Peking

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Běijīng Shì
北京市
Forbidden City1.JPG
Basis ynformaasje
Gebiet 16.807,8   km²
Tal ynwenners 15.224.754
Tal ynwenners km² 906  km² Prefektuer
Tiid sône CST (UTC+8)
Regear
Lân Sina Flag of the People's Republic of China.svg
Regio Peking
Administrative yndieling 16 distrikten (stêdsdielen)
Boargemaster Guo Jinlong
Webside www.beijing.gov.cn
China Beijing.svg

Peking (北京 ; pinyin : Běijīng) is de haadstêd fan Sina. De stêd is in direkt bestjoerde stêd, mei likernôch 11.150.000 ynwenners. Boargemaster is Guo Jinlong sûnt 2007.

Etymology[bewurkje seksje | edit source]

Peking betsjut "noardlike haadsted" yn it Sineesk. It hat in konkurint fan Nanjing west, "de súdlike haadsted", tidens de Ming Dynasty. Dizze dynasty joech Peking har namme.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De âldste resten binne fan de 1e ieu f. Kr.. Doe stifte it Keninkryk fan Yan (燕) har haadsted, dêr't no Peking leit. Hja neamden it Ji (蓟). Neidat it Keninkryk fan Yan ferwoastige wie, waard de stêd lytser, alhoewol't it noch hieltyd in plak fan belang wie.

Peking waard hieltyd wichtiger yn 'e 10e ieu, doe't de Jin Dynasty har haadsted dêr fêstige. Dy stêd waard ferwoastige troch de Mongoalen yn 1215. Yn 1267 bouden de Mongoalen in nije stêd krekt boppe de Jin haadsted, se neamden it "Grutte Haadsted" (大都), en dat wie de basis fan Peking sa as it hjoed derhinne leit. Doe't Kublai Khan, de Mongoalyske monarch, de Yuan Dynasty stifte, keas er de stêd as syn haadsted.

De Yuan, Ming en Qing Dynastyën keazen Peking allegear as harren haadsted. Doe't de Qing Dynasty syn macht ferlear en de Republyk fan Sina stifte wie, ferplakten se harren haadsted fan Peking nei Nanjing. Doe't de Folksrepublyk Sina machtiger waard, waard Peking op 'en nij de haadsted fan Sina.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]