Barrayar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Barrayar is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan 'e Vorkosigan-kroniken, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Barrayar waard foar it earst útjûn yn 1991 en is ûnderwilens oerset yn fjirtjin talen, wêrûnder it Nederlânsk.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Barrayar is it direkte ferfolch op Shards of Honor. In grut part derfan hie Bujold al skreaun yn 1982 en 1983, mar letter fuortredigearre om Shards of Honor ta in ôfrûne gehiel te meitsjen. Neitiid waard Bujold ôflaat troch oare projekten, oant har yn 1989 troch de organisaasje fan in science fiction-konvinsje yn Philadelphia, dêr't se in taspraak hâlde soe, frege waard om in koart ferhaal foar yn harren programmaboekje. Se hie doe al in hiel hoart gjin koart ferhaal mear skreaun, dat se tocht dat ien fan 'e skraste haadstikken oan 'e ein fan Shards of Honor miskien wat wie. Doe't se dy opsocht, op har gleonhjitte souder, waard se lykwols fannijs fongen troch har eigen wurden, dat se besleat om it ferhaal ôf te meitsjen. Yn it neiwurd fan 'e omnibus Cordelia's Honor skriuwt Bujold: "Jim Baen [har útjouwer] wist earst net goed wat er deroan hie doe't ik him in ferfolch oanbea op wat doe myn minst ferkeapjende roman wie, mar dy hjerst kamen wy ta in oerienkomst [...]" Om't suver in trêdepart al skreaun wie, miende Bujold dat it in maklik putsje wêze soe om it boek te foltôgjen, mar dat foel har raar ôf. Ek gie it ferhaal in kant út dy't se foarôf net ferwachte hie: it die bliken dat it in boek wie oer it mem-wêzen en de priis fan âlderskip yn it algemien, en oer hoe't soks minsken op ûnferwachtse manearen transformearret.[1]

Nei't Barrayar (dat neamd is nei de — uteraard fiktive — planeet fan hanneling) yn 1991 op himsels publisearre wie troch Baen Books, waard de roman letter, yn 1996, werútjûn yn in omnibusedysje, tegearre mei Shards of Honor. Dy omnibus, titele Cordelia's Honor, is ûnderwilens altyd al fjouwer kear werprinte (de fjirde kear yn 2008). Barrayar is skreaun yn it personele perspektyf en spilet yn it jier dat Miles Vorkosigan, de haadpersoan yn it grutste part fan 'e Vorkosigan-kroniken, bern wurdt. De haadpersoan yn dit boek is, krekt as yn Shards of Honor, Miles syn mem, Cordelia Naismith.

Plot[bewurkje seksje | edit source]

As Barrayar iepenet, is keizer Ezar fan Barrayar krekt stoarn. Aral Vorkosigan (Miles syn heit) is no regint foar de fjouwerjierrige keizer Gregor yn 't plak, wylst Cordelia sels yn ferwachting is fan Miles. In gearspanning om 'e regint om hals te bringen mei in gifgasoanfal mislearret, mar hat jammerdearlike gefolgen foar de foetus, mei't it tsjingif dat Aral en Cordelia it libben rêdt tagelyk ek in teratogeen is, dat de ûntwikkeling fan bonken behinderet. Cordelia lit de foetus oerbringe fan har eigen limoer nei in keunstmjittigen-ien (in uterusreplikator) om eksperimintele rekalsifikaasjebehannelings te ûndergean.

As greve Vidal Vordarian in greep nei de macht docht, glûpt keizer Gregor him troch de fingers; it jonkje flechtet mei kaptein Negri, it haad fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec, de haadstêd Vorbarr Sultana út en nei it bûten fan 'e Vorkosigans ta (wêrby't Negri deadlik ferwûne rekket). De keizerinne-mem, Kareen, falt Vordarian lykwols al yn 'e hannen, en neitiid twingt er har om mei him te trouwen. Cordelia flechtet mei de jonge keizer en de geastlik labile serzjant Bothari, in kriichsman yn 'e tsjinst fan 'e Vorkosigans, de heuvels yn, dêr't se op in ferskaat fan plakken beskûl fine, wylst Aral en dy syn heit, greve Piotr Vorkosigan, it ferset tsjin Vordarian organisearje.


