Vorkosigan-kroniken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

De Vorkosigan-kroniken (Ingelsk: Vorkosigan Saga) binne in omfangrike searje fan science fiction-romans en -novellen fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, dy't yn in mienskiplik fiksjoneel takomstich hielal spylje, mar allegearre los faninoar lêzen wurde kinne. Bujold har oanpak by it skriuwen fariëarret, mei in miks fan spanning, aventoer, romantyk, komeedzje en tragyk dy't per boek ferskilt. Harren namme tankje de Vorkosigan-kroniken oan 'e lichaamlik hendikepte ealman, spion, admiraal en ryksauditeur Miles Vorkosigan, dy't yn it grutste part fan 'e searje de haadrol spilet. De Vorkosigan-kroniken hawwe in grut tal prizen wûn, mei dêrûnder fjouwer Hugo Awards, twa Nebula Awards en twa Locus Awards. Boeken út 'e searje binne oerset yn teminsten njoggentjin talen, wêrûnder twa yn it Nederlânsk.

Ynhâld

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

De Vorkosigan-kroniken (yn it Ingelsk bekend as de Vorkosigan Saga) foarmje fierwei it grutste part fan it wurk fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMasterBujold (1949). De boeken en novellen dêr't de searje út opmakke is, spylje likernôch njoggenhûndert jier yn 'e takomst yn in mienskiplik hielal, mar kinne los faninoar lêzen wurde, mei't de auteur elts ûnderdiel fan 'e searje behannelet as in ôfrûne ferhaal. Har redens dêrfoar binne trijefâld. Yn it foarste plak moat men der neffens har as skriuwer fan útgean dat de lêzer jins boeken yn in folslein willekeurige folchoarder ûnder eagen krije sil.[1] Oard koe hja yn 't foar noch net witte oft de searje libbensfetber wêze soe: "Hoewol't ik hope in searje te ûntwikkeljen, doarst ik dêr net op te rekkenjen; boeken út in searje soene mei-inoar driuwen bliuwe kinne, mar se koene ek mei-inoar kopke-ûnder gean, en ik woe my derfan bewissigje dat eltse roman oer in eigen rêdingsboat beskikte."[2] En trêd wie der noch in oar omtinken: Bujold hat de Vorkosigan-kroniken ntl. net skreaun as in lineêre rige fan begjin oant ein, mar hinne en wer hippend fan it iene punt yn 'e tiidsline nei it oare. Dêrfandinne dat de folchoarder fan útjefte fan 'e boeken net oerienkomt mei de ynterne gronology fan 'e searje.

De Vorkosigan-kroniken binne skreaun yn it personele perspektyf en beslane in breed skala oan subsjenres en krúsbestowings mei oare sjenres. Sa is The Vor Game militêre science fiction, The Mountains of Mourning in (sij it nochal a-typysk) detektiveferhaal, Komarr in romantysk drama en A Civil Campaign in romantyske komeedzje. Alle ferhalen út 'e searje, lykwols, befetsje humor, al is dat bytiden tige swarte humor, dy't fuort njonken djippe tragyk pleatst wurdt. It earste boek út 'e searje (Shards of Honor) kaam út yn 1986, en it (foarearst) lêste boek, (Captain Vorpatril's Alliance) yn 2012.

It Vorkosiversum[bewurkje seksje | edit source]

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

De Vorkosigan-kroniken spylje yn wat guon Bujold-fans it Vorkosiversum (the Vorkosiverse) doopt hawwe. Dat is it hielal likernôch njoggenhûndert jier yn 'e takomst, wannear't de minskheid him fan 'e Ierde útspraat hat oer een grut part fan it Molkenpaad. De earste súksesfolle kolonisaasje fan in planeet bûten ús sinnestelsel wie dy fan Bêta Koloanje (Beta Colony), likernôch seishûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan, de haadpersoan fan it grutste part fan 'e Vorkosigan-kroniken. Yn 'e tiid fan Miles Vorkosigan binne der tsientallen, miskien wol hûnderten troch minsken bewenne planeten, mei in grut ferskaat oan sterk ferskillende en noch altiten útinoargroeiende kultueren. Bûtenierdske wêzens binne oant safier noch net ûntdutsen, of alteast, gjin bûtenierdske wêzens fan heger statuer as it diereryk; dat de minskheid hoecht mei nimmen te kriigjen. Dat is ek mar goed, want men is drokkernôch mei ûnderlinge strideraasjes.[3]

Tiidrekkening[bewurkje seksje | edit source]

Bujold skinkt mar symboalysk omtinken oan 'e ferskillen yn mjitbere tiidsienheden, sa't dy fan planeet ta planeet foarkomme. Se hâldt in op 'e Ierde basearre "standertjier" oan, dat oeral yn gebrûk is. Boppedat wurde dagen berekkene op grûn fan Ierdske "standertoeren", hoe lang't hja op in beskate planeet yn it echt ek wêze meie. Dêrút folget dan dat in dei op 'e planeet Barrayar 26,7 oeren duorret, en op 'e planeet Komarr 19 oeren. Bujold sels hat datoangeande opmurken dat sa'n systeem noch technologysk, noch ekonomysk wurkber is, mar poer in ferienfâldiging dy't it fertellen fan it ferhaal ta tsjinst stiet.[4]

Technology[bewurkje seksje | edit source]

Wjirmgatreizgjen[bewurkje seksje | edit source]

De Ierde en de romtestasjons en kolonisearre planeten wurde yn it Vorkosiversum mei-inoar ferbûn troch de saneamde Wjirmgatferbining (Wormhole Nexus), dy't wjirmgatreizgjen mooglik makket troch tunnels dy't har fan natuere foardogge yn it tiid-romtekontinuum. Op dy manear kin men fan planeet nei planeet reizgje yn in ridlik koarte tiid (fan dagen, of heechút wiken), wêrby't de reis nei en fan it wjirmgat, troch de gewoane, stellêre romte, fierwei de measte tiid yn beslach nimt.

Wjirmgatreizgjen komt yn science fiction-ferhalen withoefaak foar om it probleem fan ynterstellêr reizgjen op te lossen: mei konvinsjonele romtefeart soe in reis tusken twa stjerrestelsels ntl. generaasjeslang duorje. Troch wjirmgatten as fêststeand feit op te fieren kin in auteur sokke ûnwinsklike gefolgen foar syn ferhaalline omsile. In alternative oplossing soe flugger-as-ljocht-reizgjen wêze, mar dat is ûnder de spesjale relativiteitsteory neffens ús hjoeddeiske begryp fan it aard fan it hielal ûnmooglik, alteast ynsafier't it om fêste struktueren of libbene wêzens giet.[5] Dêr komt noch by it probleem dat it ferskynsel tiidsdilataasje opsmite soe: op romteskippen dy't har mei superluminale faasje fuortbewege, soe de tiid yn ferliking stadiger gean as op planeten, mei as gefolch dat romtereizgers yn ferhâlding folle langer lykje soene te libjen as planeetbewenners (hoewol't sysels it tiidsferrin as persiis-en-gelyk waarnimme soene).[6] It bestean fan wjirmgatten, oan 'e oare kant, hat wis wol ienige wittenskiplike basis yn 'e teory fan 'e romtefeart en astronomy, mar op it stuit is it noch folslein hypotetysk en falt it troch it ûntbrekken fan 'e needsaaklike technology te bewizen noch te ûntkrêftsjen. (Dêr moat by oantekene wurde dat wjirmgatten foar it earst wittenskiplik beskreaun waarden troch de Dútske wiskundige Hermann Weyl, yn 1921, wylst de namme betocht waard troch de Amerikaanske teoretysk natuerkundige John Archibald Wheeler, yn 1957.)[7]

Yn it fiktive Vorkosiversum hinget wjirmgatreizgjen ôf fan "fiifdiminsjonale wiskundige berekkenings" (five-space math) en "Necklin-fjildgeneratorsteaven" (Necklin field generator rods), dy't de trijediminsjonele romte útteare nei fiif diminsjes en sa de trochfeart troch in wjirmgat mooglik meitsje. Sa'n trochfeart, in "wjirmgatsprong" (wormhole jump), wurdt troch minsken ornaris ûnderfûn as in mislikmeitsjende sensaasje dy't mar inkele tellen duorret, en dy't Bujold omskriuwt as: "it kleverige, skokkende gefoel fan ynienen wekker te wurden út in nachtmerje dy't men jin net mear yn 't sin bringe kin."[8] By party minsken wekket it lykwols in slimmere reäksje op, sasear sels dat hja platspuite wurde moatte foar in "wjirmgatsprong". Inkeld piloaten fan ynterstellêre romteskippen (saneamde "sprongskippen", jumpships) kinne, troch de harsenymplantaten dêr't se oer beskikke, in wjirmgatsprong ûnderfine as in duorjende tiidspanne (almeast fan in pear oeren), sadat se harren romteskip troch it wjirmgat loadsje kinne.

De measte bewenne stjerrestelsels fan it Vorkosiversum kinne lykslein wurde mei ien inkele steatkundige ienheid. Sa behearskje de planetêre regearings fan 'e Ierde, Athos en Kibou-daini harren respektivelike stjerrestelsels. Utsûnderings op dizze regel binne Barrayar en Cêtaganda, dy't beide in ynterstellêr ryk opboud hawwe, en it anargistyske Jackson's Whole, dat gjin regear hat. Oer it algemien binne oeral fuort by de yn-/útgong (ôfhingjend fan jins perspektyf) fan wjirmgatten romtestasjons oanlein, dy't tagelyk fungearje as oankomst- of ôfreisterminal, dûanepost en militêre basis. Sokke stasjons kinne eigendom wêze fan it oangeande stellêre regear of fan in spesifike kommersjele organisaasje. Teffens komt it foar dat romtestasjons in folslein ûnôfhinklike steatkundige ienheid foarmje, lykas yn it gefal fan 'e Quaddie-Uny en Stasjon Kline, mar dat komt eins inkeld foar as der yn it oangeande stjerrestelsel gjin bewenne (bewenbere) planeet is.

