Guy V. Henry
Guy V. Henry | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Guy Vernor Henry | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 9 maart 1839 | |
berteplak | Fort Smith (Arkansas) | |
stoarn | 27 oktober 1899 | |
stjerplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1899 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | generaal-majoar | |
befel | Am. 10e Kavaleryrezjimint | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Apache-Oarloggen Geastedûnsoarloch Spaansk-Amerikaanske Oarloch | |
treffen(s) | Earste Slach by Bull Run Belis fan Charleston Slach by Olustee Slach by Cold Harbor Belis fan Petersburg Slach oan de Rosebud Gefjocht by Drexel Mission Porto Riko-kampanje | |
ûnderskiedings | Medal of Honor 1893 | |
oar wurk | gûverneur fan Porto Riko (1898-1899) |
Guy V. Henry (folút: Guy Vernor Henry; Fort Smith (Arkansas), 9 maart 1839 – New York, 27 oktober 1899) wie in Amerikaansk militêr dy't meifocht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Sû-Oarloggen en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Foar syn rol yn 'e Slach by Cold Harbor, yn 1864, ûnder de Boargeroarloch, waard him de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Letter joech er lieding oan in rezjimint buffalo soldiers, en teffens tsjinne er nei de Amerikaanske ferovering fan dat eilân noch koarte tiid as gûverneur fan Porto Riko.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henry waard yn 1839 berne yn Fort Smith, dat no yn 'e Amerikaanske steat Arkansas leit, mar dat doedestiden noch diel útmakke fan it Yndiaanske Territoarium (no Oklahoma). Hy wie de soan fan William Seton Henry (1816-1851), in majoar yn it Amerikaanske Leger dy't yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) focht, en dy syn frou Arietta Livingston Thompson, in pakesizzer fan Daniel D. Tompkins, dy't ûnder it presidintskip fan James Monroe fise-presidint fan 'e Feriene Steaten west hie.
Militêre karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henry studearre yn maaie 1861, in moanne nei it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, ôf oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Hoewol't er út it Suden kaam, besleat Henry en nim tsjinst yn it Noardlike Leger. Hy naam diel oan 'e ferdigening fan 'e Noardlike haadstêd Washington, D.C. yn 'e Earste Slach by Bull Run, en wie letter belutsen by it Belis fan de Haven fan Charleston, yn Súd-Karolina. Teffens focht er febrewaris 1864 mei yn 'e Slach by Olustee, yn noardlik Floarida. Foar betoande dapperheid yn 'e Slach by Cold Harbor, yn Firginia, op 1 juny 1864, dêr't er de oanfal op 'e Konfederearre posysje persoanlik oanfierde en dêr't twa hynders ûnder him weisketten waarden, krige Henry krapoan trichtich jier letter, yn 1893, noch de Medal of Honor taparte, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Teffens waard er foar syn optreden yn dat treffen beleanne mei in befoardering ta kolonel mei it befel oer in brigade. Neitiid naam er ek noch diel oan it Belis fan Petersburg.
Nei de Boargeroarloch waard Henry oan 'e Amerikaanske frontier yn it Wylde Westen legere. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht er op 17 juny mei yn 'e Slach oan de Rosebud, tsjin 'e Lakota fan it opperhaad Mâl Hynder en dy har bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen. By dat treffen rekke Henry ferwûne doe't er troch syn gesicht sketten waard. Letter waard er oerpleatst nei it Amerikaanske Súdwesten, dêr't er dielnaam oan 'e Apache-Oarloggen. Hy tsjinne lange tiid by it Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint, dat folslein bestie út swarte soldaten, de saneamde buffalo soldiers. Under de Geastedûnsoarloch fan ein 1890 ûntsette er mei dy troepen it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan kolonel James W. Forsyth, dat yn it Gefjocht by Drexel Mission yn 'e pine set wie troch Brulee-krigers ûnder Slacht-Twa.
Fan 25 maaie 1891 oant 3 oktober 1894 hie Henry it befel oer Fort Myer, yn Firginia, deunby Washington, D.C. Yn 1898 waard er ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch earst ynset yn Guantánamo, op Kuba. Letter waard er mei generaal Nelson A. Miles nei Porto Riko ta stjoerd, in oare Spaanske koloniale besitting yn it Karibysk Gebiet. Under de Amerikaanske ferovering fan Porto Riko hie Henry de lieding oer in 'provysjonele difyzje, dêr't er mei opmarsjearre út 'e stêd Arecibo, de troepen fan generaal Theodore Schwan yn 'e mjitte. It wie de bedoeling dat harren mienskiplike troepemacht de stêd Mayagüez ynnimme soe, mar de oanhâldende tropyske rein hold Henry syn opmars op, en ear't er yn Mayagüez arrivearre, hie it Spaanske garnizoen dêre de wapens al dellein.
Lêste jier en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 6 desimber 1898 waard Henry oansteld as de Amerikaanske gûverneur fan Porto Riko, as opfolger fan John Ruller Brooke. Op 6 febrewaris 1899 ûntbûn er it kabinet fan Porto Riko, dat ynsteld wie ûnder it autonomystatút fan it eilân. Teffens ferklearre er de belesting op earste libbensbehoeften foar ôfskaft. Op 9 maaie fan dat jier waard er as gûverneur ferfongen troch generaal George W. Davis. Werom yn 'e Feriene Steaten rûn Henry in longûntstekking op, dêr't er op 27 oktober 1899, yn 'e âlderdom fan 60 jier, yn New York (stêd) oan kaam te ferstjerren. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C. Syn soan Guy V. Henry jr. tsjinne ek yn it Amerikaanske Leger, en wûn dêropta in brûnzene medalje op 'e Olympyske Spullen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk generaal
- Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch
- Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876
- Persoan yn de Apache-Oarloggen
- Persoan yn de Geastedûnsoarloch
- Persoan yn it Wylde Westen
- Amerikaansk militêr yn de Spaansk-Amerikaanske Oarloch
- Gûverneur fan Porto Riko
- Persoan berne yn 1839
- Persoan stoarn yn 1899