei de bloedige gefjochten, mar ek mei de ferriedlike en trochsmoarge libbensomstannichheden yn 'e rinfuorgen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Remarque warskôget de lêzer oan it begjin fan 'e roman: "Dit boek wurdt noch in beskuldiging, noch in opbychting, mar it minst fan allegear noch in aventoer, want de dea is gjin aventoer foar dejingen dy't him rjocht yn 'e eagen sjen moatte. Ik sil ienfâldichwei besykje en fertel oer in generaasje manlju dy't, sels al binne se ûntkommen oan 'e bommen, troch de oarloch ferneatige binne." It boek omfiemet sadwaande gjin heldhaftige ferhalen fan moed op it slachfjild, mar jout ynstee in byld fan 'e omstannichheden dêr't de soldaten oan bleatsteld binne. De ferfeling tusken de gefjochten troch, de oanhâldende driging fan artillerybesjittings en bombardeminten, de striid om iten te finen, it gebrek oan training fan 'e jonge rekruten dat liedt ta in legere kâns op oerlibjen, en de rol dy't poere willekeurigens spilet by wa't oerlibbet en wa net, wurde allegear oant yn detail beskreaun.

De fjildslaggen dy't útfochten wurde mei de fijân hawwe gjin nammen en hawwe gjin inkele ynfloed op 'e aldendeiske sitewaasje fan 'e soldaten, oft der no in oerwinning boekt of in nederlaach lit wurdt. Allinnich yn it persoanlike is de ynfloed fan 'e gefjochten fielber, as men ferwûne rekket of sneuvelet. As de Dútsers in slach winne, nimme se dêrby mar in miserabel lyts hoekje grûn yn, almeast net grutter as in fuotbalfjild, en dat giet yn in letter gefjocht dan ek noch gauris wer ferlern. Remarque ferwiist faak nei de libbene soldaten as âld en dea, emosjoneel opdrûge en skokt.

As Bäumer mei ferlof nei hûs giet, wurdt de priis dy't syn tsjinst oan it front easke hat, pas wier dúdlik. It stedsje dêr't er weikomt, is net feroare sûnt syn ôfreis, mar hy fielt him as is er yn in frjemde wrâld bedarre. Hy ûntdekt dat er gjin inkele bân mear fielt mei it meastepart fan 'e ynwenners. Syn heit stelt him fragen oer syn ûnderfinings oan it front dy't him emosjoneel yn 'e knipe bringe, en lit dêrmei in folslein ûnbegryp blike foar wat syn soan trochmakke hat. En in âlde skoalmaster fan Bäumer fertelt him dat hy en syn maten inkeld witte wat der oan harren lytse part fan it front bart, en dat it Dútske Leger no gau trochbrekke sil nei Parys. De iennichste persoan mei wa't Bäumer noch in bân fielt is syn mem, dy't op stjerren leit. De nachts foar't er werom moat nei it front, bliuwt er mei har op, mar hy komt ta de konklúzje dat it better west hie as er nea mei ferlof gien wie.

Werom oan it Westfront is Bäumer bliid dat er wer by syn maten is. Koarte tiid letter meldt er him oan as frijwilliger om op patrûlje te gean, en it is dan dat er foar it earst in fijannige soldaat deadet yn in hân-tsjin-hângefjocht. Neitiid sjocht er oerenlang ta hoe't de man pynlik ferstjert oan 'e ferwûnings dy't Bäumer him tabrocht hat. Hy fielt berou en freget ferjeffenis oan it lyk fan 'e man. Werom by syn maten bychtet er oan Kropp en Kat op wat der bard is; de oaren besykje him te treastgjen en him derfan te oertsjûgjen dat sokke dingen no ienris barre yn in tiid fan oarloch.

Letter wurdt Bäumer mei syn peloton útstjoerd om in opslachdepot te bewekjen yn in doarp wêrfan't de befolking evakuëarre wurde moat fanwegen de neite ta it front. Foar it earst yn tiden hawwe de soldaten dan genôch te iten, mei't der yn 'e rinfuorgen altyd itenskrapte hearsket. De mannen kinne boppedat genietsje fan lúkse dingen lykas sigaren, dy't se út 'e huzen fan it doarp stelle. As se de doarpsbewenners (fijannige boargers) ûnder twang evakuëarje, wurde se by fersin troch de artillery fan 'e fijân besketten. Bäumer en Kropp reitsje ferwûne, en as se letter mei de trein ûnderweis binne nei in sikehûs fier efter it front, wurdt it mei Kropp hurd minder, oant foar eltsenien dúdlik wurdt dat er daliks help hawwe moat. Hy wurdt dan fan 'e trein helle en nei in legerhospitaal yn beset gebiet brocht. Bäumer brûkt in kombinaasje fan ûnderhanneling en manipulaasje om by syn maat te bliuwen. Uteinlik wurdt by Kropp in skonk ôfset, wylst Bäumer sels al rillegau wer opbetteret en werom moat nei it front.

Tsjin dy tiid rint de oarloch op syn ein en lûkt it Dútske Leger him almar fierder tebek. Wylst de wanhope taslacht, moat Bäumer tasjen hoe't syn maten ien foar ien komme te sneuveljen. It is lykwols de dea fan Kat dy't him derta bringt dat er sels ek neat mear om it libben jout. Yn it lêste haadstik lit Remarque syn haadpersoan sizze dat de frede no gau komme sil, mar dat er gjin hope foar de takomst hat. Yn oktober 1918, oan 'e foarjûn fan 'e frede, komt Bäumer einlings sels om, op in fierders opmerklik freedsume dei. Yn it militêre rapport fan dy dei, opsteld troch de lieding fan it Dútske Leger, stiet lykwols: "Gjin nijs fan it Westfront" (dêrfandinne de titel fan it boek).

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Im Westen nichts Neues is twa kear ferfilme:

Oare adaptaasjes wiene in stripferhaal út 1952 en in harkspul foar de BBC-radio út 2008.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oersettingsfragmint yn it Frysk publisearre troch Utjouwerij Regaad yn 'e katalogus fan 'e Keninklike Bibleteek.

  • Remarque, Erich Maria, Im Westen nichts Neues, Berlyn, 1929 (Propyläen Verlag), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.