Keunstmjittige-gravitaasjetechnology[bewurkje seksje | edit source]

Yn it ferline beskikten romtestasjons (en romteskippen) net oer swiertekrêft of wekken se in ûnfolsleine foarm derfan op troch it gebrûk fan sintrifugale krêft. Likernôch twahûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan waard lykwols op Bêta Koloanje in metoade betocht om keunstmjittige swiertekrêft te ûntwikkeljen. Sadwaande hoege yn Miles Vorkosigan syn tiid sels de opfarrenden fan lytse romteskipkes net mear it ûngemak fan it brekme oan swiertekrêft te trochstean. Deselde technology is ek handich om passazjiers te beskermjen tsjin 'e effekten fan hege akseleraasje en ôfremming, wat fierder besparret op 'e tiid dy't men oan reizgjen kwyt is.

Planetêr Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Op it oerflak fan planeten mei in swiertekrêft en in atmosfear dy't ferlykber is mei dy fan 'e Ierde wurde foar reizgjen in ferskaat oan ferfiermiddels brûkt, fan "lichtfleaners" (lightflyers) en "loftauto's" (aircars) foar fiere reizen oant "grûnauto's" (groundcars) foar koarte ôfstannen. Sokke "grûnauto's" hawwe gjin tsjillen, mar in "antygravitaasjekjessen" (anti-gravity cushion), dêr't se op fuortglydzje oer it planeetoerflak, nei't men oannimme mei tige sa't hoovercrafts dat hjoed de dei ek dogge, mar dan fierder fan 'e grûn ôf en sûnder lucht te blazen. "Grûnauto's" lykje fierders net oermjitte fan ús gewoane auto's te ferskillen en komme foar yn alle soarten en maten, fan sportive twasitters oant pânsere limûsines.

Iepenbier ferfier bestiet yn urbanisearre gebieten benammentlik út "bûlwagons" (bubblecars), dy't yndividueel op beskate trajekten ride kinne neffens de troch de (uteraard beteljende) passazjier ynfierde ynformaasje. Foar de oerbrêging fan langere ôfstannen wurde almeast monorails brûkt.

Kompjûtertechnology en Kommunikaasje[bewurkje seksje | edit source]

Yn Miles Vorkosigan syn tiid wurdt papier frijwol net mear brûkt, útsein yn 'e foarm fan papierjild en mooglik wc-papier. Printe boeken binne sûnder útsûndering antyk; papier is djoer en wurdt inkeld noch brûkt foar de alderwichtichste dokuminten (of dokuminten dy't de skriuwer as sadanich beskôget, lykas leafdesbrieven). Om dingen te notearjen of út te printsjen, wurde plestikkene "tintsjes" (flimsies) brûkt.

Twadiminsjonale fideo is blykber folslein ferfongen troch "holofids" (holovids) yn trije diminsjes. Live "holofids" hawwe tillefoanpetearen ferfongen en yn 't foar opnommen "holofids" hawwe brieven en foar in part ek sms-kes en e-mails ferfongen. U.m. lânkaarten en foto-albums besteane út ynteraktive "holofids", dy't opslein binne op in "holokubus" (holocube).

In alternatyf foar fideokommunikaasje is triedleaze audio fia in "komlink" (comm link), mar sokke dingen binne almeast yn gebrûk by de striidkrêften, plysje, geheime tsjinsten en oar befeiligingspersoneel, en binne ynsteld op in beskate frekwinsje. It is dus eins mear in soarte fan walkie-talkie as in tillefoan. Ynterstellêre kommunikaasje fynt plak troch in yn 't foar op in skyfke opnommen boadskip fysyk troch in wjirmgat hinne te bringen en sil navenant djoer wêze.

It gebrûk fan kompjûters komt rûnom foar yn 'e Vorkosigan-kroniken, al giet it dêrby benammentlik om trieddige ferbinings en hurde media. De wichtichste kompjûterinterface liket it byldskerm te wêzen, yn 'e foarm fan in touchscreen. Triedleas kompjûtergebrûk liket net in protte foar te kommen. It ynternet wurdt net mei safolle wurden neamd, mar it bestean derfan (of fan eat dat derop liket) kin yn guon boeken fan 'e searje ôflaat wurde út 'e kontekst (Komarr, Captain Vorpatril's Alliance).

Militêre Technology[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e Vorkosigan-kroniken beskikke de striidkrêften ornaris oer de modernste technology. Sa biede de "taktykkeamer" (tactics room) en de "befelhelm" (command helmet; droegen troch de ofsieren dy't it direkte befel oer in operaasje fiere) karút oan audiofisuële input, sadat de brûker yndividuële en groepsbewegings folgje kin, fan sawol romteskippen as soldaten. Soks mei dan tsjintwurdich rûnom foarkomme yn militêre fideospultsjes, mar Bujold brûkte soks al yn har boeken ear't de earste fideospultsjes op 'e merk kamen.

Op it mêd fan persoanlik wapenreau is der yn it foarste plak de "ferdôver" (stunner) mei ferstelbere sterkten, dy't dochs noch deadlik is foar wa't oan in hertkwaal lijt. Oard is der de "senuwfersteurder" (nerve disruptor), dy't gjin skea tabringt oan it lichem fan in slachtoffer, mar nammenste mear oan 'e harsens en de senuwen. Fierders binne der noch de "nuddelder" (needler), in soarte fan mitraljeur dy't lytse flymskerpe meskes ôfsjit, en ta ein beslút de "plasmabôge" (plasma arc), in soarte fan lasergewear dat ek as in stik ark brûkt wurde kin, bgl. as laskapparaat of as snijbrâner.

Romteskippen binne û.m. bewapene mei gruttere "plasmakanonnen" (plasma guns). Yn Shards of Honor ûntwikkelet Bêta Koloanje dêrtsjin in definsyf wapen dat de "plasmaspegel" (plasma mirror) neamd wurdt, en dat de plasmalading fan in skipskanon weromreflektearret nei it skip dat him ôffjurre hat.

Oare wapens binne gifgassen, lykas "soltoksine" (soltoxin), of spesjaal ûntwikkele gifwapens om ien beskate persoan of kategory fan persoanen te treffen. In wierheidssearum, "fluch-penta" (fast-penta) is beskikber en wurdt brûkt troch plysje, geheime tsjinsten, de striidkrêften en de ûnderwrâld. It wurdt ynbrocht mei in ynjeksje ("hypospray") en der is in tsjingif dat oan 'e ein fan 'e ûnderfreging tatsjinne wurde moat. Spionnen, lykwols, en ek oaren wa har geheimen beskerme wurde moatte, hawwe in mei genetyske manipulaasje opwekke allergy tsjin "fluch-penta", wylst der ek inkelingen binne dy't sa'n allergy fan natuere hawwe. By beide soarten lju liedt tatsjinning fan "fluch-penta" hiel gau ta de dea troch anafylaktyske sjok.

Terrafoarming[bewurkje seksje | edit source]

De planeten fan 'e Wjirmgatferbining hawwe in ferskaat oan ekologyen. Guon planeten, lykas Barrayar en Sergyar, hawwe in swiertekrêft en atmosfear dy't dy fan 'e Ierde beliket, mei wetterfoarrieden en foar minsken azembere lucht. Op oaren, lykas Bêta Koloanje en Komarr, kinne minsken inkeld oerlibje mei beäzemingsapparatuer of yn oerkoepele stêden, saneamde "biosfearen" (biospheres). Sokke planeten ûndergeane gauris in terrafoarmingsproses (bgl. yn it gefal fan Komarr), dat der op 'e lange termyn ta liede moat dat minsken der sûnder helpmiddels bestean kinne.

Medyske Technology[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e takomst dy't Bujold skilderet, is genetyske manipulaasje, ek fan minsken, frij aldendeisk, al ferskille de grinzen dy't dêroan steld wurde per planeet. Sa wurdt it op Barrayar benammentlik brûkt om genetyske mutaasjes ûngedien te meitsjen, wylst Cêtaganda hurd ûnderweis is om it minsklik ras yn twaen te spjalten mei in genetysk modifisearre elite, de "haut", dy't de rest fan 'e befolking regearret (net dat de gewoane Cêtagandiërs net oan genetyske manipulaasje dogge, allinnich lang net yn 'e mjitte dat de "haut" dêr gebrûk fan meitsje). Ek de it genetysk kloanjen fan minsken komt foar.

