Wrâldfederaasje fan Grutte Tuorren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Wrâldfederaasje fan Grutte Tuorren (World Federation of Great Towers) is in ynternasjonale feriening fan de kedizers of eigners fan hege tuorren en wolkekliuwers. De feriening is oprjochte yn 1989. Om yn de list te meien moat de toer in foar it publyk tagonklik útsjoch-, observaasjepunt hawwe. Alle gebouwen dy't oan dat betingst foldogge kinne lid wurde; dochs binne der in tal tige hege struktueren dy't oan de kriteria foldogge dy't net lid binne, lykas Burj Khalifa, Taipei 101, it Shanghai World Financial Center en de Willis Tower.

De Tuorren[bewurkje seksje | edit source]

Der hearre 26 tuorren ta de federaasje. Fan heech nei leech binne dat:

Namme toer Stêd Lân Jier Hichte
CN Tower Toronto Kanada 1976 553,33m
De Ostankinotoer Moskou Ruslân 1967 540m
Oriental Pearl Toer Sjanghai Sina 1995 468m
John Hancock Center Chicago Feriene Steaten 1969 444m
Empire State Building New York City Feriene Steaten 1931 443m
KL-toer Kuala Lumpur Maleizje 1995 421m
Sintrale Tv-toer Peking Sina 1992 405m
Tashkenttoer Tasjkent Oezbekistan 1985 375m
Tianjin Radio- en Televyzjetoer Tianjin Sina 1991 368m
Televyzjetoer Berlyn Dútslân 1969 368m
Makautoer Makau Sina 2001 338m
Tokiotoer Tokio Japan 1958 333m
Sky Tower Auckland Nij-Seelân 1997 328m
Tv-toer fan Vilnius Vilnius Litouwen 1980 326,5m
Tv-toer fan Tallinn Tallinn Estlân 1980 314m
Sydneytoer Sydney Austraalje 1981 304m (1.000ft)
Collserolatoer Barcelona Spanje 1992 288m
Rialtotuorren Melbourne Austraalje 1986 270m
Donautoer Wenen Eastenryk 1964 252m
Seoul Tower Seoel Súd-Korea 1975 239,7m
Sizkov Televyzjetoer Praach Tsjechje 1992 216m
De Euromêst Rotterdam Nederlân 1960 185m
Torre Latinoamericana Meksiko-Stêd Meksiko 1956 182m
Olympysk Stadion Montréal Kanada 1976 175m
Blackpooltoer Blackpool Feriene Keninkryk 1894 158m
Most SNP Bratislava Slowakije 1972 95m

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]