Foarôf wie nochal wat diskusje oer it lotsjen. De partoeren 5 oant en mei 8 bestiene út allinne mar haadklasse partoeren wêrûnder twa fan de favoriten. Fan dizze partoeren koe dus mar ien de heale finale berikke. It partoer fan Klaas Berkepas wie it ienichste haadklasse partoer by de lêste 8 fan de list. Dit betsjutte dat op syn minst ien earste klas partoer de heale finale helje soe, en op papier hiene Berkepas en dy in maklike 1e en 2e omloop.
De finale wie tusken de partoeren fan de winners fan it jier derfoarJohan van der Meulen, Taeke Triemstra en Auke van der Graaf en it partoer fan Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger. It partoer fan Van der Meulen kaam maklik op in foarsprong fan 4-0, mar dêrnei wie it foaral troch wat opslachflaters fan Van der Meulen it partoer fan Berkepas wat wêr tichteby komme koe. It waard op lêst alles oan de hang, mei in lytse keats doe't Johan van der Meulen de partij mei in sitbal útmakke.
Johan van der Meulen wie oer de hiele dei sjoen poerbêst oan de opslach en waard, nettsjinsteande in minne rite ûnder de finale keazen ta kening fan de PC 2007.