In essinsjeel ûnderdiel fan 'e minsklike fuortplanting (en foar de manipulaasje fan it minsklik genoom) is de "uterusreplikator" (uterine replicator), in helpmiddel dat ek in krúsjale rol spilet yn ferskate fan Bujold har boeken. It is in keunstmjittige limoer dy't it mooglik makket om fuortplanting hast folslein in vitro ôf te hanneljen. Behalven dat dit froulju beskermet tsjin alle mooglike gefaren dy't it yn ferwachting wêzen en bernjen fan in poppe meibringe kin, is dizze praktyk ek tige gaadlik foar it bestudearjen fan embryo en foetus en it tapassen fan genetyske manipulaasje as dat needsaaklik of winsklik achte wurdt. Dit is sa'n normale gong fan saken wurden yn 'e hiele Wjirmgatferbining, dat de planeet Barrayar, dy't seishûndert jier lang isolearre west hat en yn dy tiid weromfallen is ta in soarte fan Midsieuwen, en sadwaande nei't der wer fannijs kontakt lein is mei de rest fan 'e minskheid op technologysk mêd in ynhelslach meitsje moat, beskôge wurdt as barbaarsk om't froulju dêr de poppe noch foldrage en bernje. De ynfiering fan 'e "uterusreplikator" wurdt op Barrayar boppedat in feministyske kwestje, mei't de rol fan froulju yn 'e Barrayareeske maatskippij ieuwenlang folslein definiëarre wurden is troch harren funksje yn it fuortplantingsproses. Dêrnjonken makket de "uterusreplikator" ek de folslein manlike maatskippij fan 'e planeet Athos mooglik, dêr't aaisellen fan aaistôkweefselkultueren komme ynstee fan froulju (en dêr't de poppen fansels altiten jonkjes binne). Doe't Bujold yn in ynterview befrege waard oer de "uterusreplikator", murk hja op: "It is net echt in nij idee yn 'e science fiction; Aldous Huxley syn Brave New World brûkte der al yn 1932 in ferzje fan, mar, yn myn dizenige oantins oan dat boek waard it dêr brûkt, of misbrûkt, om in genetysk klassesysteem op te lizzen. [...] It is trouwens in folslein fysyk mooglike technology, hoewol't der noch in protte biomedyske masinebou foar útwurke wurde moatte soe. Ferskate eksperiminten mei foarmen dy't brûkt wurde foar bisten binne al geande, en ik soe ferwachtsje dat às it foar kommersjele doelen ûntwikkele wurde soe, dat yn it foarste plak foar bistefokkerij dien wurde soe."[9]

Genetyske manipulaasje produsearret yn 'e Vorkosigan-kroniken fierders tige spesifyk ûntwurpen mikroben (Memory, Diplomatic Immunity), groteske húsdieren (de sfinks yn CryoBurn), en sokke geskinken oan 'e minskheid as de "bûterbistkes" (butterbugs; yn A Civil Campaign). Op it minsklike nivo wurde eskperiminten ûndernommen om te kommen ta de ideäle soldaat (Labyrinth), de ideäle wurknimmer (Falling Free), de ideäle spion (Ethan of Athos) en sels it ideäle ûnderwetterballet (Diplomatic Immunity). Op Bêta Koloanje besteane der trije seksen: manlju, froulju en hermafroditen; dylêsten foarmje in minderheid dy't oerbleaun is út in sosio-medysk eksperimint út in eardere faze fan 'e planeet, dat lykwols net oanslein is.

Medyske libbensferlinging is ek in wichtich elemint yn ferskate boeken fan Bujold, mar fral yn (Mirror Dance en CryoBurn). De ferantwurdlike en goed oanpaste libbenshâlding fan 'e Bêtaanske befolking resultearret yn in natoerlike libbensspanne fan hûnderttweintich jier, wylst de "haut" fan Cêtaganda net inkeld harren libbens ferlingje troch genetyske manipulaasje, mar teffens harren skyn fan jonkheid. Hûs Bharaputra, in misdiesyndikaat op Jackson's Whole, hat him spesjalisearre yn it transplantearjen fan 'e harsens fan âlde (en rike) lju yn 'e jonge lichems fan harren genetyske kloanen (soks resultearret fansels yn it fermoardzjen fan 'e kloan, wat de reden is dat sa'n operaasje inkeld op it anargistyske en wetteleaze Jackson's Whole útfierd wurde kin). Net mear as rûtine is it befriezen fan ferstoarnen yn 'e hope se letter, ûnder bettere omstannichheden of as de wittenskip in oplossing fûn hat foar harren medyske probleem, wer ta libben te wekjen. Yn Mirror Dance komt Miles Vorkosigan bgl. om it libben by in granaatoanfal, wêrnei't syn mannen him yn in "kryoanyske kiste" (cryonic chamber) lade. Letter yn it boek wurdt er yn in sikehûsfermidden wer ta libben brocht. En yn CryoBurn wurdt in hiele maatskippij ôfskildere dêr't in elk dy't it finansjeel opbringe kin, him- of harsels nei syn/har ferstjerren ynfrieze lit yn ôfwachting fan in genêsmiddel foar wat him/har mankearret.

Maatskippij[bewurkje seksje | edit source]

Planetêre Kultueren[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't yn Bujold har fyzje op 'e takomst de minskheid mei-inoar ferbûn bliuwt troch de Wjirmgatferbining, ferkeart dochs eltse wrâld fierhinne yn isolaasje fan alle oaren, al is it mar om't ynformaasje fysyk troch de wjirmgatten hinne brocht wurde moat, wat in drompel foar kommunikaasje opsmyt. Op dy manear stiet it Vorkosiversum de skriuwster ta en meitsje fan eltse planeet in grutdiels op himsels steande kultuer dy't fuortfloeit út ien of mear beskate hjoeddeiske ierdske kultueren. Sa lykje de planeten Barrayar en Athos bgl. aspekten te suggerearjen fan preeyndustrieel Jeropa, resp. Noard-Amearika.

De ôfskildere maatskippijen rinne útinoar fan it pseudo-monastyske utopia fan Athos oant it genetysk modifisearre kastesysteem fan it agressyf ekspansjonistyske Cêtagandyske Ryk; fan it moarddédige kapitalisme fan Jackson's Whole oant de evenredige wittenskipsbeoefening fan Escobar. De quaddies, dy't skepen binne troch genetyske manipulaasje om te tsjinjen as de ideäle arbeidskrêften yn sitewaasjes sûnder swiertekrêft, betrachtsje in foarm fan kommunalisme wêryn't de wurkploech de basisienheid fan bestjoer is.

Untbrekkende Aspekten[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't Bujold yn har boeken withoefolle soarten maatskippijen en foaroardielen ferkent en parodiëarret, ûntbrekke der yn har hielal ferskate boarnen fan sosjale gearhing en foaroardielen sa't dy op ús Ierde al besteane: taal, hûdskleur en godstsjinst.

Frijwol alle bewenners fan 'e Wjirmgatferbining dy't yn 'e Vorkosigan-kroniken de revu passearje, sprekke Ingelsk, al is it fansels mooglik dat se dêrnjonken ek oare talen machtich binne. Der wurdt wol sprutsen oer planetêre aksinten, mar dat is uteraard hiel wat oars. Der binne mar twa sênes yn 'e hiele searje wêryn't melding makke wurdt fan talige swierrichheden, en dy binne beide komysk fan aard (yn haadstik 4 fan Brothers in Arms komt in diplomatyk jimmet foar wêrby't nimmen in stom wurd seit om't der gjin oersettings-earpluggen foar hannen binne, en yn haadstik 7 fan Diplomatic Immunity stiet in sêne wêryn't oersettingsapparatuer poerminne fertalings produsearret). Inkeld op it efterbleaune Barrayar, dat oarspronklik kolonisearre waard troch lju fan Angelsaksyske, Russyske, Frânske en Grykske komôf, is der sprake fan minderheidstalen en "taalseparatisten" (language separatists), in oantsjutting dy't fierders net taljochte wurdt. (Yn Captain Vorpatril's Alliance wurdt trouwens fernijd dat der oarspronklik noch mear talen sprutsen waarden op Barrayar, mar dat dy ûnder de Tiid fan Isolaasje útstoarn binne.)

Wat hûdskleur oangiet, lykje frijwol al haadrollen en wichtige byrollen ferfolle te wurden troch blanken, sij it yn in skala fan molkekleurich oant Mediterraan. De iennichste útsûndering op dy regel is de Aziaat Ky Tung, dy't fan 'e Ierde ôfkomstich is. En godstsjinst liket allinne mar fan belang te wêzen foar de Bêtaanske Cordelia Naismith, Miles Vorkosigan syn mem, en foar Leo Graf, de haadpersoan fan Falling Free. In planetêre religy komt inkeld foar op it isolearre, folslein manlike Athos.

Yn har earste essay yn 'e Vorkosigan Companion merkt Bujold ditoangeande op dat yn har hielal wis wol alle talen, hûdskleuren en godstsjinsten foarkomme dy't op ús Ierde ek besteane. It is fansels bêst mooglik dat dat yn har holle sa is, mar it blykt (oant noch ta) net út har boeken.

Foaroardielen[bewurkje seksje | edit source]

Op Barrayar (en inkeld dêre) komme wol foaroardielen foar tsjin sprekkers fan 'e minderheidstalen, benammen tsjin 'e Gryksktaligen, de saneamde "grykjes" (greekies). Mar ynstee fan gebrûk te meitsjen fan rasistyske of religieuze foaroardielen, bout Bujold diskriminatoire eleminten yn 'e planetêre skiednis yn.

De Barrayarezen, dy't oer in goed bewenbere planeet beskikke en nei in Cêtagandyske besetting sawol it ferlet as de wil hawwe om in fierhinne militaristyske maatskippij te bekostjen ta beskerming fan 'e iene wjirmgattagong ta harren stjerrestelsel, sjogge dissipline en oanpassing oan 'e hiërargy as eat natuerliks. De Bêtanen, lykwols, dy't yn oerkoepele stêden op in minskfijannige planeet libje, kinne net sûnder yndustriële ynnovaasje en hannel, en lizze net inkeld beheinings op it mêd fan fuortplanting op, mar teffens oan elts soarte fan hâlden en dragen dat op Bêta Koloanje as asosjaal beskôge wurdt. Fan it Bêtaanske gesichtspunt út besjoen, binne de Barrayarezen yrrasjoneel en harren maatskippij efterlik, wylst de Barrayarezen de Bêtanen sjogge as in ûngeregeld soadsje en "in Bêtaanske stimming" op Barrayar in sprekwurdlike oantsjutting wurden is foar in obstakel om ta in beslút te kommen. In oar mannichfâld foarkommend foaroardiel is dat fan 'e bewenners fan romtestasjons tsjin 'e planetêre befolkings, dy't hja "dridzesûgers" (dirt suckers) neame.

