't Lege

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan 't Lege fan de Wei)
Jump to navigation Jump to search

't Lege (Grinslânsk: 't Leege, Nederlânsk: 't Lage van de Weg) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân yn Grinslân. 't Lege leit direkt bewesten Uithuizen. Oan de westside leit de buert De Streek

It doarpke ûntstie yn de midden fan de 19e iuw. De namme ferwiist nei de ferheging dy't neist de wei ûntstien is nei in dyktrochbrek yn de 14e iuw. Op dy ferheging steane in oantal pleatsen, dy't as buert ek bekend binne as Bovenhuizen. De huzen oan de wei lizze in stik leger en waarden dêrom oantsjutten mei het lage van de weg (van = by).

Yn de buorskip waard yn 1859 in nôt- en pelmole boud, dy't al yn 1875 foar ôfbraak ferkocht waard.