Mussel-Aa-kanaal
It Mussel-Aa-kanaal is in kanaal yn de regio Westerwâlde yn it easten fan de Nederlânske provinsje Grinslân. It rint fan Musselkanaal nei Veelerveen, dêr't it kanaal gearrint mei it Ruiten-Aa-kanaal en as it B.L. Tijdenskanaal fierder nei Bad Nijeskâns rint.
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kanaal rint fan Musselkanaal oant op 'e hichte fan Onstwedde nei it noarden ta. Dêr makket it in bocht en folget it paad nei it noardeasten. It kanaal is neamt nei de beek Mussel-Aa dêr't it de wetterfierende funksje fan oernaam hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kanaal waard oanlein ta oansetten fan de Vereniging ter bevordering van de kanalisatie van Westerwolde ûnder lieding fan Boelo Luitjen Tijdens. Dy feriening liet in plan meitsje en pak de wetteroerlêst oan dy't ûntstie nei de feanterij fan it Boertanger Fean. It plan kaam ree yn 1893 en yn 1911 waard úteinsetten mei it graven en yn 1916 wie it kanaal ree. It kanaal spile noch in grutte rôl by de feanterij fan de lêste stikken fean- en heidelân.
De folgjende slûzen waarden oanlein:
- Slûs by Veele (No. II)
- Slûs by Onstwedde (No. III)
- Slûs by Harpel (No. IV)
- Slûs by Kopstukken (No. V)
- Slûs by Zandtange (No. VI)
- Slûs by Braamberg (No. VII)
- Slûs by Jipsingboermussel (No. VIII)
Nei de Twadde Wrâldkriich waard it kanaal sletten foar de skipfeart en waarden de slûzen derúthelle. Yn de tachtiger jierren fan de tweintichste iuw waard it A.G. Wildervanckkanaal groeven, dat tichteby Musselkanaal op de Mussel-Aa-kanaal oanslút.