Haadpersoanen en Begripen[bewurkje seksje | edit source]

Wichtichste Haadpersoanen[bewurkje seksje | edit source]

Yn alle boeken fan 'e Vorkosigan-kroniken útsein Dreamweaver's Dilemma en Falling Free (en foar in part Ethan of Athos) hawwe de haadpersoanen in konneksje mei de planeet Barrayar. Dizze koarte beskriuwing sil inkeld personaazjes behannelje dy't fan belang binne foar searje as gehiel.

Miles Naismith Vorkosigan[bewurkje seksje | edit source]

De haadpersoan yn trettjin fan 'e tweintich romans en novellen dêr't de Vorkosigan-kroniken út opmakke binne, is Miles Naismith Vorkosigan, in bewenner fan 'e planeet Barrayar. Troch de gefolgen fan in moardoanslach op syn âldelju as hy noch in foetus yn syn memme limoer is, komt hy te wrâld mei ekstreem brekbere bonken en hat er as folwoeksene mar in lingte fan likernôch 1.45 m. Om't der krekt op Barrayar rûnom slimme foaroardielen libje tsjin lju mei oanberne krupsjes, moat er dêr syn libben lang allegeduerigen tsjin opbokse. Mar hy is heechbejeftige en wit troch syn besieling en klearebare stiifsinnigens alle obstakels op syn paad te oerwinnen.

As er net troch de keuring foar de militêre akademy komt, rjochtet er op in romtereis in eigen hierlingefloat op, dy't er sels liedt yn 'e foarm fan syn alter ego admiraal Naismith en dêr't er ferskate aventoeren mei belibbet. Dêrop wurdt er dochs noch talitten ta de militêre akademy, benammentlik om't er blykber net los fertroud is. Hy tsjinnet in hoartsje yn it leger; wurdt in skoftke yn ballingskip stjoerd nei't er by in skandaal belutsen rekket; wurdt dan ronsele troch ImpSec, de Barrayareeske geheime tsjinst; wurket jierrenlang as spion (en besoarget yn dy funksje syn superieuren likefolle pineholle as blydskip); moat einlings fanwegen de bliuwende lichaamlike skea dy't er yn it fjild oprûn hat, syn karriêre opjaan; wurdt dan troch de keizer ta ryksauditeur (in soarte fan keizerlik detektive) beneamd; en folget úteinlik syn heit op as greve.

Neffens Bujold sels hat hja Miles syn foarnamme stellen fan it personaazje Miles Hendron, út Mark Twain syn The Prince and the Pauper. Bujold: "Ik wie my doedestiden alhiel ûnbewust fan it feit dat "miles" "soldaat" betsjut yn it Latyn, mar ik wol wol wedzje dat Twain dat net wie."[10] Miles syn lichaamlike hendikeps basearre Bujold op in beskate sikehûsapteker dêr't hja yn 'e jierren santich mei gearwurke. "[...] de lingte, de bochel, de [te grutte] holle, de tik mei it kin en de skonkbûgels haw ik allegearre oernommen fan dy briljante man."[11] De psychologyske trekken fan har personaazje fandele Bujold gear fan û.m. de skriuwer T.E. Lawrence en de jonge Winston Churchill. Guon aspekten fan Miles binne fierders lichtlik autobiografysk, lykas syn "grutte mans soan syndroom", dat him derta oanset om te besykjen út it skaad fan syn heit wei te kommen (Bujold sels is de dochter fan Robert Charles McMaster, in grutte namme yn Amerikaanske wittenskiplike fermiddens).

Aral Vorkosigan[bewurkje seksje | edit source]

Greve Aral Vorkosigan is Miles syn heit, in man dy't foar it libben tekene is trochdat er syn mem foar syn eagen fermoarde sjoen wurden hat doe't er alve jier wie. Hy is de soan fan greve Piotr Vorkosigan, de held fan 'e Barrayareeske gueryljastriid tsjin 'e Cêtagandyske besetting. Aral Vorkosigan liedt de Barrayareeske ferovering fan 'e planeet Komarr, wêrby't er yn opspraak rekket troch it Bloedbad fan Solstice (Solstice Massacre), dat troch syn ûnderhearrigen begien wurdt sûnder dat hy der wat fan ôfwit. Hy nimt lykwols de ferantwurdlikheid derfoar op him en komt sa foar de bûtenwrâld bekend te stean as "de Slachter fan Komarr". Letter organisearret er in oarderlike weromtocht nei't de Barrayarezen ferslein binne by harren besykjen om 'e planeet Escobar te oerweldigjen. As keizer Ezar Vorbarra komt te ferstjerren, wurdt Aral Vorkosigan oansteld as regint foar dy syn fjouwerjierrige pakesizzer Gregor yn 't plak. Nei't dyselde syn mearderjierrigens berikt hat, wurdt Vorkosigan minister-presidint, wylst er yn lettere jierren as ûnderkening it regear fan 'e planeet Sergyar, dy't ek ta it Barrayareeske Ryk heart, op him nimt.

Cordelia Naismith Vorkosigan[bewurkje seksje | edit source]

Cordelia Naismith is Miles syn mem, dy't ôfkomstich is fan Bêta Koloanje en dy't fereale rekket op syn heit wylst hja beiden oan wjerskanten yn in oarloch steane. Troch har moderne, praktyske en no-nonsense-libbenshâlding, dy't taskreaun wurdt oan har Bêtaanske erfskip, komt se yn 't earstoan nochal ris yn botsing mei fêstroastke Barrayareeske opfettings. Sa yntrodusearret se bgl. eigenhandich it feminisme op Barrayar. Troch har kombinaasje fan macht en Bêtaanske fratsen wurdt se yn guon fermiddens tige freze. As har nei in mislearre steatsgreep de opfieding fan 'e wees wurden fiifjierrige keizer Gregor taparte wurdt, sil dat fiergeande en ûnfoarsjoene gefolgen hawwe foar Barrayar.

Mark Pierre Vorkosigan[bewurkje seksje | edit source]

Mark Pierre Vorkosigan is Miles syn genetyske kloan, dy't seis jier nei him berne wurdt op Jackson's Whole, as ûnderdiel fan in gearspanning om harren beiden om te wikseljen sûnder dat immen der wat fan merkt. As Mark lykwols úteinlik mei syn biologyske famylje yn kontakt komt (it is dan al dúdlik dat er net Miles is), akseptearret fral syn mem him daliks as in ferlerne soan dy't einlik thúskommen is en wurdt er leafdefol yn 'e famylje opnommen. Oars as Miles leit Mark him benammentlik ta op hannelsaktiviteiten. Om himsels fan Miles te ûnderskieden, yt er mei sin safolle dat er groulivich wurdt. Hy trout letter mei Kareen Koudelka, de jongste dochter fan Kou en Drou.

Konstantine Bothari[bewurkje seksje | edit source]

Konstantine Bothari, better bekend as serzjant Bothari of gewoan Bothari, is in dreech personaazje yn 'e Vorkosigan-kroniken, mar ien dy't tige wichtich is. Hy is in bear fan in fint, mar wurdt omskreaun as geastlik fragyl, wat te witen is oan syn jonkheid yn 'e Caravanserai, in beruchte sloppewyk yn 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana, dêr't syn mem, in froedfrou en prostituee, him oan har klanten ferkocht. Bujold sels omskriuwt him as: "in foar mearderlei útlis fetbere man, dy't begûn wie as in personaazje fan minder belang yn myn earste boek, mar dy't it ferhipte om fan minder belang te bliuwen".[12]

Bothari docht yn 'e Escobareeske Oarloch mei, sij it mooglik net alhiel út frije wil, oan 'e ferkrêfting fan Escobareeske en Bêtaanske froulike kriichsfinzenen, as er ûnder de ynfloed ferkeart fan 'e sadistyske admiraal Vorrutyer. Hy rêdt lykwols ûnferwachts en op gewelddiedige wize Miles syn mem Cordelia út Vorrutyer syn klauwen. Neitiid wurdt er ûntslein út militêre tsjinst, mar Aral Vorkosigan hat begrutsjen mei him en stelt him oan as ien fan syn persoanlike kriichslju. Yn dy funksje ûntwikkelet Bothari in neie en komplekse bân mei Cordelia, dy't him by harsels "myn meunster" neamt. Nei de berte fan Miles wurdt er beneamd ta dy syn liifwacht, dêr't er hiel wat mei te stellen hat. Syn dea, yn The Warrior's Apprentice, en dêrmei it ferlies fan syn kwasy-heitige stipe, is in momint fan krúsjaal belang yn Miles syn libben.

Elena Bothari[bewurkje seksje | edit source]

Elena Bothari is de dochter fan serzjant Bothari en in jonge Escobareeske kriichsfinzene. Nei de oarloch leverje de Escobarezen in espel uterusreplikators by de Barrayarezen ôf mei dêryn de foetussen fan 'e yn ferwachting rekke froulike kriichsfinzenen, mei it genoom fan 'e Barrayareeske heiten derby. Ien fan 'e poppen blykt fan Bothari te wêzen. Elena groeit mei Miles op yn 'e Vorkosigan-húshâlding. Hja is syn earste en lange tiid geheime leafde, en syn teloarstelling is grut as er úteinlik mei syn gefoelens foar 't ljocht komt en sy him inkeld as in broer blykt te sjen. Miles sleept Elena mei op syn iere aventoeren mei de Frije Dendarii Hierlingen en se trout úteinlik mei Baz Jesek, in Barrayareeske deserteur dy't him by de hierlingen oansletten hat.

