Burj Khalifa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Burj Khalifa
Burj Khalifa yn ferliking ta oare hege bouwurken.

De Burj Khalifa is in wolkekliuwer yn Dubai en is mei in hichte fan 828 meter it heechste bouwurk op ierde.

Skiedis[bewurkje seksje | edit source]

De bou sette útein op 21 septimber 2004. 21 july 2007 naam de Burj Khalifa (doe noch Burj Dubai) de titel 'heechste gebou fan de wrâld' oer fan de Taipei 101 yn Taiwan. Op 17 jannewaris wie op 828 meter it heechste punt helle. Op 4 jannewaris 2010 waard it gebou mei fjoerwurk iepene. By de bou fan de toer hite de toer Burj Dubai (Arabysk: برج دبي : Toer fan Dubai). Foar de iepening wie bekend dat de toer ferkocht wurde moast omdat der te min jild wie. Khalifa bin Zayed Al Nahayan fan it Emiraat Abu Dhabi kocht de toer in oermannich foar de iepening, wêrtroch de namme fan de toer feroare yn Burj Khalifa.

Sifers[bewurkje seksje | edit source]

  • De grutste lift yn 't bouwurk is 504 meter lang en is dêrmei de langste lift fan de wrâld.[1]
  • De toer hat 1.044 wenten.[1]
  • 3.000 ûndergrûnse parpearplakken.[1]
  • Op it hichtepunt fan de bou wienen 12.000 arbeiders oan it wurk.[1]
  • De toer hat in oerflak fan 526.760 kante meter.[2]
  • Foar de bou wie 330.000 kubike meter beton nedich.[2]
  • Foar de bou wienen 22.000.000 nedich.[2]

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

  • Ien dei nei de iepening sprongen twa basejumpers op 672 meter hichte fan de toer ôf.[3]
  • Yn it bouwurk sit de heechste moskee fan de wrâld (158e ferdjipping), heechste swimbad fan de wrâld (76e ferdjipping) en heechste útsichtplatfoarm fan de wrâld (124e ferdjipping).[4]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Burj Khalifa – foto, fideo en harktriemmen
>

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Top 10 Burj Khalifa facts: Part 1, 28 des. 2009 (sjoen op 26 jan. 2010)
  2. 2,0 2,1 2,2 Top 10 Burj Khalifa facts: Part 2, 5 jan. 2010 (sjoen op 26 jan. 2010)
  3. Basejump vom Burj Khalifa, Welt TV, 8 jannewaris 2010 (sjoen op 26 jan. 2010)
  4. Quick Facts on Burj Dubai/Burj Khalifa, gjin datum (sjoen op 26 jan. 2010)