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Nei't der in haadkertier opset is dat feiligernôch is, wurdt Cordelia mei har man weriene, mar dan ûntdekt se dat de uterusreplikator mei Miles deryn troch Vordarian út it Militêre Sikehûs yn 'e haadstêd stellen is. Sûnder ûnderhâld oan 'e replikator sil de foetus nei seis dagen stjerre, mar Aral wegeret, yn it ramt fan gruttere omtinkens, om fan it weromkrijen fan 'e replikator in prioriteit te meitsjen. Cordelia har reäksje dêrop is om op eigen manneboet te besykjen om sawol Miles syn replikator as keizerinne-mem Kareen út it Keizerlik Paleis te rêden. Dêrby wurdt se holpen troch serzjant Bothari, har eigen liifwachte, Ludmilla Droushnakovi (better bekend as Drou) en Clement Koudelka, ien fan Aral syn ofsieren (Kou foar yntimy).

Yn Vorbarr Sultana oankommen kriget Cordelia by tafal te hearren dat it skûlplak fan in tsjinstanner fan Vordarian oan dy syn trewanten trochspile wurde sil. It blykt Padma Vorpatril, in freon fan de Vorkosigans, te wêzen, dy't troch Vordarian socht wurdt om't er de lêste telch is fan in sydtûke fan it Keizerlik Hûs (en dus in bedriging). Cordelia-en-dy arrivearje tagelyk mei Vordarian syn mannen en kinne net foarkomme dat Vorpatril deade wurdt, mar se rêde syn frou Alys, dy't op alle dagen rint en troch de skok yn 'e weeën komt. Mei Bothari as froedfrou wurdt de kreamerij halje-trawalje oan kant brocht, wêrnei't Kou mei mem en bern de stêd út en yn feilichheid stjoerd wurdt.

Letter dy nachts slagget it Cordelia, Drou en Bothari en glûp temûk it paleis yn, dêrby gebrûk meitsjen fan Drou har kennis fan it gebouwekompleks, mei't hja foarhinne liifwacht fan 'e keizerinne-mem Kareen west hat. Ienris yn it paleis wurde se lykwols trappearre en finzennommen. Troch de dieden fan Kareen, oan wa't ferteld wie dat de Vorkosigans har soan Gregor om hals brocht hiene, mar dy't no fan Cordelia it bewiis kriget dat it krekt oarsom is, witte se harren bewekkers te oermasterjen, mar dêrby wurdt Kareen sels deasketten troch ien fan Vordarian syn trewanten, wylst it paleis by de wrakseling yn 'e brân rekket. As Vordarian har taraast dat er nea opjaan sil, jout Cordelia Bothari it frij om him dea te dwaan; Bothari slacht him mei in swurd de holle ôf. Dêrnei ûntsnappe Cordelia, Drou en Bothari yn in apokalyptyske sêne it baarnende paleis mei Miles syn replikator en Vordarian syn holle. Mei dat bewiis dat de pretendint dea is, jouwe syn oanhingers de striid op. Neitiid wurdt it ûnderrjocht fan 'e jonge keizer oan Cordelia opdroegen, mei fiergeande konsekwinsjes foar de planeet, om't hja him alderlei progressive Bêtaanske ideeën bybringt dy't op it aartskonservative Barrayar dan noch ûntinkber binne.