Ekaterin Vorvayne Vorsoisson[bewurkje seksje | edit source]

Ekaterin Vorvayne Vorsoisson docht har yntrede yn it trochrinnende ferhaal pas yn 'e roman Komarr. Miles en in kollega-ryksauditeur, perfester Vorhys, dy't in omke fan har is, útfanhûzje by har gesin as se op 'e planeet Komarr in ûndersyk ynstelle nei in fertocht ûngemak. Geandewei komme Miles en Ekaterin better mei-inoar yn 'e kunde. Sy sit finzen yn in leafdeleas houlik mei in man dy't har neat fertelt oer syn kriminele aktiviteiten. As har man dan op sa'n manear fermoarde wurdt dat it krekt liket as is Miles der ferantwurdlik foar, wit allinne Ekaterin, dy't de hiele brot oantreft, hoe't it echt sit (want de saak wurdt yn 'e dôfpôt stoppe). Werom op Barrayar en nei in foechsume rouperioade foar har man begjint Miles, dy't fereale op har wurden is, har (yn A Civil Campaign) op nochal ûnbeholpen wize it hof te meitsjen. Ta ein beslút jout hja him tawurd en trouwe se. Oan 'e ein fan CryoBurn hawwe se in soan en trije dochters, njonken de soan dy't Ekaterin al út har earste houlik hie.

Ivan Xav Vorpatril[bewurkje seksje | edit source]

Ivan Xav Vorpatril is Miles syn neef, dy't likernôch like âld as him is. Hy is alles dat Miles net is: lang, knap, atletysk en tige populêr by de fammen. Ivan, ek wol bekend as "dy idioat Ivan" of "Ivan, grutte sûch dy'tst biste!" is al sûnt harren jonkheid Miles syn helper, lêstdier en tongerlieder, en, oant Miles sels bern krijt, teffens syn formele erfgenamt. Hy komt út 'e boeken nei foarren as in grutte loaibûse, dy't it leafst sa min mooglik docht om it maksimale derút te heljen. Pas yn A Civil Campaign wurdt er min of mear twongen om op eigen manneboet aksje te ûndernimmen en dan blykt dat er bêst wat yn syn mars hat, wat ta syn ôfgriis daliks opmurken wurdt troch keizer Gregor. It lêst ferskynde boek út 'e searje, Captain Vorpatril's Alliance, hat foar it earst Ivan yn 'e haadrol en fertelt it ferhaal fan hoe't er nei jierren fan tsjinakseljen wylst syn mem him yn it houliksboatsje besocht te loadsjen, úteinlik op in ûnwierskynlike manear dochs oan 'e frou komt.

Alys Vorpatril[bewurkje seksje | edit source]

Frouwe Alys Vorpatril is Ivan syn mem. Under de Oarloch fan it Prentendintskip fan Vordarian (in koarte boargeroarloch op Barrayar nei in bloedige, mar úteinlik mislearre steatsgreep) rekket hja op ien en deselde dei har man Padma kwyt en befalt se fan Ivan (mei serzjant Bothari as froedfrou). Letter hat hja û.m. ynbring yn 'e opfieding fan keizer Gregor en nei dy syn mearderjierrigens wurdt se syn offisjele gastfrou. Nei it keizerlik houlik fan Gregor en Laisa wurdt se de earste assistinte fan 'e keizerinne en sosjaal siktaresse fan 'e Keizerlike Residinsje. Frouwe Vorpatril is in faak ûnderskatte grutte ynfloed op it Barrayareeske regear, dy't op in stuit ek noch blykt te hantlangjen foar de geheime tsjinst ImpSec. Nei in widdoskip fan goed tritich jier begjint se yn Memory in relaasje mei Simon Illyan, it pinsjonearre haad fan ImpSec.

Gregor Vorbarra[bewurkje seksje | edit source]

Gregor Vorbarra is de soan fan kroanprins Serg, dy't omkommen is yn 'e Escobareeske Oarloch, en prinsesse Kareen, dy't fermoarde is ûnder de Oarloch fan it Prentendintskip fan Vordarian. Hy folge syn pake Ezar op as (autokratysk regearjend) keizer fan it Barrayareeske Ryk doe't er noch mar fjouwer jier wie. Syn persoanlikheid en tinkwrâld binne grutdiels foarme troch Miles syn mem, Cordelia Naismith, dy't ferantwurdlik wie foar syn opfieding en dy't him alderlei progressive Bêtaanske ideeën bybrocht hat, wylst syn regearstyl ôfsjoen is fan syn regint en letter minister-presidint Aral Vorkosigan, Miles syn heit. Gregor mei de saken graach sa folle mooglik op harren berin litte, om dan, as der ferlet fan is, op krúsjale mominten by te stjoeren; syn ûnoffisjele biedwurd is "Litte we ris ôfwachtsje wat der barre sil".

Nei twa desennia fan desynteresse foar de lange ranke Barrayareeske Vor-fammen dy't by him lâns paradearre waarden, wurdt er fereale op 'e koarte en mûtele dr. Laisa Toscane, in universitêr oplate frou út 'e elite fan 'e troch Barrayar ferovere planeet Komarr. Wat fansels hiel wat swierrichheden opsmyt, mar dit is noris ien gelegenheid wêrby't it him fan pas komt dat er in autokratysk steatshaad is: alle beswieren tsjin syn foarnommen houlik wurde troch him oan 'e kant reage. De keizerlike brulloft fynt plak yn A Civil Campaign, wylst der yn CryoBurn sprake fan is dat hy en Laisa tegearre ferskate bern hawwe, dy't "grizelich skrander" binne.

Simon Illyan[bewurkje seksje | edit source]

Simon Illyan is tritich jier lang it freze haad fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec, en as sadanich Miles syn baas (al besoarget Miles hìm yn dy tiid mear pineholle as oarsom). Hy hat in eksperimenteel bio-elektroanysk apparaatsje yn syn holle ymplantearre krigen mei in eidetyske opslach-chip dy't him in fotografysk ûnthâld jout. Yn Memory rekket de chip lykwols defekt en lit him dan op willekeurige tiden willekeurige foarfallen út it ferline op 'e nij belibje. Miles slagget deryn om 'e ImpSec-burokrasy te omsilen en syn âlde baas operatyf fan 'e chip ûntdwaan te litten (en ûntdekt dan dat der kweade opset yn it spul wie). Neitiid moat de no mei pinsjoen stjoerde Illyan, dy't oan 'e goede soargen fan frouwe Vorpatril tabetroud wurdt, nei fjirtich jier wer leare om te gean mei syn eigen, ûnûnderstipe ûnthâld, mar it docht bliken dat syn harsens yn dy tiid leard hawwe om op it apparaat te betrouwen en hy wurdt nea wer alhiel de âlde. Teffens komt dan oan it ljocht dat Illyan al hast in heale ieu fereale is op frouwe Vorpatril; en hja beiden begjinne in relaasje (ta ôfgriis fan Ivan). Hoewol't Illyan dan al fiif jier net mear haad fan ImpSec is, blykt yn Captain Vorpatril's Alliance dat alteast de âlde garde dêre noch altyd om syn sizzen jout.

Kou & Drou[bewurkje seksje | edit source]

Clement Koudelka ("Kou" foar syn yntimy) is oan it begjin fan 'e searje in kadet ûnder it befel fan Aral Vorkosigan, en wurdt yn dy funksje slim ferwûne en bliuwend ynvalide trochdat er rekke wurdt mei de lading fan in senuwfersteurder. Al syn natuerlike senuwen moatte dêrnei ferfongen wurde troch keunstmjittigen, en hy beweecht him de rest fan syn libben dreech en houtenklazerich en rint mei in stôk (dêr't er in degen yn ferbergje lit). Neitiid wurdt er oansteld as siktaris fan 'e regint Aral Vorkosigan. Hy spilet in wichtige rol yn 'e Oarloch fan it Prentendintskip fan Vordarian, as helper fan Miles syn mem Cordelia. Uteinlik berikt er de rang fan kommodoar.

Ludmilla Droushnakovi (better bekend as "Drou") is de earste froulike soldaat fan Barrayar en tsjinnet as persoanlike liifwacht fan earst prinsesse Kareen, dêrnei fan 'e gemalinne fan 'e regint, Miles syn mem Cordelia, en ta ein beslút fan 'e jonge keizer Gregor. Troch har kennis fan it Keizerlik Paleis spilet hja in wichtige rol yn 'e Oarloch fan it Prentendintskip fan Vordarian.

Kou en Drou krije al in relaasje yn Barrayar, en trouwe koarte tiid letter. Se krije fjouwer dochters, Delia, Olivia, Martya en Kareen, allegearre grutte atletyske blondines dy't op harren mem lykje, treend binne yn in ferskaat oan fjochtsporten en mei-inoar wol bekend steane as "Tiim Koudelka". Delia trout letter mei Miles syn Komarraanske freon Duv Galeni; Olivia mei de transseksuële greve Dono Vorrutyer (foarhinne frouwe Donna Vorrutyer); Martya mei de eksintrike Escobareeske wittenskipper dr. Enrique Borgos, de geastlike heit fan 'e bûterbistkes; en Kareen mei Miles syn kloan-broer Mark Vorkosigan.

Elli Quinn[bewurkje seksje | edit source]

Elli Quinn is in lid fan 'e Frije Dendarii Hierlingen, dy't oarspronklik net botte oantreklik is. Nei't hja ôfgryslik ferwûne rekke is yn in gefjocht, wêrby't har hiele gesicht suver fuortbaarnd is mei in plasmabôge, bringt Miles har nei Bêta Koloanje, dêr't de plastyske sirurgy safier foardere is dat men har dêr in nij gesicht jaan kin. Iroanyskernôch wurdt hja neitiid beskôge as ien fan 'e tsjepste froulju fan 'e hiele Wjirmgatferbining. Nei har operaasje(s) stjoert Miles har mei ferlof nei Stasjon Kline, dêr't se hikke en tein is (en dêr't se dan as haadpersoan fan Ethan of Athos in eigen aventoer belibbet). Neitiid wit hja harsels troch har eigen fertsjinsten op te wurkjen ta ûnderbefelhawwer fan 'e Dendarii-float; op dat punt krije sy en Miles in relaasje. Nei't Miles de hierlingen foargoed farwol sein hat, nimt sy it befel oer.

