De Skacht en de Slinger

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan The Pit and the Pendulum)
De Skacht en de Slinger
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
algemiene gegevens
oarspr. titel The Pit and the Pendulum
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre horror
1e publikaasje 1842
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Skacht en de Slinger
publikaasje 2014, Grins
útjouwer Utjouwerij Regaad
oersetter Anne Tjerk Popkema
ISBN oers. 978-9 08 21 97 006

De Skacht en de Slinger, yn it oarspronklike Ingelsk: The Pit and the Pendulum, is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It heart ta it sjenre fan 'e horror en fertelt it ferhaal fan in finzene dy't de folterings fan 'e Spaanske Ynkwisysje ûndergiet, al moat dêrby oantekene wurde dat Poe gjin inkele war docht om 'e wurkwize fan 'e Spaanske Ynkwisysje histoarysk akkuraat wer te jaan en him likemin wat gelegen lizze lit oan oare histoaryske feiten. The Pit and the Pendulum, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, waard foar it earst publisearre yn 1842, yn it literêr jierblêd The Gift: A Christmas and New Year's Present for 1843. Hoewol't de swiere klam dy't lein wurdt op sintúchlike gewaarwurdings, lykas lûden, tige effektyf is oangeande it oproppen fan eangstme yn 'e lêzer, en it ferhaal dêrmei dus in slagge fertsjintwurdiger fan it horrorsjenre is, waard it mei mingde reäksjes ûntfongen. The Pit and the Pendulum is ferskate kearen adaptearre ta it medium fan 'e film. De Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema kaam út yn 2014.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal fynt plak ûnder de Spaanske Ynkwisysje, yn 'e âlde Spaanske haadstêd Toledo, en set útein as de nammeleaze ferteller foar in rjochtbank fan ferskate sinistere rjochters brocht wurdt. Der wurdt nea ferteld wêrom of wêrfoar oft er oppakt is, mar likegoed wurdt it deafûnis oer him útsprutsen. Dan giet alle ljocht út en befynt er him yn in folslein tsjuster. Earst mient er dat er opsletten sit yn in grêftombe, mar úteinlings figelearret er út dat it in tsjerkersel wêze moat. Hy beslút om 'e sel te mjitten troch in stikje fan 'e seame fan syn klaad tusken in pear stiennen yn te wrotten en dan mei de hân by de muorren lâns te gean oant er it stikje seame wer tsjinkomt, mar ear't er dat plan foltôgje kin, falt er derhinne.

As er wer ta besleur komt, ûntdekt er dat der deunby wetter en iten foar him delset is. Hy giet fierder mei syn mjitten, en fynt sa út dat de omtrek fan 'e sel hûndert stappen mjit. As er de tsjerker dwers oerstekt, stroffelet er oer de seame fan syn klaad, en dat rêdt him it libben, want yn 'e midden fan 'e flier blykt in grutte swarte skacht te wêzen, dy't yn 'e djipte fier ûnder him mei wetter folle is.

Nei't de finzene op 'e nij it bewustwêzen in hoart ferlern hat, ûntdekt er dat syn finzenis no lichtsjes ferljochte is en dat er sels langút oan in houten ramt plat op 'e grûn fêstbûn is. Op it plafon fan 'e tsjerker is in byltenis fan Heit Tiid skildere mei in seine yn 'e hân, en ta syn ôfgriis sjocht er dat de seine echt is en as in slinger oan it plafon hinne-en-werret. De slinger komt mei eltse haal justjes leger te hingjen en sil him úteinlik de dea dwaan as er net los wit te kommen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Lokkigernôch wit de finzene mei in pear stikjes fleis út syn iten de oandacht fan 'e rotten te lûken, dêr't it yn 'e tsjerker fan optilt; en de bistkes gnauwe op 'e siik nei it fleis de touwen troch dy't him op syn plak hâlde. Sa wit er frij te kommen as de slinger noch mar tommen boppe syn hert hinne en wer swingt. Mar as er himsels oan 'e kant smiten hat, sjocht er hoe't de slinger weromlutsen wurdt yn it plafon.

Yllústraasje fan The Pit and the Pendulum út 1919 troch Harry Clarke (1889-1931).

Dan wurdt er gewaar dat de muorren gleonhjit wurden binne en nei binnen begjinne op te kringen, wêrby't se him almar fierder nei de skacht yn 'e midden fan 'e sel ta driuwe. As er yn 'e djipte sjocht, komt er ta de konklúzje dat der gjin minder lot wêze kin as om yn dy skacht te fallen. Der wurdt ymplisearre dat er eanget wat er yn 'e djipte sjocht, al komt net oan it ljocht wat dat dan is. Lykwols, as de ferteller by de skacht wei wol, merkt er dat de opkringende muorren him gjin romte litte om earne oars hinne. Wylst er al yn 'e skacht begjint te tommeljen, heart er ynienen minskestimmen. De muorren wike tebek en in earm wurdt útstutsen sadat in hân him krekt op 'e tiid weromskuorre kin. It is Napoleon syn generaal Lasalle, dy't mei syn Frânske leger Toledo ynnommen hat: de Spaanske Ynkwisysje is no yn 'e hannen fan syn fijân fallen.

Histoaryske autintisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Los fan Poe syn beskriuwing fan 'e wurkwize fan 'e Spaanske Ynkwisysje, dy't feitliken kant noch wâl rekket, is it ek net dúdlik yn hokker tiidrek oft it ferhaal pleatst wurde moat. De namme fan Antoine Charles Louis Lasalle, in Frânske generaal út tiid fan 'e Napoleontyske Oarloggen, dy't Poe oan 'e ein fan it boek neamd, pleatst it ferhaal nammentlik yn 'e tiid fan 'e Spaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1808-1813), wylst de heechtijdagen fan 'e Spaanske Ynkwisysje yn 'e santjinde iuw foelen. Dêrby hie Lasalle neat fan dwaan mei de Frânske besetting fan Toledo. Wol waard de (doe al sieltôgjende) Spaanske Ynkwisysje formeel ôfskaft yn 'e snuorje dat de Frânsen it tusken 1808 en 1813 yn grutte dielen fan Spanje foar it sizzen hiene.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan The Pit and the Pendulum waard yn 2014 mei stipe fan 'e Provinsje Fryslân publisearre ûnder de titel De Skacht en de Slinger. It wie de earste útjefte fan 'e nije Fryske útjouwerij Regaad, dy't fêstige is yn Grins, en ferskynde yn in kreas ynbûn boekje fan 32 siden, mei in blau-wyt stofomslach en in foaropwurd fan Atte Jongstra. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Anne Tjerk Popkema, dy't earder al De Hobbit fan Tolkien en de Mearkes fan Grimm yn it Frysk oersette.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, De Skacht en de Slinger (oers. Anne Tjerk Popkema), Grins, 2014 (Utjouwerij Regaad), ISBN 978-9 08 21 97 006.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.