Oan 'e ein fan Barrayar wurdt Miles Vorkosigan einlings berne (of "dekantearre") út syn uterusreplikator. Troch syn bleatstelling oan it teratogeen hat er ûnbidich fragile bonken, dy't by it minste of geringste al brekke, en sil fierders syn lichemsgroei nea ta folle ûntwikkeling komme. Op Barrayar binne poppen mei oanberne lichaamlike brekmen net ûngewoan, fanwegen de minskfijannige planetêre natoer en de radioaktive strieling dy't in oanhâldend gefolch is fan 'e troch de oerhearskers brûkte wapens yn 'e tiid fan 'e Cêtagandyske besetting. Om't it libben op Barrayar dreech wie en de helpboarnen beheind, waarden sokke poppen tradysjoneel deade, al is dat tsjin 'e tiid fan Miles syn berte al ferbean. Likegoed wurde sokke "múttys" (koart foar "mutanten") noch altiten ferachte en mijd. Miles sil, al is der op genetysk mêd neat mis mei him, syn hiele libben mei sokke foaroardielen te krijen hawwe, te begjinnen mei syn eigen pake, Piotr Vorkosigan, dy't him mear as ien kear besocht hat te "abortearjen" troch de uterusreplikator út te setten. Pas yn 'e epilooch, dy't fiif jier letter spilet, liket Piotr Miles einlings, sij it mei tsjinnichheid, te akseptearjen as syn pakesizzer.

Oersettings[bewurkje seksje | edit source]

  • Flag of Germany.svg Dútsk (Barrayar), fert. Michael Morgental, 1993;
  • Flag of France.svg Frânsk (Barrayar), fert. Michel Deutsch, 1993;
  • Flag of Italy.svg Italjaansk (Barrayar), fert. Gianluigi Zuddas, 1993;
  • Flag of Spain.svg Spaansk (Barrayar), fert. Margara Auerbach, 1994;
  • Flag of Bulgaria.svg Bulgaarsk (Barajar), fert. Krum Bačvarov, 1995;
  • Flag of Poland.svg Poalsk (Barrayar), fert. Paulina Braiter-Ziemkiewicz, 1996;
  • Flag of Russia.svg Russysk (Barrajar), fert. T. Čerjezova, 1996;
  • Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk (De Planeet Barrayar), fert. Josephine Ruitenberg, 1999;
  • Flag of Israel.svg Hebrieusk (Barrayar), fert. Boaz Weiss, 2000;
  • Flag of Japan.svg Japansk (Barayā Nairan), fert. Ayako Ogiso, 2000;
  • Flag of Croatia.svg Kroätysk (Barrayar), fert. Martina Aničić, 2004;
  • Flag of the People's Republic of China.svg Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Flag of the Czech Republic.svg Tsjechysk (Barrayar), fert. Michael Střelec Pešťák, 2008;
  • Flag of Estonia.svg Estysk (Barrayar), fert. Kaur Sinissaar, 2009.[2]

Prizen en Nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Wûn de Hugo Award foar de bêste roman fan 1991;
  • wûn de Locus Award foar de bêste roman fan 1991;
  • wûn de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1991;
  • wûn de Rickie Award foar de bêste science fiction-roman fan 1991, yn in stimming holden ûnder it publyk fan 'e tillevyzjesearje Prisoners of Gravity fan Toronto SFTV;
  • nominearre foar de Nebula Award foar de bêste roman fan 1991;
  • nominearre foar de SF Chronicle Award foar bêste roman fan 1992;
  • de Japanske oersetting Barayā Nairan, fan Ayako Ogiso, waard nominearre foar de Seiun-priis foar de bêste oersetting fan in bûtenlânske roman fan 2001.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 594-596.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

De Vorkosigan-kroniken
Dreamweaver's Dilemma | Falling Free | Shards of Honor | Barrayar | The Warrior's Apprentice | The Mountains of Mourning | The Vor Game | Cetaganda | Ethan of Athos | Labyrinth | The Borders of Infinity | Brothers in Arms | Borders of Infinity (ramtferhaal) | Mirror Dance |
Memory | Komarr | A Civil Campaign | Winterfair Gifts | Diplomatic Immunity | Captain Vorpatril's Alliance | CryoBurn