Bel Thorne[bewurkje seksje | edit source]

Bel Thorne is in hermafrodyt dat ôfkomstich is fan Bêta Koloanje. It is ien fan Miles syn earste folgelingen ûnder de Frije Dendarii Hierlingen en bringt it úteinlik ta kaptein, al is it in bytsje in ûnlaat projektyl. Oan 'e ein fan Mirror Dance wurdt it ûntslein út 'e Dendarii-float om't it dielnommen hat oan Mark Vorkosigan syn operaasjes wylst it doe al wist dat Mark Miles net wie. Yn Diplomatic Immunity dûkt Thorne wer op yn 'e Quaddie-Uny en dan blykt dat it altiten in ImpSec-agint bleaun is.

Taura[bewurkje seksje | edit source]

De tragyske figuer fan serzjant Taura begûn har libben as in genetysk eksperimint op Jackson's Whole om 'e ideäle soldaat te skeppen. Hja hat in meunsterlik uterlik fan hast reuseftige grutte, mei klauwen en slachtosken. Troch har flugge metabolisme is se ûnbidige sterk, mei refleksen as de wjerljocht, mar dy flugge stofwikseling makket ek dat se folle hurder ferâlderet as normale minsken. Miles komt har by ûngelok tsjin by ien fan syn operaasjes foar ImpSec op Jackson's Whole en befrijt har. Neitiid nimt se tsjinst by de Dendarii en wurdt se serzjant. Se hat earst in relaasje mei Miles en letter mei dy syn kriichsman Roic. Op Miles syn trouwerij is se de tsjûge fan 'e breid. Se stjert fan âlderdom as se tritich jier is. Miles ferneamt letter ien fan syn dochters nei har.

Duv Galeni[bewurkje seksje | edit source]

Duv Galeni is in Komarraanske skiednisperfester dy't in nije karriêre begûn is as ImpSec-ofsier sadree't de Barrayareeske militêre tsjinst iepensteld waard foar Komarranen. Miles moetet him foar it earst yn Brothers in Arms, as Galeni militêr attasjee is fan 'e Barrayareeske ambassade op 'e Ierde. Hoewol't er yn it begjin fijannich foar Miles oer stiet, wurde se letter freonen. Galeni bringt it ta haad fan 'e ôfdieling Komarraanske Saken fan ImpSec en trout letter mei Delia Koudelka.

Roic[bewurkje seksje | edit source]

Roic is ien fan Miles Vorkosigan syn persoanlike kriichslju, dy't koarte tiid foarôfgeande oan 'e foarfallen fan A Civil Campaign ta dy post beneamd is nei't er opfallen wie as lid fan 'e Gemeentlike Garde fan Hassadar, de haadstêd fan it Vorkosigan-distrikt. Yn A Civil Campaign rekket er bûten syn eigen skuld om behelle yn in befeiligingsflater yn 'e Vorkosigan-residinsje yn Vorbarr Sultana. Hy liket himsels dat mear kwea-ôf te nimmen as dat syn superieuren en kollega's it him neidrage. Yn Winterfair Gifts makket er it lykwols goed troch tegearre mei serzjant Taura Miles syn brulloft te rêden. Dat is teffens it begjin fan syn relaasje mei Taura. Yn Diplomatic Immunity en CryoBurn beselskippet er Miles op dy syn reizen en assistearret er him by ûndersiken.

Byerly Vorrutyer[bewurkje seksje | edit source]

Byerly Vorrutyer is in yn ûngenede fallen telch fan in konservative Barrayareeske aristokratyske famylje, dy't foar it earst foarkomt yn A Civil Campaign. Hy leit op in kweanamme fanwegen syn útspattings op it mêd fan drank, drugs en seks, en wurdt beskôge as in folsleine liddichgonger. Mar it docht bliken dat er in geheim agint fan ImpSec is, dy't de malkontinten ûnder de Barrayareeske elite yn 'e rekken hâldt. Hy is djip behelle yn 'e yntriizjes dy't derta liede dat syn transseksuële neef Dono (berne as syn nicht Donna), in bûnsgenoat fan 'e Vorkosigans, beneamd wurdt ta greve fan it Vorrutyer-distrikt, al pakke syn fierhinne op eigen manneboet optochte plannen hàst rampsillich út. Yn Captain Vorpatril's Alliance belûkt er Ivan by in ImpSec-operaasje en bringt him sa ûnbedoeld yn 'e kunde mei syn takomstige breid Tej. Sels slacht Byerly mei Tej har genetysk modifisearre healsuster Rish om en wurdt úteinlik troch ImpSec op har thúswrâld Jackson's Whole stasjonearre.

Akuti Tejaswini Jyoti ghem Estif Arqua[bewurkje seksje | edit source]

Akuti Tejaswini Jyoti ghem Estif Arqua, dy't harsels Tej neame lit, is de dochter fan in misdiebaron fan Jackson's Whole. Hja moat flechtsje as der in fijannige oername plakfynt fan it "hûs" (misdiesyndikaat) fan har heit, en belânet op Komarr, dêr't se hast deadlik yn 'e knipe komt tusken har efterfolgers, yntrigearjende Barrayareeske malkontinten en in ImpSec-ûndersyk. Har rêder is Ivan Vorpatril, dy't mei har trout sadat se frouwe Vorpatril wurdt en op slach de Barrayareeske nasjonaliteit kriget. Hoewol't it de bedoeling is dat se wer skiede sille sadree't Tej en har healsuster Rish feilich binne, wurdt it spul bedoarn troch Ivan syn ûnwillige famyljehaad, ûnferwachtse gefoelens en de yntriizjes fan Tej har eigen deawaande famylje.

Wichtichste Begripen[bewurkje seksje | edit source]

  • Barrayar: in planeet dêr't minsken sûnder beäzemingsapparatuer oerlibje kinne; rekke koart nei de kolonisaasje isolearre en ferfoel yn seishûndert jier ta in feodaal systeem, behearske troch in semy-aadlike krigerskaste, de Vor, en mei in autokratysk regearjend keizer as steatshaad; sûnt syn werûntdekking troch de rest fan 'e minskheid beskôge as efterbleaun en barbaarsk; ien fan 'e trije planeten fan it Barrayareeske Ryk.
  • Cêtaganda: in planeet dy't it mulpunt is fan in grut en agressyf ekspansjonistysk ynterstellêr ryk, mei in foar in grut part genetysk modifisearre befolking.
  • Escobareeske Oarloch: it mislearre besykjen fan Barrayar om 'e planeet Escobar te feroverjen.
  • De Frije Dendarii Hierlingen: in hierlingeleger mei in eigen float fan romtefartugen dat Miles Vorkosigan op in ynterstellêre reis troch omstannichheden twongen is op te rjochtsjen.
  • ImpMil: koart foar Imperial Military, de Barrayareeske striidkrêften (as it oerset waard yn it Frysk soe it "KeizMil" wêze).
  • ImpSec: koart foar Imperial Security, de Barrayareeske geheime tsjinst (sis mar "KeizFeil").
  • Jackson's Whole: in anargistyske planeet dy't behearske wurdt troch misdiesyndikaten en dêr't it rjocht fan 'e sterkste (of mooglik de rykste) jildt.
  • Komarr: in planeet dêr't minsken net sûnder beäzemingsapparatuer oerlibje kinne, mei oerkoepele stêden, dy't ferovere is troch Barrayar; ien fan 'e trije planeten fan it Barrayareeske Ryk.
  • Oarloch fan it Prentendintskip fan Vordarian: in koarte boargeroarloch op Barrayar nei in bloedige, mar úteinlik mislearre steatsgreep.
  • Quaddies: genetysk modifisearre minsken mei in twadde pear earms wêr't normaal de skonken sitte.
  • Sergyar: in koartlyn ûntdutsen planeet dêr't minsken sûnder beäzemingsapparatuer oerlibje kinne en dy't ien fan 'e trije planeten fan it Barrayareeske Ryk is.
  • Tiid fan Isolaasje: de 600 jier dat Barrayar isolearre wie fan 'e rest fan 'e Wjirmgatferbining.
  • Vor: de "adelstân" fan 'e planeet Barrayar; foar in diel in krigerskaste, foar in diel in aristokrasy.
  • Wjirmgatferbining: it mei wjirmgatten ferbûne troch de minskheid kolonisearre part fan it Molkenpaad.

Romans en Novellen fan 'e Vorkosigan-kroniken[bewurkje seksje | edit source]

Bujold har gewoante om ferhalen te skriuwen op willekeurige plakken yn 'e tiidline fan 'e searje hat fansels ta gefolch hân dat de folchoarder fan útjefte fan 'e boeken net in protte út te stean hat mei de ynterne gronology fan 'e searje. Dêrfandinne dat de boeken hjirûnder net op folchoarder fan útjefte steane.

Koarte Foarskiednis[bewurkje seksje | edit source]

Koart nei't de earste fyftichtûzen kolonisten op Barrayar arrivearre wiene, bliek it wjirmgat dat se brûkt hiene om dêr te kommen ynstabyl te wêzen en klapte it ticht. Seishûndert jier fan isolaasje makken dat de Angelsaksysk-Russysk-Frânsk-Grykske befolking fan Barrayar weromfoel ta in feodaal systeem, behearske troch in semy-aadlike krigerskaste, de Vor, en mei oan it haad in autokratysk regearjend keizer. Dit is in trúkje fan 'e auteur dat har by steat steld om Midsieuske (oftewol fantasy-)eleminten te kombinearjen mei romtefeart (ta in subsjenre fan science fiction dat wol swords 'n' spaceships neamd wurdt).

Tachtich jier foar't Miles Vorkosigan berne waard, ûntdieken bewenners fan 'e planeet Komarr lykwols in bochtsjende rûte dy't út harren stjerrestelsel wei fia fiif wjirmgatten efterinoar dearûn yn it stjerrestelsel fan Barrayar. Dêrmei waarden de tsjin dy tiid eins wer yn 'e Midsieuwen libjende Barrayarezen yn ien klap it romtefearttiidrek ynskuord. Se besochten har sa goed mooglik oan te passen, mar krigen troch de hiele Wjirmgatferbining hinne dochs de namme efterlike en militaristyske barbaren te wêzen. Tweintich jier letter folge in ynfaazje fan it heechûntwikkele Cêtagandyske Ryk, dat mei help, of alteast goedkarring, fan Komarr Barrayar ferovere, mar der nea yn slagge om 'e planeet te pasifisearjen. Nei in tweintich jier duorjende guerylja-oarloch wisten de Barrayarezen de Cêtagandiërs úteinlik te ferdriuwen. Se wiene doe wisberet om harren nea wer troch lju fan in oare planeet oerweldigje te litten, en nei't de weropbou fan harren wrâld fierhinne kompleet wie, begûnen se oan in ambysjeus bouprogramma dat har sa gau mooglik fan in sterke romtefloat foarsjen moast. It wie lykwols dúdlik dat se nea harren lot yn eigen hannen hawwe soene salang't se Komarr net bemasteren, dat ommers it begjin fan 'e dearinnende wjirmgatrûte nei Barrayar behearske. Sadwaande waard Komarr fiif jier foar de berte fan Miles Vorkosigan troch de Barrayarezen (ûnder befel fan Miles syn heit, Aral Vorkosigan) ferovere.

No is Komarr in tinbefolke planeet, dy't eins ûngaadlik is foar minsklike bewenning; men hat der ferlet fan beäzemingsapparatuer om der yn 'e iepen loft te oerlibjen. De Komarranen besykje dat te feroarjen troch in terrafoarmingsproses, mar dat is een saak fan 'e lange azem. Underwilens wennet de befolking yn stêden ûnder grutte trochsichtige koepels, dy't biosfearen (biospheres) neamd wurde. In gueryljaoarloch, sa't de Barrayarezen dy op harren eigen wrâld út 'e bergen wei tsjin 'e besetters fierd hiene, wie op Komarr dus ûnmooglik en dêrom wie it foar Barrayar eins in kâld keunstke om Komarr derûnder te krijen. Oermoedich wurde troch harren súkses besochten de Barrayarezen in jier foar Miles syn berte om ek de weardefolle planeet Escobar te oerweldigjen. It is op dat punt dat Shards of Honor úteinset mei de haadrige fan 'e searje.

Dreamweaver's Dilemma[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Dreamweaver's Dilemma.

Dreamweaver's Dilemma is in thriller dy't spilet op 'e Ierde, likernôch sân- of achthûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan. De keunstneresse Anias rekket troch har wurk, it tsjin betelling weevjen fan dreamen, behelle yn in misdie.

Falling Free[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Falling Free.

Falling Free spilet likernôch twahûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan, wannear't quaddies skepen wurde troch genetyske manipulaasje.

Shards of Honor[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Shards of Honor.

Shards of Honor spilet in jier foar de berte fan Miles Vorkosigan en beskriuwt hoe't syn heit en mem inoar moetsje, wylst se oan wjerskanten yn in oarlochssitewaasje steane.

Barrayar[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Barrayar.

Barrayar is it direkte ferfolch op Shards of Honor, en spilet yn it jier fan Miles Vorkosigan syn berte, in ûnlijige tiid op 'e planeet Barrayar, mei in steatsgreep en in boargeroarloch, dy't Miles yn syn foetale stadium mar kwealk oerlibbet.

The Warrior's Apprentice[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Warrior's Apprentice.

Yn The Warrior's Apprentice is Miles santjin jier. Troch syn lichaamlike beheinings slagget er der net yn troch de legerkeuring te kommen. Op in dêropfolgjende reis wurdt er troch omstannichheden twongen om 'e Frije Dendarii Hierlingen te foarmjen, dy't er fjouwer moanne lang liedt ûnder de namme fan admiraal Naismith, ear't er weromkeare moat nei Barrayar om in gearspanning tsjin syn heit te ferideljen. Neitiid wurdt er fan hegerhân dochs noch it leger ynloadse.

The Mountains of Mourning[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Mountains of Mourning.

Yn The Mountains of Mourning studearret Miles ôf oan 'e militêre akademy en wurdt dêrnei daliks troch syn heit nei in berchdoarp stjoert om in moardsaak te ûndersykjen en deroer rjocht te sprekken.

The Vor Game[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Vor Game.

The Vor Game spilet as Miles tweintich is en fanwegen syn opstannigens foar syn basiskommandant oer arrestearre wurdt foar muiterij. Syn heit, de minister-presidint, lit him dan in skoft "ferdwine" nei de Frije Dendarii Hierlingen, dy't ûnder syn ôfwêzigens aktyf bleaun binne. Hy brûkt de hierlingen letter om Gregor, de útnaaide jonge keizer fan Barrayar, dy't himsels djip yn 'e swierrichheden wurke hat, te rêden.

Cetaganda[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Cetaganda.

Yn Cetaganda is Miles twaentweintich jier en wurdt er as diplomaat útstjoerd om mei syn neef Ivan as fertsjintwurdigers fan it Barrayareeske regear in steatsbegraffenis op 'e planeet Cêtaganda by te wenjen. Hy bemuoit him lykwols mei in moardsaak en rekket behelle yn 'e yntriizjes oan it Cêtagandyske Hof.

Ethan of Athos[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Ethan of Athos.

Yn Ethan of Athos stjoert Miles syn ûnderhearrige by de Dendarii, Elli Quinn, mei ferlof nei Stasjon Kline. Dêr moetet hja dr. Ethan Urquhart, in gesant fan 'e útslutend troch manlju bewenne planeet Athos, dy't útstjoerd is om aaistôkweefselkultueren te keapjen om it fuortbestean fan 'e befolking fan Atos te garandearjen. Tegearre reitsje se belutsen by in Cêtagandysk komplot om ien fan harren projekten op it mêd fan fiergeande genetyske manipulaasje yn 'e dôfpôt te stopjen.

Labyrinth[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Labyrinth (science fiction-novelle).

Yn 'e novelle Labyrinth smokkelet Miles mei de Dendarii yn opdracht fan it Barrayareeske regear in wittenskipper fan 'e anargistyske planeet Jackson's Whole ôf. Mar de operaasje giet net sa't er plend wie en Miles komt mei mear thús as inkeld de wittenskipper.

The Borders of Infinity[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Borders of Infinity (novelle).

Yn The Borders of Infinity lit Miles himsels finzen nimme troch Cêtagandiërs en ynternearje yn in kriichsfinzenekamp op Dagoola IV. Syn misje foar ImpSec, de Barrayareeske geheime tsjinst, is om út dat kamp in wichtige Marilacaanske fersetslieder te befrijen. It spul rint lykwols wer út 'e klauwen en einlings brekke Miles en de Dendarii alle mear as tsientûzen finzenen út it kamp.

Brothers in Arms[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Brothers in Arms (science fiction-roman).

Yn Brothers in Arms binne de Dendarii nei harren huzarestikje op Dagoola IV troch de Cêtagandiërs withoelang neisitten. Uteinlik berikke se de Ierde om dêr de skippen fan 'e float reparearje te litten. Op 'e Ierde moat Miles tagelyk luitenant Vorkosigan en admiraal Naismith wêze, wylst syn fijannen snoade plannen smeie om him te ferfangen troch in kloan.

Mirror Dance[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Mirror Dance.

Yn Mirror Dance nimt Miles syn kloan-broer Mark syn rol as admiraal Naismith oer en besiket dêrnei de Dendarii te brûken foar syn eigen doelen. As Miles dat ûntdekt en him en de hierlingen rêde wol út 'e swierrichheden dêr't se op Jackson's Whole yn ferkeare, komt er om, al witte syn mannen him noch yn in kryokiste te pleatsen; dy kiste giet lykwols ek ferlern. Mark komt dan foar it earst yn 'e kunde mei syn biologyske famylje en beslút úteinlik werom te gean nei Jackson's Whole om Miles te sykjen en te rêden.

Memory[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Memory (science fiction-roman).

Yn Memory is Miles tritich jier en kriget er op in krityk momint yn in militêre operaasje in epileptyske oanfal, wêrnei't er him derby dellizze moat dat syn resinte dea en kryobehanneling en it dêropfolgjende wer ta libben bringen him ûngeskikt makke hawwe foar fierdere tsjinst as militêr of spion. Mar as it haad fan 'e geheime tsjinst ImpSec in teknoeiende geastlike oantaasting oprint, fermoedet Miles kweawillige opset. Keizer Gregor beneamt him ta ryksauditeur, sadat er oeral syn noas yn stekke mei, en al hiel gaueftich wit Miles derefter te kommen wêr't de ein fêstsit.

Komarr[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Komarr.

Yn Komarr wurdt Miles yn syn hoedanichheid fan ryksauditeur nei de planeet Komarr ta stjoerd, dy't ek diel útmakket fan it Barrayareeske Ryk, om in romteûngemak te ûndersykjen. Hy ûntdekt dêr in gearspanning fan Komarraanske separatisten en komt ûnderwilens yn 'e kunde mei de prûze Ekaterin Vorvayne Vorsoisson.

A Civil Campaign[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side A Civil Campaign.

Yn A Civil Campaign hat Miles it razend drok mei de oankommende brulloft fan keizer Gregor en mei alderlei politike yntriizjes yn 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana. Lykwols wit er tusken de bedriuwen troch noch tiid frij te meitsjen om om Ekaterin te stykjen.

Winterfair Gifts[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Winterfair Gifts.

De midwinterbrulloft fan Miles en Ekaterin is oansteande, yn Winterfair Gifts. Miles syn kriichsman Roic en serzjant Taura witte in gearspanning te ferideljen om it feest ûntspoare te litten, en reitsje ûnderwilens sels yn in romantyske relaasje fersyld.

Diplomatic Immunity[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Diplomatic Immunity (science fiction-roman).

Yn Diplomatic Immunity moat Miles syn houliksreis mei Ekaterin ûnderbrekke foar in misje nei it stjerrestelsel fan 'e quaddies, dêr't er in diplomatyk ynsidint ûndersykje en ûnttiizje moat. Alde freonen en fijannen blike deryn behelle te wêzen en it is al 'en duvel yntriizjes.

Captain Vorpatril's Alliance[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Captain Vorpatril's Alliance.

Yn Captain Vorpatril's Alliance komt Miles syn neef, de loaibûse Ivan Vorpatril, einlik yn aksje as der in berop op him dien wurdt om in tsjep frommeske te rêden. Troch omstannichheden twongen trout er mei dyselde Tej, dy't in dochter fan ien fan 'e misdiebaronnen fan Jackson's Whole blykt te wêzen. It liket allegear net iens sa gek te betearen, oant op in dei har hiele deawaande famylje, krekt as sysels op 'e flecht foar harren fijannen, by him op 'e stoepe stiet, wisberet om hoe dan ek harren posysje en besit werom te winnen.

CryoBurn[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side CryoBurn.

Yn CryoBurn geane Miles en syn kriichsman Roic nei de planeet Kibou-daini ta, om dêre ûndersyk te dwaan nei fraude op it mêd fan kryonika (it nei de dea befriezen en opslaan fan minklike lichems yn 'e hope dat se ienris wer ta libben brocht wurde kinne).

Oersettings[bewurkje seksje | edit source]

De romans en novellen fan 'e Vorkosigan-kroniken binne oerset yn teminsten njoggentjin talen. Barrayar en The Warrior's Apprentice binne ek oerset yn it Nederlânsk, as De Planeet Barrayar, resp. De Jonge Krijger. Sjoch foar fierdere bysûnderheden op 'e siden fan 'e ôfsûnderlike boeken.

Ferfilmings[bewurkje seksje | edit source]

De Vorkosigan-kroniken binne oant no ta noch nea ferfilme. Wol hat Lois McMaster Bujold yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich in opsje op 'e filmrjochten op The Warrior's Apprentice ferkocht. Yn in fraachpetear sei hja dêr sels oer: "Lokkigernôch kaam it nea fierder as in (ysbaarlik) skript, dat hoegenamt net op it oarspronklike boek liek. It jild foar dy opsje hat lykwols al foar myn ferhuzing nei Minneapolis betelle, en dêr wie ik tankber foar. It skript wie sa min, dat it my myn naïve entûsjasme foar it idee dat myn wurk ferfilme waard, fierhinne ûntnaam. Dat, ik kin net sizze dat it in winsk fan my is, mar as der my in nij oanbod dien wurde soe, soe ik wierskynlik it jild oannimme en myn eagen stiif tichtknipe foar it resultaat."[13]

Prizen en Nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Shards of Honor:
    • nominearre foar de Compton Crook Award foar de bêste roman fan 1986;
    • twadde plak foar de Locus Award (basearre op in opinypeiling ûnder de lêzers fan it tydskrift Locus) foar de bêste earste roman fan 1986.
  • The Warrior's Apprentice:
  • Falling Free:
  • The Mountains of Mourning:
    • wûn de Hugo Award foar de bêste novelle fan 1989;
    • wûn de Nebula Award foar de bêste novelle fan 1989;
    • wûn de SF Chronicle Award foar bêste novelle fan 1989;
    • trêde plak foar de Analytical Laboratory-priis (basearre op in opinypeiling ûnder lêzers fan Analog Magazine) foar de bêste novelle fan 1989.
  • Labyrinth:
    • wûn de Analytical Laboratory-priis foar de bêste novelle fan 1989;
    • trêde plak foar de Locus Award foar de bêste novelle fan 1989.
  • The Weatherman:
    • wûn de Analytical Laboratory-priis foar de bêste novelle fan 1990;
    • nominearre foar de Nebula Award foar de bêste novelle fan 1990;
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste novelle fan 1990 (mar weromlutsen fanwegen de ekspânsje fan The Weatherman ta The Vor Game).
  • The Vor Game:
    • wûn de Hugo Award foar de bêste roman fan 1990;
    • nominearre foar de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1990;
    • nominearre foar de SF Chronicle Award foar bêste roman fan 1991.
  • Barrayar:
    • wûn de Hugo Award foar de bêste roman fan 1991;
    • wûn de Locus Award foar de bêste roman fan 1991;
    • wûn de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1991;
    • wûn de Rickie Award foar de bêste science fiction-roman fan 1991, yn in stimming holden ûnder it publyk fan 'e tillevyzjesearje Prisoners of Gravity fan Toronto SFTV;
    • nominearre foar de Nebula Award foar de bêste roman fan 1991;
    • nominearre foar de SF Chronicle Award foar bêste roman fan 1992.
  • Mirror Dance:
    • wûn de Hugo Award foar de bêste roman fan 1994;
    • wûn de Locus Award foar de bêste science fiction-roman fan 1994.
  • Cetaganda:
    • nominearre foar de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1995;
  • Memory:
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 1997;
    • nominearre foar de Nebula Award foar de bêste roman fan 1997;
    • nominearre foar de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1996;
    • trêde plak foar de Locus Award foar de bêste science fiction-roman fan 1997.
  • Komarr:
    • wûn de Minnesota Book Award fan 1999 yn 'e kategory fantasy en science fiction;
    • wûn (yn 'e Italjaanske oersetting Komarr, fan Anna Feruglio Dal Dan) de Premio Italia (de Italjaanske ekwivalint fan 'e Hugo Award) foar bêste ynternasjonale roman fan it jier 2002.
  • A Civil Campaign:
    • wûn de Sapphire Award (útrikt troch de Science Fiction Romance Newsletter) foar de bêste miks fan science fiction en romantyk fan 1999;
    • wûn de PEARL (Paranormal Excellence Award in Romantic Literature) Award foar bêste roman yn 'e science fiction-kategory foar 1999;
    • wûn de Russyske Strannik-priis fan 2000 (foar A Civil Campaign as fertsjintwurdiger fan 'e hiele Vorkosigan-kroniken) yn 'e kategory "de fiere gast";
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2000;
    • nominearre foar de Nebula Award foar de bêste roman fan 2000;
    • nominearre foar de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1999;
    • nominearre foar de Minnesota Book Award fan 2000 yn 'e kategory populêre fiksje.
  • Diplomatic Immunity:
    • nominearre foar de Nebula Award foar de bêste roman fan 2003;
    • nominearre foar de PEARL Award foar bêste roman yn 'e science fiction-kategory foar 2002.
  • Winterfair Gifts:
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste novelle fan 2004;
    • twadde plak foar de Sapphire Award foar de bêste koarte fiksje fan 2004.
  • CryoBurn:
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2011;
    • twadde plak foar de Locus Award foar de bêste science fiction-roman fan 2011.
  • Captain Vorpatril's Alliance:
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2012.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 591-592.
  2. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 594.
  3. Carl, Lillian Stewart en Helfers, John, The Vorkosigan Companion.
  4. Bujold, Lois McMaster, Space Opera, Miles, and Me (baencd.thefifthimperium.com).
  5. Feinberg, Gerald, Possibility of Faster-Than-Light Particles.
  6. Einstein, Albert, Relativity: The Special and General Theory.
  7. Coleman, R.A., en Korté, Herbert, Mathematician, Physicist, Philosopher.
  8. Bujold, Lois McMaster, Shards of Honor, haadstik 7.
  9. Vincent, Jérôme, ITW Lois McMaster Bujold en anglais (www.actusf.com).
  10. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 829.
  11. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 830.
  12. Vincent, Jérôme, ITW Lois McMaster Bujold en anglais (www.actusf.com).
  13. Vincent, Jérôme, ITW Lois McMaster Bujold en anglais (www.actusf.com).

Boarnen

  • Bujold, Lois McMaster, Author's Afterwurd, yn: Cordelia's Honor, Riverdale, New York, 1996 (Baen Books), ISBN 978-0 67 15 78 282.
  • Bujold, Lois McMaster, Author's Afterwurd, yn: Young Miles, Riverdale, New York, 2003 (Baen Books), ISBN 978-0 74 34 36 168.
  • Bujold, Lois McMaster, Space Opera, Miles, and Me (http://baencd.thefifthimperium.com/24-CryoburnCD/CryoburnCD/).
  • Carl, Lillian Stewart, & Helfers, John, The Vorkosigan Companion: The Universe of Lois McMaster Bujold, Riverdale, New York, 2008 (Baen Books), ISBN 978-1 41 65 56 039.
  • Coleman, R.A., en Korté, Herbert, Mathematician, Physicist, Philosopher, yn: Scholz, E. (red.), Hermann Weyl's Raum-Zeit-Materie and a General Introduction to His Scientific Work, Basel, 2001 (Birkhäuser).
  • Einstein, Albert, Relativity: The Special and General Theory, 1920.
  • Feinberg, Gerald, Possibility of Faster-Than-Light Particles, yn: Physical Review nr. 159 (5) (s.1089-1105), 1967.
  • Vincent, Jérôme, ITW Lois McMaster Bujold en anglais (http://www.actusf.com/spip/article-8511.html).
De Vorkosigan-kroniken
Dreamweaver's Dilemma | Falling Free | Shards of Honor | Barrayar | The Warrior's Apprentice | The Mountains of Mourning | The Vor Game | Cetaganda | Ethan of Athos | Labyrinth | The Borders of Infinity | Brothers in Arms | Borders of Infinity (ramtferhaal) | Mirror Dance | Memory | Komarr |
A Civil Campaign | Winterfair Gifts | Diplomatic Immunity | Captain Vorpatril's Alliance | CryoBurn